Marriott International

Marriott International is in ynternasjonaal operearjend Amerikaansk horekabedriuw, dat in breed skala oan hotels, resorts en oare keamerferhierfasiliteiten omfettet, sawol yn eigen besit as útjûn oan oare ûndernimmers yn 'e foarm fan franchises. It bedriuw waard yn 1927 oprjochte troch J. Willard Marriott en hat him sûnt ûntjûn ta it grutste hotelbedriuw fan 'e wrâld. Marriott omfiemet 30 merken, wêrûnder Marriott, Ritz-Carlton en Sheraton, mei mear as 1,2 miljoen hotelkeamers op mear as 6.500 lokaasjes yn 130 ûnderskate lannen en territoaria. It haadkertier fan it bedriuw is fêstige yn Bethesda, yn 'e Amerikaanske steat Marylân, ûnder de reek fan Washington, D.C.

Marriott International
algemien
hist. namme Hot Shoppes, Inc.
Marriott Corporation
nasjonaliteit Amerikaansk
type publyk
sektor horeka
haadkertier Bethesda (Marylân)
oprjochte 1927
oprjochter J. Willard Marriott
Alice Marriott
eigner fam. Marriott
dochters Marriott
Ritz-Carlton
Sheraton
Starwood
sjoch fierder: ûnderdielen
sifers
omset $20,8 miljard (2018)
winst $1,9 miljard (2018)
wearde $23,7 miljard (2018)
aktyf yn hiele wrâld
wurknimmers 177.000 (2018)
tal lokaasjes 6.520 (2017)
offisjele webside
marriott.com

Marriott waard yn 1927 oprjochte troch J. Willard Marriott en dy syn frou Alice Sheets Mariott, doe't se yn 'e Amerikaanske haadstêd Washington, D.C. in kream foar frisdrinken iepenen. J. Willard Marriott wie in mormoanske sindeling dy't derfan oertsjûge rekke wie dat de ynwenners fan 'e Washington yn 'e neare simmers wol wat koel drinken brûke koene. Neitiid wreiden de Marriotts harren saak út ta de restaurantkeatling Hot Shoppes, dy't yn 1953 in beursnotearring krige.

It bedriuw iepene syn earste hotel, it Twin Bridges Motor Hotel, yn Arlington (Firginia), yn 1957. It twadde hotel, it Key Bridge Marriott, ek yn Arlington, is hjoed de dei it langst iepene hotel fan Marriott International; it fierde yn 2019 syn sechstichjierrich jubileum. Yn 1967 waard Hot Shoppes omneamd ta de Marriott Corporation. Bill Marriott, de soan fan 'e stifters, late it bedriuw ûnder syn mear as fyftichjierrige karriêre by in spektakulêre wrâldwide groei. Yn maart 2012, doe't er tachtich jier waard, droech er de deistige lieding fan Marriott International oer oan algemien direkteur Arne Sorenson, wylst er sels foarsitter fan 'e ried fan bestjoer waard.

 
It haadkertier fan Marriott International yn Bethesda.

Yn 1976 iepene Marriott ûnder de namme Marriott's Great Amerca twa ferdivedaasjeparken. It iene (no Six Flags Great America) lei fuort bûten Chicago, wylst it oare (no California's Great America) by San Francisco lei. Beide parken waarden yn 1984 troch Marriott fan 'e hân dien. Yn 1993 waard de Marriot Corporation opspjalten yn twa selsstannige bedriuwen: Marriott International en Host Marriott Corporation. Yn 1995 wie Marriott it earste hotelbedriuw yn 'e wrâld dat klanten de mooglikheid bea om online reservearrings te boeken.

Yn 1995 en 1996 naam Marriott foar nei skatting $531 miljoen in belang fan 49% yn The Ritz-Carlton Hotel Company, in hotelkeatling yn swierwaar mei in oansjenlik tal lokaasjes dy't ferlies litten of it mar kwealk lyk krije koene. De lieding fan Marriott wie derfan oertsjûge dat Ritz-Carlton mei it juste bestjoer wer libbensfetber makke wurde koe. Troch in restrukturearring en de goedfolde ponge fan Marriott klaude Ritz-Carlton neitiid yndie wer by de wâl op. Yn 1998 waard de bân tusken de beide bedriuwen konsolidearre doe't Marriott in mearderheidsbelang yn Ritz-Carlton naam.

It Marriott World Trade Center, yn New York, waard yn 2001 ferwoastge ûnder de terroristyske oanslaggen fan 9/11. Op 5 augustus 2003 kamen 12 minsken om by in bomoanslach op it Marriott Hotel yn 'e Yndonezyske haadstêd Djakarta troch islamistyske terroristen. Op 20 septimber 2008 wie der in bomoanslach op it Marriott Hotel yn 'e Pakistaanske haadstêd Islamabad, wêrby't teminsten 54 minsken omkamen en nochris 266 ferwûne rekken. En op 17 july 2009 foelen der 9 deaden by twa bomoanslaggen op it JW Marriott Hotel en it Ritz-Carlton yn Djakarta.

 
Marriott World Trade Center nei de oanslaggen fan 9/11.

Yn 2002 sette Marriott útein mei in grutskalige reorganisaasje fan 'e eigen bedriuwsstruktuer, wêrby't ferskate râne-aktiviteiten ferkocht waarden sadat it bedriuw him folslein op it hotelwêzen talizze koe. Yn 2004 waard Ramada International Hotels & Resorts ferkocht oan Cendant. Fan septimber 2006 ôf mocht der yn 'e lokaasjes fan Marriott yn Noard-Amearika net mear smookt wurde.

Yn 2014 krige Marriott International in boete fan $600.000 oplein troch de Amerikaanske Federal Communications Commission (FCC) om't it yn syn Gaylord Opryland Resort & Convention Center yn Nashville mei opsetsin de eigen wi-fi-ferbinings fan 'e mobile tillefoans fan konvinsjebesikers blokkearre, mei as doel om dy lju te twingen om te beteljen foar de wi-fi-ferbining fan Marriott sels, dêr't in healwiis hege priis foar rekkene waard. Marriott reägearre op 'e boete troch de FCC om 'e nocht te fersykjen en feroarje de regels, mar moast syn krewearjen dêrta begjin 2015 stake doe't de saak bekendheid krige en klanten begûnen fuort te rinnen.

Yn 2015 kocht Marriott de Kanadeeske hotelkeatling Delta Hotels oan, en datselde jiers waard ek it Amerikaanske Starwood Hotels en Resorts Worldwide oanskaft foar de priis fan $13,6 miljard. Op 30 novimber 2018 makke Marriott bekend dat Starwood it slachtoffer wurden wie fan in hacking, wêrby't de persoanlike ynformaasje fan "minder as 383 miljoen" hotelgasten stellen wie.

Bedriuwsomfang en finânsjes

bewurkje seksje

It haadkertier fan Marriott International is fêstige yn Bethesda, yn 'e Amerikaanske steat Marylân, ûnder de reek fan Washington, D.C. Yn 2017 hie it bedriuw 6.520 lokaasje yn 'e hiele wrâld, mei (yn 2018) likernôch 177.000 wurknimmers. De totale wearde fan Marriott International bedroech yn 2018 $23,7 miljard. De opbringst wie datselde jiers $20,8 miljard, mei in brutowinst (foar ôflûk fan belesting en rintekosten) fan $2,4 miljard en in nettowinst fan $1,9 miljard.

 
It Marriott yn Detroit is ien fan 'e heechste hotels fan it Westlik Healrûn.
 
It San Diego Marriott Marquis & Marina yn San Diego.
 
Frenchman's Cove, yn 'e Amerikaanske Famme-eilannen, in Marriott Vacation Club-resort.
lúkse hotels
hegere klasse-hotels
premiumklasse-hotels
selectklasse-hotels
longstay-akkomodaasjes

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.