Nij-Ingelân

(Trochferwiisd fan Nij Ingelân)

Nij-Ingelân (Ingelsk: New England) is in regio yn it uterste noardeasten fan 'e legere 48 steaten fan 'e Feriene Steaten, dy't foarme wurdt troch seis Amerikaanske steaten: Fermont, Konettikut, Maine, Massachusetts, Nij-Hampshire en Rhode Island. De krite wurdt yn it noarden begrinzge troch de Kanadeeske provinsje Kebek; yn it easten troch de Kanadeeske provinsje Nij-Breunswyk en troch de Atlantyske Oseaan; yn it suden troch de See-ingte fan Long Island, in see-earm fan 'e Atlantyske Oseaan; en yn it westen troch de Amerikaanske steat New York.

De lokaasje fan Nij-Ingelân yn 'e Feriene Steaten.

It gebiet omfettet it grutste part fan 'e ierste Ingelske delsettings yn Noard-Amearika, en is it meast op Jeropa lykjende diel fan 'e Feriene Steaten, sawol kwa romtlike oardering en arsjitektuer as wat de mentaliteit fan 'e ynwenners oangiet. Hoewol't de namme Nij-Ingelân gjin offisjele geografyske oantsjutting is, wurdt de term noch altiten rûnom brûkt om 'e mienskiplike kultuer, sosjology, ekonomy, etnysk erfskip, geografy en floara en fauna fan 'e seis steaten oan te jaan, of gewoan as in ôfkoarting sadat men al dy relatyf lytse steatsjes net hoecht op te neamen.

De tradisjonele flagge fan Nij-Ingelân.

De ierste kolonisaasje fan it gebiet fûn plak yn 1620, doe't oan 'e kust de Plymouth-koloanje stifte waard. Tsien jier letter sette in groep puriteinen him nei wenjen yn Boston, dêr't se Massachusetts stiften. Yn 1633 fûn de earste kolonisaasje fan Konettikut plak, en yn 1636 dy fan Rhode Island. Fermont, Nij-Hampshire en Maine hearden earst lange tiid ta Massachusetts, en makken har dêr pas letter fan los, mei Maine as lêste, yn 1820. Oardel iuw lang spilen de Nijingelânske kolonisten in wichtige rol yn 'e oanhâldende oarloggen fan 'e Britten tsjin 'e Frânsen en harren Yndiaanske bûnsgenoaten, om 'e hegemony yn Noard-Amearika, oant de Frânsen yn 1863 definityf frijwol al harren koloniale besittings dêre opjaan moasten.

Koarte tiid letter ûntstie der yn 'e Nijingelânske koloanjes ferset tsjin it besykjen fan it Britske parlemint om nije belestings op te lizzen sûnder dat de fertsjintwurdigers fan 'e kolonisten dêr yn kend wiene. De Boston Tea Party wie in protest wêrby't kolonisten ferklaaid as Yndianen de ladingen tee fan ferskate Britske skippen yn 'e haven fan Boston oerboard smieten. Dêrop reägearre it Britske regear mei in rige strafmaatregels, wêrûnder it ferstellen fan it selsbestjoer fan 'e Nijingelânske koloanjes, dy't de kolonisten de "Net te Fernearen Wetten" (Intolerable Acts) neamden. Uteinlik late it konflikt yn 1775 ta in iepen oarloch, wêrby't yn 1776 de Britske autoriteiten út 'e koloanjes ferdreaun waarden en de ûnôfhinklikheid útroppen waard. Dat wie it oanbegjin fan 'e Feriene Steaten, dy't yn 1783 troch Grut-Brittanje as selsstannich lân erkend waarden.

 
In hjersttafriel yn Stowe, yn Fermont.

Neitiid fûnen guon fan 'e earste en wichtichste bewegings fan 'e Amerikaanske literatuer, filosofy en keunst harren oarsprong yn Nij-Ingelân. De beide wichtichste en meast prestizjeuze universiteiten fan 'e Feriene Steaten binne fêstige yn Nij-Ingelân (de Universiteit fan Harvard, te Cambridge, yn Massachusetts, en de Universiteit fan Yale, te New Haven, yn Konettikut). De regio wie de earste yn 'e Feriene Steaten dy't omfoarme waard troch de Yndustriële Revolúsje. Tsjintwurdich is it in sintrum fan kultuer, ûnderwiis, technology, genêskunde en it bank- en fersekeringswêzen, mei de stêd Boston as wichtichste agglomeraasje. Sûnt 1970 is Nij-Ingelân yn polityk opsjoch in bolwurk wurden fan 'e Demokratyske Partij en fan ûnôfhinklike kandidaten; de Republikeinen krije der mar selden mear foet oan 'e grûn.

De seis steaten fan Nij-Ingelân hawwe mei-inoar (neffens in offisjele skatting út 2013) in befolking fan likernôch 14.620.000 minsken op in mienskiplik oerflak fan 186.459 km², wat in befolkingstichtens fan 78,4 minsken de km² opsmyt. De befolking is fierhinne fan Noardjeropeesk komôf, mei in oansjenlik groep dy't Súdjeropeeske foarâlden hat. Neffens sifers út 2006-2008 binne de tolve grutste etnyske groepen: de Ieren (20,5%), Frânsen en Frânsk-Kanadezen (10,3%), Italjanen (13,7%), Ingelsen (13,0%), Dútsers (8,2%), Latino's (7,9%), Poalen (5,5%), Afro-Amerikanen (5,3%), Portegezen (3,4%), Skotten (3,0%), Ulstersen of Noardierske protestanten (2,0%) en Russen (1,7%). De Frânsen en Frânsk-Kanadezen binne benammen sterk fertsjintwurdige yn it noarden fan Maine, Nij-Hampshire en Fermont; yn noardlik Maine libbet in tradisjonele Frânsktalige minderheid dy't in beskate erkenning fan 'e steatsoerheid genietet. De Portegezen binne fral konsintrearre yn Rhode Island, wylst Boston en omkriten fan âlds in Iersk bolwurk wiene en de Italjanen benammen yn westlik Konettikut libje. De oarspronklike, lânseigen bewenners, de Yndianen, meitsje tsjintwurdich noch mar in te ferwaarleazgjen persintaazje fan 'e Nijingelânske befolking út.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, References en Further reading, op dizze side.