Arapaho (taal)

(Trochferwiisd fan Noardlik Arapaho (dialekt))

It Arapaho (Ingelsk: Arapaho of Arapahoe, útspr.: [æ'ɹæpǝho:u]; Arapaho: Hinóno’eitíít, útspr.: [hɪnonoʔeitɪ:t]) is de lânseigen taal fan 'e Arapaho, in Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. It wurdt noch sprutsen yn 'e Amerikaanske steaten Wyoming en Oklahoma, mar it hat nearne offisjele status, noch genietet it erkenning. Hoewol't it mei it Arapaho sûnt de ein fan 'e njoggentjinde iuw slim yn it neigean rekke is, en der noch mar sa'n 250 memmetaalsprekkers oer binne, hat in yngeand ûnderwiisprojekt der sûnt 1993 foar soarge dat de taal yn 2007 troch sa'n 1.000 jonge Arapaho as twadde taal sprutsen waard.

Arapaho
algemien
oare namme(n) Arapahoe
eigen namme Hinóno’eitíít
lânseigen yn Feriene Steaten
tal sprekkers 250 (2008)
skrift Latynsk alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Algysk
   ● Algonkwynsk
      ● Flakte-Algonkwynsk
         ● Arapahoosk
            ● Arapaho-Atsina
               ● Arapaho
dialekten Noardlik Arapaho; Súdlik
Arapaho
; (?) Besawûnena
taalkoades
ISO 639-2 arp
ISO 639-3 arp

Taalbesibskip en dialekten

bewurkje seksje

It Arapaho heart ta de Algonkwynske talen, krekt as bygelyks it Odjibwe (Ojibwe), Ottawa, Kry (Cree), Potawatomy (Potawatomi), Swartfuotsk (Blackfoot), Sjâny (Shawnee) en Delawêr (Delaware). Mei it Swartfuotsk, it Sjajinsk (Cheyenne) en in stikmannich talen dy't no útstoarn binne, foarmet it Arapaho de Flakte-Algonkwynske taalkloft. De neiste sibbe fan it Arapaho wie it Gro Wânt (Gros Ventre), dat yn 1981 útstoar.

It Besawûnena (Besawunena), dat oant yn 'e 1920-er jierren sprutsen waard ûnder de Noardlike Arapaho, wie mooglik ienfâldichwei in dialekt fan it Arapaho, mar is inkeld bekend fan in wurdlist fan 'e taalkundige Alfred L. Kroeber. En it Nawatinehena (Nawathinehena), dat allinne mar oerlevere is yn in wurdlist fan Kroeber dy't datearret fan 1899, soe de oarspronklike taal fan 'e Súdlike Arapaho west hawwe kinne, dy't se earne yn 'e midden of de twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw opjoegen yn it foardiel fan it Arapaho.

It Arapaho fan hjoed de dei kin opdield wurde yn twa dialekten, it Noardlik Arapaho en it Súdlik Arapaho, fan resp. de Noardlike Arapaho en de Súdlike Arapaho. Lykwols binne dy beide taalfoarmen sûnder muoite ûnderling fersteanber. It Noardlik Arapho wurdt sprutsen yn it Wind River Yndianereservaat fan Wyoming, en it Súdlik Arapaho yn westlik Oklahoma.

It persize tal Arapaho-sprekkers is ûnbekend, mar yn 2008 waard troch de skriuwers fan in nije grammatika fan it Arapaho rûsd dat de taal noch sa'n 250 sprekkers hie dy't it as earste taal brûkten (1,8% fan 'e Arapaho as etnyske groep), mei dêropta noch "aardich wat" ("quite a few") lju dy't it sels net sprieken mar it wol skoan ferstean koene. It grutste part fan 'e sprekkers wie te finen yn Wyoming, ûnder de Noardlike Arapaho, dêr't de measten 50 jier of âlder wiene. Fan 'e Súdlike Arapaho, yn Oklahoma, spriek mar in "hantsjefol minsken" de taal noch, "allegear by de tachtich jier om of noch âlder". Bûten it húslik fermidden wie it gebrûk fan it Arapaho tige beheind, al waard it wol yn guon films sprutsen (foar it meastepart westerns), en de Bibel kaam yn 1903 foar in diel yn 'e taal út.

Sûnt de tachtiger jierren wurdt der benammen ûnder de Noardlike Arapaho yn it Wind River Reservaat krewearre foar it behâld fan 'e eigen taal. In súksesfol "ûnderdompelingsprojekt" (d.w.s. yn 'e taal), de Arapaho Language Lodge ("Arapaho Taaltinte"), sette yn 1993 útein, en neffens sifers út 2007 wiene der doe alwer sa'n 1.000 jonge Arapaho dy't de eigen taal sprieken, sij it as twadde taal, nei it Ingelsk. Yn 2008 gie der yn it Wind River Reservaat yn it ramt fan it Arapaho Project in skoalle iepen om it Arapaho oan jonge bern te learen. Sadwaande bestiet er in goede en reälistyske hope dat de taal oerlibje sil, mar nettsjinsteande dat wurdt it Arapaho noch altyd beskôge as in bedrige taal, fanwegen it relatyf lytse tal memmetaalsprekkers en it feit dat dat groepke troch ferâldering en ferstjerren noch hieltyd krimpende is.

It Arapaho wurdt skreaun mei in Latynsk alfabet dat út mar 16 letters bestiet: b, c, e, h, i, k, n, o, s, t, 3, u, w, x, y en ’.

B b C c E e H h I i K k N n O o
S s T t 3 3 U u W w X x Y y ’ ’

Der binne fjouwer lûden: e ([ɛ] as yn "lek"), i ([ɪ] as yn "fisk"), o ([ɔ] as yn "hok") en u ([ʊ], in klank dy't tusken de o fan "bok" en de u fan "put" yn sit, bekend fan it Ingelske wurd "blood"). Opmerklikernôch beskikt it Arapaho, oars as 98% fan 'e talen yn 'e wrâld, net oer efterfokalen, lykas de a. Alle fjouwer Arapaho-fokalen komme foar yn in koarte foarm (lykas hjirboppe werjûn), en yn in langenien: ee ([ɛ:] as yn "bêd"), ii ([ɪ:]; de i fan "fisk", mar langer oanholden), oo ([ɔ:] as yn "rôt") en uu ([ʊ:]; de klank fan it Ingelske "blood", mar langer oanholden). De langte fan 'e fokalen is fonemysk ûnderskiedend, lykas yn hísi ("tiik") en híísi ("dei") (krekt sa't it dat yn it Frysk ek wêze kin, ferlykje "wat" en "wâld"). Yn it Arapaho kinne wurden net mei in fokaal begjinne, en dêrom wurdt der as begjinklank in h tafoege as de ûnderlizzende wurdfoarm oan it begjin in lûd hat ynstee fan in bylûd. Op it mêd fan twaklanken hat it Arapaho de kombinaasjes ei [ei], eii [ei:], ie [ie], oe [oe], oee [oe:], ou [ou] en ouu [ou:]. De skerptekens op 'e lûden jouwe de toan oan, want krekt as it Sineesk is it Arapaho in tonale taal, wêrby't ferskillende toanen in wurd ferskillende betsjuttings jaan kinne. Der binne twa toanen: heech (werjûn mei it skerpteken}, en leech (net werjûn).

Fan 'e bylûden wurde de b, h, k, n, s en t krekt sa útsprutsen as yn it Frysk. De letters c [ʧ], w [w], x [x] en y [j] binne ek bekend, as de tsj fan "tsjerke", de w fan "skowe", de ch fan "berch", resp. de j fan "jas". De 3 stiet foar de stimleaze th ([θ], lykas yn it Ingelske "thin"); de reden dat dy klank mei it sifer 3 skreaun wurdt, is dat it skriuwen fan diakrityske tekens en oare bysûnderheden yn it tiidrek fan 'e typmasine problematysk wie, wylst de 3 altyd beskiber wie (de 3 waard útkeazen om't it Ingelske wurd "three" mei deselde klank begjint). Bliuwt oer de apostrof (’), dy't in glottisslach ([ʔ] werjout, de klank tusken de beide gelikense lûden yn "Aäron" of "koöperaasje". It Arapaho beskikt fierders oer ferskate allofoanen, klanken dy't allinnich mar yn beskate posysjes foarkomme as farianten fan oare klanken. Sa ferliest de b foar oare bylûden of oan 'e ein fan in wurd syn stim en wurdt er útsprutsen as [p]. De plofklanken [ʧ], [k] en [t] wurde almeast sûnder aspiraasje (in lyts h-ke derefteroan, bekend fan "Marthinithoren") útsprutsen, mar wurde aspirearre foar oare bylûden en oan 'e wurdein. Krekt as alle Algonkwynske talen hat it Arapaho in agglutinearjende morfology, wat betsjut dat it bykommende begripen in soad as foar-, tusken- en efterheaksels yntegrearret yn it haadbegryp. Dêrtroch kinne soms hiele sinnen yn ien wurd fongen wurde. Om dêr in foarbyld fan te jaan: it wurd héétbih’ínkúútiinoo betsjut "ik sil it ljocht útdwaan".

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, References en Further reading, op dizze side.