Noardlike Panhandle fan West-Firginia

De Noardlike Panhandle fan West-Firginia oftewol it "noardlike panhânsel fan West-Firginia", is in diel fan 'e Amerikaanske steat West-Firginia dat útstiket nei it noarden ta. It is ien fan twa útstykjende dielen fan 'e steat; it oare is de Eastlike Panhandle fan West-Firginia. De Noardlike Panhandle leit ynklamme tusken de buorsteaten Ohio yn it westen en noarden en Pennsylvania yn it easten. De westgrins wurdt foarme troch de rivier de Ohio, wylst it gebiet yn it suden oan 'e rest fan West-Firginia fêstsit.

De Amerikaanske steat West-Firginia mei de Noardlike Panhandle (4 countys) werjûn yn read.

De Noardlike Panhandle bestiet tanksij de lânoanspraken fan 'e oarspronklike Britske koloanje Firginia, dy't foar in konflikt soargen mei de koloanje Pennsylvania, dy't it gebiet as syn eigen besit beskôge. Dizze strideraasje waard yn 'e 1780-er jierren yn it foardiel fan Firginia beslist, en doe't West-Firginia him yn 1863 ôfskate fan 'e Amerikaanske steat Firginia, kaam de Noardlike Panhandle sadwaande by de nije steat te hearren.

Hjoed de dei bestiet de Noardlike Panhandle bestjoerlik út fjouwer countys, dy't yn 'e smelle krite op in inkelfâldige rige lizze. Fan noard nei súd binne dat:

Yn West-Firginia sels wurdt faak ek Wetzel County noch ta de Noardlike Panhandle rekkene, dat net yn it eigentlike útstykjende diel fan 'e steat leit, mar drekt súdlik dêrfan, tsjin Marshall County oan. As men útgiet fan allinnich de fjouwer noardlike countys, dan beslacht de Noardlike Panhandle yn totaal in oerflak fan 1.556 km². Neffens de Amerikaanske folkstelling fan 2010 hie it gebiet doe in befolking fan 132.000 minsken, wat delkomt op in befolkingstichtens fan 84,8 minsken de km². De grutste stêd yn 'e Noardlike Panhandle is Wheeling, dat mei 28.000 ynwenners yn grutte it fyfde plak fan hiel West-Firginia is.

De Noardlike Panhandle fan West-Firginia leit feitliks benoarden de Mason-Dixonline (dy't de grins tusken Marshall County en Wetzel County folget. Dat wie yn 'e njoggentjinde iuw de skiedsline tusken de slavehâldende steaten fan it Amerikaanske Suden en de frije Noardlike steaten. Mei as gefolch dêrfan hawwe de ynwenners fan 'e Noardlike Panhandle gefoelsmjittich net folle op mei it Suden, hoewol't West-Firginia as gehiel dêr wol ta rekkene wurdt. Op it mêd fan 'e pleatslike kultuer heart de Noardlike Panhandle lykwols eins by it Amerikaanske Midwesten, en troch de neite fan it gebiet ta de grutte stêd Pittsburgh, yn it oanswettende Pennsylvania, is men dêr ekonomysk fierhinne op rjochte. De pleatslike ekonomy stipet benammen op 'e stiel- en glêsyndustry, hoewol't in protte fabriken sûnt de 1970-er jierren tichtgien binne. Datoangeande wurdt de Noardlike Panhandle gauris ta de saneamde Rust Belt rekkene. Fierders is de mynbou wichtich, mei't yn it gebiet ek it Stienkoalfjild fan de Panhandle leit.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.