Notre-Dame fan Caudebec-en-Caux

De Us-Leaffrouwe fan Caudebec-en-Caux (Frânsk: Notre-Dame fan Caudebec-en-Caux) yn 'e gemeente Rives-en-Seine yn it Frânske departemint Seine-Maritime yn 'e regio Normandje is in monumintale letgoatyske tsjerke.

Us-Leaffrouwe fan Caudebec-en-Caux

Notre-Dame de Caudebec-en-Caux

Lokaasje
lân flagge fan Frankryk Frankryk
regio Normandje
departemint Seine-Maritime
plak Caudebec-en-Caux (Rives-en-Seine)
adres Rue Jean-Léon Le Prévost
koördinaten 49° 31' N 0° 43' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
patroanhillige Marije
Arsjitektuer
boujier 11e iuw, 1382, 1426
boustyl Flamboyante gotyk
monumintale status histoarysk monumint
Webside
Side fan de Sint-Benediktusparochy fan Caudebec-en-Caux
Kaart
Notre-Dame fan Caudebec-en-Caux (Frankryk)
Notre-Dame fan Caudebec-en-Caux

De tsjerke waard boud op it plak fan in eardere abdijtsjerke fan in merovingysk nonnekleaster. De hjoeddeiske goatyske tsjerke ûntstie yn trije grutte boufazes (11e iuw, 1382 en 1426). Tsjin it ein fan 'e 14e iuw en oan it begjin fan 'e 15e iuw waard de tsjerke beskreaun as relatyf lyts, âld en tsjuster mei mooglik nog romaanske dielen.

 
Bylden

Tusken 1426 en 1484 ferboude de arsjitekt Guillaume Letellier de tsjerke yn flamboyante goatyske styl. De klokketoer mei de spits waard om 1530 hinne foltôge.

Yn 'e tiid fan 'e godstsjinstkrigen yn Frankryk waard de Notre-Dame de Caudebec-en-Caux yn 1562 skansearre. Mear skea trof de tsjerke yn 'e Frânske Revolúsje. It oargel bleau doe lykwols relatyf goed bewarre, om't de doetiidske organist patriottyske stikken spile.

De spits waard yn e jierren 1880 restaurearre troch de diosesane arsjitekt Louis Sauvageot. It wurk liede ta strideraasje om't de arsjitekt tefolle fan it oarspronklike ûntwerp ôfwike soe.

De brân dy't nei in Dútsk bombardemint fan 10 en 11 juny ûntstie, ferneatige 80% fan de stêd, mar de tsjerke bleau sparre. It fjoer fan de houten steigers om it westlike portaal feroarsake it ranen fan de klokken yn de toer. It raande brûns waard ûnder it pún ferstoppe om tefoarren te kommen dat de Dútsers it brûke koene om dêr wapens mei te smijen, mar de skea twong de tsjerke de doarren oant 23 maart 1941 te sluten. By it alliearde bombardemint yn 1944 rekke de tsjerke op 'e nij skansearre.

Op de balustrade fan it dak steane (lykas ek op de galerij fan it haadportaal fan de katedraal fan Burgos yn Spanje) de goatyske wurden 'Pulcra es et decora út in fers út it Heechliet gravearre (6:3). It westlike portaal wie oarspronklik mei 333 bylden fersierd. Fral hilligen, mar ek bylden fan minsken út dy tiid, lykas in persoan mei de Normandyske ferzje fan in bonge, ien fan de seldsumer foarstellings fan in net mear besteand doedelsekeftich ynstrumint. Kalvinisten fernielden yn 'e godstsjintkriich in soad bylden. Mear skea waard feroarsake troch de bombardeminten fan juny 1940 en as gefolch dêrfan de brannen fan 'e omlizzende hûzen. De lytse bylden oan 'e súdlike kant fan 'e westlike gevel waarden lykwols rekonstruearre en yn 'e oarspronklike folchoarder wer oanbrocht.

De 54 meter hege klokketoer stiet oan 'e súdike kant fan it gebou. De trochbrutsen spits stie yn 'e regio model foar oare spitsen (bygelyks yn Norville) en stiet bekend om 'e trije mei blommen fersierde kroanen, bekend as de "tiara fan Caudebec".

Brânskildere ramen

bewurkje seksje
 
Lêste Nachtmiel

De ramen fan 'e tsjerke út de 15e-16e iuw binne ferneamd. Boppe it portaal fan it noardlike skip binne fjouwer ramen fan Ingelske makkelei út 'e begjintiid fan de tsjerke. Dy nei alle gedachten âldste ramen binne skonken troch Foulques Eyton, oanfierder fan in Britsk garnizoen yn 'e Hûndertjierrige Kriich. Ien dêrfan is de hillige Joaris, beskermhillige fan Ingelân. Dêrfoar oer is in raam fan Sint-Michael, patroanhillige fan Normandje. De ramen út dy tiid, fral dy fan 'e kapellen fan it noardlike sydskip, binne hilligen fan de ambachtsgilden, dêr't it warbere Caudebec fan dy tiid in soad fan hie.

Noch ferneamder binne de 16e-iuwske ramen, dy't yn 'e fjouwer kapellen fan de lêste twa traveeën fan 'e westlike kant te sjen binne. Yn 'e ûnderste finsters fan 'e westlike gevel binne twa renêssânse ramen, mooglik binne se makke yn it atelier fan Arnold fan Nimwegen, in Nederlânske glesker dy't ek de brânskildere ramen fan 'e Jeanne d'Arc-tsjerke fan Rouen makke. Dy ramen stellen foarstellings út it Alde Testamint en it libben fan Jezus foar: Jezus en de Samaritaanske oan 'e Jakobsboarne (súdlike sydskip, 1532), Mozes en it oerstekken fan 'e Reade See troch de Israeliten, it Lêste Nachtmiel, de Trije Kenings, it libben fan de hillige Jehannes de Doper en in Beam fan Jesse.

It oargel fan 'e tsjerke besit ien fan de moaiste Frânske renêssânse oargelkassen. It waard yn 1542 boud foar in nij ynstrumint fan de oargelbouwers Antoine Josseline and Gilbert Cocquerel út Rouen. De bruorren Levebre foegen yn 1738 in posityf mei trije klavieren ta, wertroch't it oargel meiïnoar fjouwer klavieren hie. By de restauraasje yn de jierren 2002-2005 troch Barthélemy Formente waard it oargel yn 'e steat fan 1738 werom brocht.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes et références, op dizze side.