Ballantine Books
Ballantine Books is in wichtige Amerikaanske útjouwerij dy't fêstige is yn New York en yn 1952 oprjochte waard troch útjouwer Ian Ballantine en dy syn frou Betty Ballantine, dy't allebeide earder by Bantam Books belutsen west hiene. Ballantine Books waard yn 1973 oernommen troch útjouwerij Random House, dy't op syn beurt yn 1998 oergie yn 'e hannen fan Bertelsmann AG.
Ballantine Books | ||
algemien | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
type | privaat | |
sektor | útjouwerij | |
haadkertier | New York (New York) | |
oprjochte | 1952 | |
oprjochter | Ian Ballantine en Betty Ballantine | |
eigner | Bertelsmann AG | |
mem | Random House | |
dochters | Del Rey Books Fawcett Publications Ivy Books One World Wellspring | |
offisjele webside | ||
www.ballantine.atrandom.com |
Skiednis
bewurkje seksjeNei't Fawcett Publications der yn 1950 as earste mei úteinsette om net earder útbrochte titels as paperback te publisearjen, waard dat foarbyld folge troch oare útjouwerijen, wêrûnder Lion Books, Avon en Ace Books. Doedestiden wie soks noch kontroversjeel, mei't paperbacks eins net foar fol oansjoen waarden, en sadwaande wiene in protte auteurs net botte gelokkich mei dizze ûntwikkeling. Ian Ballantine spile op dy ûntefredenens yn doe't er yn 1952 oankundige by syn nije útjouwerij boeken yn twa edysjes útbringe te sillen: in hardcover-útjefte foar de ferkeap yn boekhannels, en in goedkeapere paperback-útjefte foar ferkeap yn 'e kiosken.
By de publikaasje fan it earste boek troch Ballantine Books, de roman Executive Suite, fan skriuwer Cameron Hawley (1952), die bliken dat sa'n simultaanútjefte yn twa edysjes in grut súkses wie. Ballantine bestege de útjefte fan 'e hardcover, dy't $3,– koste, út oan Houghton Mifflin, wylst er sels de paperback fan 35¢ op 'e merk brocht. Tsjin febrewaris 1953 wiene der fan 'e hardcover 22.000 eksimplaren ferkocht, wylst fan 'e paperback 375.000 stiks oer de toanbank gien wiene. Ynstee dat it útbringen fan twa ferskillende edysjes de ferkeap fan beide beneidiele, sa't alle ekspêrs yn 't foar foarsein hiene, follen se inoar krekt oan. Troch dit súkses waard Ballantine Books daliks in fêstige namme yn 'e Amerikaanske útjouwerswrâld. Neitiid namen oare útjouwerijen deselde technyk oer.
Njonken mainstream-literatuer joech en jout Ballantine Books ek in protte science fiction- en fantasyboeken út. Yn 'e iere sechstiger jierren rekke de útjouwerij op dat mêd yn in ferneamde rivaliteit mei Ace Books ferwikkele om 'e Amerikaanske rjochten op it útjaan fan it wurk fan J.R.R. Tolkien en Egar Rice Burroughs yn paperback-foarm. Uteinlik wûn Ballantine dy striid en brocht de útjouwerij û.m. in paperback fan The Lord of the Rings út mei op it efterkaft in oprop fan Tolkien sels om dochs fral de útjeften fan Ballantine Books te keapjen en de ûnautorisearre edysjes fan Ace Books lizze te litten. Fierders brocht Ballantine yn 'e santiger jierren ek romanadaptaasjes fan 'e science fiction-tillefyzjesearje Star Trek út, en teffens The Making of Star Trek, in non-fiksjeboek skreaun troch tillefyzjemakkers Stephen E. Whitfield en Gene Roddenberry.
Yn 1982 naam Ballantine Books syn eardere konkurrint Fawcett Publications oer, dat in ymprint fan Ballantine waard. Del Rey Books waard yn 1977 as in ymprint fan Ballantine oprjochte. Yn 1987 waard de ymprint Ivy Books oprjochte foar Ballantine syn rige fan romantyske fiksje, folge troch One World, yn 1991, foar multykulturele literatuer, en Wellspring, yn 1999, foar spirituële boeken. Ballantine sels wie ûnderwilens yn 1973 oernommen troch Random House, en dus ek in ymprint wurden. Yn 1998 kaam it mei Random yn 'e hannen fan it Dútske útjouwersconcern Bertelsmann AG.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |