Ottawa Stamme fan Oklahoma

De Ottawa Stamme fan Oklahoma (Ingelsk: Ottawa Tribe of Oklahoma) is in federaal erkende Yndiaanske stamme-organisaasje yn 'e Feriene Steaten, dy't fêstige is yn it uterste noardeasten fan 'e steat Oklahoma. Dizze stamme bestiet út etnyske Ottawa, dy't yn 'e njoggentjinde iuw út it gebiet fan 'e Grutte Marren wei deportearre waarden, earst nei Kansas, en letter nei Oklahoma. De organisaasje hat likemin as oare Yndianestammen yn Oklahoma in eigen reservaat. Yn 'e tweintichste iuw gie ek de federale erkenning lange tiid ferlern, mar dy waard 1978 weromwûn. It haadkertier fan 'e Ottawa Stamme fan Oklahoma stiet yn 'e stêd Miami (Oklahoma).

Ottawa Stamme fan Oklahoma
Ingelsk Ottawa Tribe of Oklahoma
flagge
algemiene ynformaasje
lân Feriene Steaten
steat Oklahoma
haadkertier Miami (Oklahoma)
etnisiteit Ottawa
ledetal 2.500 (2011)
oprjochting 1936
status federale erkenning
erkenning Feriene Steaten
reservaat
reservaat opheft: 1837-1867 yn Kansas;
   1867-1891 yn Oklahoma
offisjele webside
www.ottawatribe.org
kaart
Ottawa Stamme fan Oklahoma (Oklahoma)
Ottawa Stamme fan Oklahoma
Lokaasje fan it haadkertier fan 'e stamme yn Oklahoma.

De leden fan 'e Ottawa Stamme fan Oklahoma binne etnyske Ottawa, in folk dat fan âlds in Algonkwynske taal sprekt en nau besibbe is oan 'e Odjibwe (Ojibwe), dy't ek wol Tsjippewa (Chippewa) neamd wurde. It heitelân fan 'e Ottawa is it gebiet fan 'e Grutte Marren, op 'e grins fan 'e Feriene Steaten en Kanada. Der binne fjouwer federaal erkende Ottawa-stammen yn 'e Feriene Steaten. Njonken de Ottawa Stamme fan Oklahoma binne dat de Grand Traverse Troep fan Ottawa en Tsjippewa Yndianen fan Michigan, de Little River Troep fan Ottawa Yndianen en de Little Traverse Bay Troepen fan Odawa Yndianen, allegear yn Michigan.

Neffens gegevens út 2011 hie de Ottawa Stamme fan Oklahoma doe likernôch 2.500 leden, wêrfan't lykwols mar 737 (of 29,5%) yn Oklahoma wennen. Oars as dat by in protte Amerikaanske Yndianestammen gebrûklik is, is it lidmaatskip fan 'e Ottawa Stamme of Oklahoma basearre op lineêre ôfstamming; men kin dus lid wurde as men ôfstammet fan in histoarysk lid fan 'e stamme, ek al is dat by wize fan sprekken ien betoerbeppe yn in fierders folslein blanke famylje. De measte Amerikaanske Yndianestammen hantearje as betingst foar it lidmaatskip in beskaat 'bloedkwoatum', wêrby't men bgl. foar teminsten in achtste part of in fjirde part Yndiaansk bloed hawwe moat.

 
Hjoeddeiske wengebieten fan 'e Ottawa.

Krekt as alle Ottawa komme de leden fan 'e Ottawa Stamme fan Oklahoma út it gebiet fan 'e Grutte Marren. De Ottawa makken dêr foarôfgeande oan 'e kolonisaasje fan dy krite mei de nau besibbe Odjibwe en Potawatomy diel út fan 'e tradisjonele Yndiaanske konfederaasje fan 'e Ried fan Trije Fjurren. Oarspronklik kamen de foarâlden fan 'e leden fan 'e Ottawa Stamme fan Oklahoma fan it eilân Manitoulin, yn 'e Hueronmar en fan it oangrinzgjende Bruce-skiereilân, beide no yn 'e Kanadeeske provinsje Ontario. Yn 'e tiid fan 'e pelshannel, rûchwei tusken 1650 en 1800, setten hja har nei wenjen yn 'e omkriten fan wat letter Detroit wurde soe en oan 'e rivier de Maumee, yn Ohio.

Yn 'e iere njoggentjinde iuw hiene de Ottawa yn Ohio, Illinois en súdlik Michigan ferskate Yndianereservaten: Blanchard's Fork, Roche de Bœuf en Auglaize. Yn 1830 naam it Amerikaanske Kongres lykwols de Wet op de Yndiaanske Ferwidering oan, wêrby't de deportaasje fan Yndiaanske stammen nei gebieten bewesten de Mississippy regele waard om romte te meitsjen foar blanke kolonisten. Neitiid waarden de Ottawa yn Ohio, Illinois en súdlik Michigan ûnder druk set om 'frijwillich' har lân op te jaan. Uteinlik tekenen harren foaroanlju yn 1833 in 'ferwideringsferdrach', wêrby't de Ottawa earst nij lân krije soene yn Iowa. Nei't it ferdrach al tekene wie, makke it Amerikaanske regear dêr lykwols ynstee Kansas fan, dat noch in stik fierder nei it westen ta lei.

De deportaasje fûn plak yn april 1837. Fan 'e 600 Ottawa dy't nei Kansas ta emigrearren, stoaren mear as 300 yn 'e earste twa jier, troch ûnderkuolling, útputting, ûnderfieding en om't se har net oanpasse koene oan it grutte klimaatferskil tusken de koele, fochtige wâlden fan Ohio en de drûge, hjitte flakten fan Kansas. Om as folk fuortbestean te kinnen, die de stamme in opmerklike ynvestearring yn 'e takomst fan harren bern. Fan 'e 74.000 acres (300 km²) lân dy't harren reservaat yn Kansas besloech, reservearren se 65 acres (26 ha) foar in skoalle en ferkochten se 20.000 acres (81 km²) om 'e bou en it ûnderhâld dêrfan te bekostjen. Dy skoalle ûntjoech him ta de Ottawa Universiteit, dy't noch altyd bestiet en hjoed de dei syn oarsprong yn eare hâldt troch leden fan 'e Ottawa Stamme fan Oklahoma fergees ûnderwiis te bieden.

De hjoeddeistige stêd Ottawa, yn Kansas, begûn as it haadplak fan it Ottawa Reservaat dêre. De Ottawa bleaune yn Kansas oant 1867, doe't de druk fan 'e Amerikaanske kolonisten te swier waard. Under lieding fan opperhaad John Wilson ferkocht de stamme doe al syn lân yn Kansas en kocht ynstee 14.863 acres (60 km²) lân yn 'e noardeasthoeke fan it Yndiaanske Territoarium (it lettere Oklahoma), fan 'e Eastlike Sjâny Stamme. By dizze twadde ferhuzing foel op 'e nij in grut tal deaden, en úteinlik wiene der noch mar 200 Ottawa oer dy't har op har nije lân nei wenjen setten.

 
De eardere Yndianereservaten yn Oklahoma. It reservaat fan 'e Ottawa is it (tige lytse) grize lapke yn 'e noardeasthoeke fan 'e steat.

It Ottawa Yndianereservaat yn Oklahoma bestie fan 1867 oant 1891. Yn 1887 naam it Amerikaanske Kongres de Wet-Dawes oan, wêryn't bepaald waard dat lân dat oant doe ta yn mienskiplik besit fan Yndianestammen west hie no ûnder yndividuële Yndianen ferdield wurde moast. Yn 1891 krigen op dy wize de restearjende 157 Ottawa yn Oklahoma allegear in eigen hoekje lân. Wat der dêrnei fan it reservaat oerbleau, waard troch it Amerikaanske regear yn beslach nommen en ferkocht oan blanke kolonisten.

Under it regear fan presidint Franklin D. Roosevelt waard yn 1936 de Wet op it Wolwêzen fan de Yndianen yn Oklahoma oannommen, dy't it begryp "eardere Yndiaanske reservaten yn Oklahoma" as in juridyske term yntrodusearre, en dêrmei in juridyske basis bea foar it bestean fan 'e reservaatleaze Yndianestammen fan Oklahoma. Datselde jiers noch herfoarmen de Ottawa harren bestjoer troch formeel de Ottawa Stamme fan Oklahoma as moderne stamme-organisaasje op te rjochtsjen. Nettsjinsteande dat waard de stamme ûnder it Yndiaansk terminaasjebelied fan it regear fan presidint Dwight Eisenhower yn 1956 syn federale erkenning ûntnomd. De Ottawa folhurden lykwols yn harren opposysje tsjin dat beslút, en nei jierren fan krewearjen waard harren stiifkoppigens beleanne doe't presidint Jimmy Carter op 15 maaie 1978 in wet tekene dy't harren har federale erkenning weromjoech.

De Ottawa Stamme fan Oklahoma wurdt bestjoerd troch in keazen Stammeried (Tribal Council), dy't yn 1979 troch it Amerikaanske Kongres erkend waard as de útfierende macht fan 'e stamme. De grûnwet fan 'e stamme datearret út datselde jier. It haadkertier fan 'e Ottawa Stamme fan Oklahoma is fêstige yn 'e stêd Miami (Oklahoma), en it tribaal jurisdiksjegebiet makket ûnderdiel út fan Ottawa County.

Foarsjennings

bewurkje seksje

De Ottawa Stamme fan Oklahoma jout syn eigen kentekens út en runt twa sigarewinkels, in benzinestasjon, in supermerk en in kasino, it High Winds Casino. Al mei al wurdt de jierlikse omset fan 'e stamme op $3 miljoen rûsd. Dat jild wurdt û.m. útjûn om in eigen sûnenssoarchprogramma en in mienskipssintrum yn Miami fan te beteljen. De stamme jout ek in eigen krante út, de Adawe News, en biedt kursussen yn 'e Ottawa-taal oan. Elts jier yn begjin septimber hâldt de Ottawa Stamme fan Oklahoma in eigen powwow.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side.