Pamela Brown (sjoernaliste)
Pamela Brown (folút: Pamela Ashley Brown; Lexington (Kentucky), 29 novimber 1983) is in Amerikaansk ferslachjouster, nijslêzeresse en sjoernaliste. Hja komt út in famylje fan politisy, mar hat sels foar in karriêre yn 'e sjoernalistyk keazen. Brown hat fral bekendheid krigen as ferslachjouster foar CNN USA en CNN International mei as spesjalisme nijsberjochten oer misdriuwen en rjochtsaken.
Pamela Brown | ||
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Pamela Ashley Brown | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 29 novimber 1983 | |
berteplak | Lexington (Kentucky) | |
etnisiteit | Angelsaksysk Amerikaansk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | ferslachjouster, nijslêzeresse, sjoernaliste | |
medium | tillefyzje | |
wurksum by | ABC, CNN | |
jierren aktyf | 2005 – no | |
offisjele webside | ||
Pamela Brown op Twitter |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeJonkheid en oplieding
bewurkje seksjeBrown waard yn 1983 berne yn Lexington, yn 'e Amerikaanske steat Kentucky. Hja is de dochter fan 'e sakeman en eardere gûverneur fan Kentucky John Y. Brown jr. en dy syn frou, de ûndernimster en eardere Miss America Phyllis George. Fierders is Brown in pakesizzer fan politikus John Y. Brown sr. en de healsuster fan 'e eardere steatssiktaris fan Kentucky John Y. Brown III.
Hja is ferneamd nei har muoike Pamela Brown, dy't yn 1970 mei 28 jier yn 'e mande mei har man Rod Anderson en ballonfarder Malcolm Brighton omkaam by in tragysk ûngelok wylst se besochten de Atlantyske Oseaan oer te stekken mei in hjitte-luchtballon. Brown folge de middelbere skoalle yn Lexington, en behelle neitiid in bachelortitel yn tillefyzjesjoernalistyk oan 'e Universiteit fan Noard-Karolina te Chapel Hill. Yn har studintetiid wie se in ferslachjouster foar de universiteitskrante Carolina Week.
Karriêre
bewurkje seksjeBrown sette mei har karriêre útein by de lokale tillefyzjestjoerder WJLA-TV yn 'e Amerikaanske haadstêd Washington, D.C., dy't ferbûn is mei de nasjonale stjoerder ABC. Dêr begûn se as ferslachjouster, mar klom al rillegau op ta nijslêzeresse op 'e sneintejûnen. Se die by WJLA û.m. ferslach fan 'e orkaan Sandy, in ûntspoaring yn 'e Washingtonske metro en de Amerikaanske sniestoarm fan 2010. Fierders waard se yn 2010 útstjoerd nei Haïty doe't dat lân troffen wie troch in swiere ierdbeving. Letter kearde se op eigen manneboet werom om ferslach te dwaan fan 'e weropbou yn 'e haadstêd Port-au-Prince en omkriten.
Yn 2013 stapte Brown oer nei de nijsstjoerder CNN, dêr't se yn 't earstoan as algemien ferslachjouster berjochte oer û.m. de terroristyske oanslach op de Maraton fan Boston, de ferwuostging fan dielen fan Oklahoma troch tornado's, de oanslach op 'e redaksje fan it Paryske tydskrift Charlie Hebdo en it ûndersyk nei it delstoarten fan Germanwings-flecht 9525 yn 'e Alpen. Dêropta bestege Brown in protte tiid oan it meitsjen fan reportaazjes oer frouljushannel, twongen prostitúsje en moderne slavernij.
Letter spesjalisearre Brown har yn ferslachjouwing oer misdriuwen en rjochtsaken yn ferbân mei it Amerikaansk Ministearje fan Justysje en it Amerikaansk Heechgerjochtshôf. Dêrta is har útfalsbasis it CNN-kantoar yn Washington, D.C. Oer ûnderwerpen op dat terrein berjochtet hja geregeldwei op sawol de Amerikaanske nasjonale fariant fan CNN, CNN USA, as de ynternasjonale nijsstjoerder CNN International.
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Profyl fan Pamela Brown op CNN.com
- (in) Folsleine filmografy fan Pamela Brown yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |