Pammakaristos-tsjerke

Pammakaristostsjerke
bouwurk
Oan 'e foarkant rjochts de kapel, dêr efter de (hjoeddeiske) moskee, lofts de narteks.
Oan 'e foarkant rjochts de kapel, dêr efter de (hjoeddeiske) moskee, lofts de narteks.
lokaasje
lân Turkije
plak Istanbûl-Fatih
adres Balat
bysûnderheden
type bouwurk oarspronklik tsjerke, tsjintwurdich moskee en museum
boujier 11-12e iuw
boustyl Byzantynske arsjitektuer
kaart
Pammakaristos-tsjerke (Istanbûl-Sintrum)
Pammakaristos-tsjerke
Histoaryske lokaasjes yn Istanbûl
UNESCO-wrâlderfgoed
UNESCO folchnûmer 356
kritearia (i)(ii)(iii)(iv)
ynskriuwing 1985 (9e sessy)
gebiet 765.5 ha
UNESCO-wrâlderfgoedlist

De Pammakaristostsjerke of de Tsjerke fan 'e Teotokos Pammakaristos (Gryksk: Θεοτόκος ἡ Παμμακάριστος, de Allersillichste Mem Gods), heart ta de meast ferneamde Byzantynske tsjerken fan 'e Turkske haadstêd Istanbûl. De tsjerke waard yn 1591 ferboud ta de Fethiye-moskee (Turksk: Fethiye Camii, Moskee fan 'e oermastering). Yn 'e tsjerke bleaune noch in grut tal Byzantynske mozaïken bewarre en hat op 'e Hagia Sofia en de Chora-tsjerke nei it grutste oerflak oan Byzantynske mozaïken yn Istanbûl.

De tsjerke wie sûnt 1949 in museum, mar yn it ramt fan in Turkske kampanje om eardere Byzantynske tsjerken wer as moskee yn te rjochtsen waard de tsjerke yn 2022 wer as moskee iepene. De Pammakaristostsjerke falt ûnder it UNESCO-wrâlderfgoed Histoaryske lokaasjes yn Istanbûl.

Neffens de measte gelearden waard de tsjerke tusken de 11e en 12e iuw boud. In soad skiedkundigen en archeologen tinke dat de oarspronklike bou taskreaun wurde kin oan Michael VII Dukas (1071–1078), oaren tinke dat de stifting yn 'e tiid wie fan 'e Komnenen. Ernest Mamboury, in Switserske professor en saakkundige, woe ha dat de bou yn 'e 8e iuw plakfûn.

 
Mozaïken fan 'e sydkapel.

Doe't de Paleologen it Ryk bestjoerden (1259-1453), waard der oan 'e súdlike kant in sydkapel (parekklesion) oanboud en oan Kristus de Wrâld (Christos ho Logos) wijd. It lytse bouwurk waard fuort nei 1310 troch syn frou Martha Glabas stifte ta neitins oan protostrator Michael Doukas Glabas Tarchaneiotes, in generaal fan Andronikos II Palaiologos. In troch de dichter Manuel Philes (1275-± 1345) skreaune wijingstekst rint lâns de hiele sydkapel, sawol bûten as binnen. Yn 'e selde snoarje waard de haadtsjerke renovearre.

Nei de oermastering fan Konstantinopel yn 1453 troch de Turken ferhûze de sit fan it Gryksk-otterdokse Patriarchaat ynearsten nei de (yn 1461 ôfbrutsen) Tsjerke fan 'e Hillige Apostels. Yn 1456 ferhûze it partriarchaat nei de Pammakaristostsjerke om't de Tsjerke fan de Hillige Apostels ôfbrutsen wurde moast om plak te meitsjen foar de bou fan 'e Fetih-moskee. Dy funksje as sit fan it patriarchaat hold de Pammakaristostsjerke oant 1597. De Ottomaanske sultan Murad III liet de tsjerke yn in moskee feroarje om dêrmei syn eardere oermastering fan Georgje en Azerbeidzjan te fieren en neamde it de Fethiye-moskee (Fetih is Turksk foar oermastering). Om it gebou geskikt te meitsjen as moskee waarden alle binnenmuorren ôfbrutsen om sa in gruttere binnenromte te meitsjen. Pas yn 'e 19e iuw waard in minaret tafoege.

It ferwaarloazge kompleks waard yn 1949 restaurearre troch it Byzantine Institute of America en it stúdzjesintrum fan Dumbarton Oaks, dy't it gebou yn 'e oarspronklike gloarje herstelden. Wylst it haadgebou in moskee bleau, is de sydkapel sûnt dy tiid in museum.

 
Koepelfresko.

De eardere Pammakaristortsjerke hie in haadskip mei twa deambulatoria (in deambulatoarium is in omgong, dat it haadskip omfiemet), in naos en in narteks. De trijedielige apsis waard by de ferbouwing ta moskee ferfongen troch in mihrab. De oarspronklike beklaaiing fan kleurde mozaïken binne foar it measte ferwidere.

Yn 'e sydkapel is yn 'e haadkoepel in mozayk te sjen fan in sintrale Kristus Pantokrator, omfieme troch in rige Bibelske profeten. Yn 'e apsis fan 'e sydkapel wurdt Kristus mei de Jongfaam Marije en Jehannes de Doper ôfbylde. De doop fan Kristus is de iennige noch folslein bewarre Bibelske foarstelling yn it parekklesion.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Pammakaristos Church