De panteramanyt is in grutte poddestoel út de famylje amanyteftigen (Amanitaceae). De panteramanyt is giftich en besit lykas de miggeswam muscazone en iboteensoer. It iten fan de panteramanyt kin liede ta stûpen of koma. De panteramanyt falt lykas de miggeswam ûnder de wurking fan de Opiumwet.

panteramanyt
Panteramaniten yn ferskate stadia
(Surhústerfean, 2017)
taksonomy
ryk skimmels (Fungi)
stamme stâltsjeswammen (Basidiomycota)
klasse plaatsjesswammen (Agaricomycetes)
skift plaatsjesswammen (Agaricales)
famylje amanyteftigen (Amanitaceae)
skaai amaniten (Amanita)
soarte
Amanita panthera
(DC. : Fr.) Krombh.
 
Yllustraasje fan Jacob Christian Schäffer (1762)

De grize oant brune hoed fan de panteramanyt is bolfoarmich en letter maksimaal 10 sintimeter breed en flak mei op de râne groeven. Lykas de miggeswam hat ek de hoed fan de panteramanyt fan it felum ôfkomstige flokken. De wite lamellen ûnder de hoed binne ticht tsjin inoar oanhechte. De stâl is oan de foet knolfoarmich mei in dúdlike râne en wurdt sa'n tsien oant fyftjin sintimeter heech. Yn it midden fan de wite stâl hinget in ring. De spoaren fan de panteramanyt binne wyt.

De panteramanyt is yn de neisimmer oant de hjerst te finen op sângrûn yn hiel Europa en dielen fan Aazje. De poddestoel is yntrodusearre yn Súd-Afrika en op Vancouvereilân yn Kanada. Hy giet ferbinings oan mei leafbeammen en stiet yn berms en parken, fral lâns paden.

Keppeling om utens

bewurkje seksje