Paul Marinus van Baerdt van Sminia
Jhr. Mr. Paul Marinus van Baerdt van Sminia (Ljouwert, 27 maart 1901 – Sandbostel (Dútslân), 28 april 1945) wie in Nederlânsk boargemaster en fersetsman yn de Twadde Wrâldoarloch.
Paul Marinus van Baerdt van Sminia | ||
Jhr. Mr. P.M van Baerdt van Sminia | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 27 maart 1901 | |
berteplak | Ljouwert | |
stoarn | 28 april 1945 | |
stjerplak | Sandbostel | |
etnisiteit | Frysk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | Boargemaster | |
reden bekendheid |
Fersetsman LO |
Libben en wurk
bewurkje seksjeVan Baerdt van Sminia, telch út it âlde Fryske laach Fan Sminia, waard berne yn Ljouwert, mar bewenne De Klinze yn Aldtsjerk.
Hy wie boargemaster fan de eardere gemeente Utingeradiel fan 1934 oant 5 april 1944. Hy wenne yn dy jierren yn Aldeboarn. Yn de oarlochsjierren siet er yn it ferset, by de LO, en holp er ûnder mear ûnderdûkers en delstoarte alliearde piloaten om it lân út te kommen. Dêrfoar is er postúm troch it Kanadeeske regear ûnderskieden. Doe er begjin 1944 de reservekaai fan de sel yn it gemeentehûs beskikber stelde sadat fersetsman Sjerp de Vries ûntkomme koe, waard er ferret en oppakt troch de besetter. Dy fûn yn it gemeentehûs belêstende ynformaasje dy't de boargemaster yn ferbân brocht mei de piloatesmokkel. Van Baerdt van Sminia waard yn de Ljouwerter finzenis fêstset. It lokaal ferset bea oan om him te befrijden, mar de boargemaster woe dêr neat fan witte om represailles op ûnskuldigen foar te kommen. Van Baerdt van Sminia waard earst nei Kamp Amersfoart brocht en waard dêrnei op transport steld nei it konsintraasjekamp Neuengamme yn Dútslân. Oer syn tiid dêre is net folle bekend, mar wol dat êr flektyfus skipe.
Yn maart 1945 waard er mei oaren op transport set nei - miskyn - de havenstêd Lübeck. Op 27 maart stoppe de trein yn Sandbostel yn Nedersaksen, dêr't ek in bûtenkamp fan Neuengamme wie. Paul Marinus Van Baerdt van Sminia mei in tal oaren waarden op it stasjon fan Sandbostel deasketten. Hy waard bedobbe yn in massagrêf, mar waard nei de oarloch yn Akkrum fannijs beïerdige.
Neitins
bewurkje seksje- Ta oantins fan boargemaster Van Baerdt van Sminia makke Johan Groenestein (1919-1971) in portret fan him foar yn it gemeentehûs. Yn 2015 waard it wurk oerdroegen oan museum Aldheidkeamer Uldrik Bottema, Aldeboarn.
- Op 15 april 1948 waard in betinkingsraam yn de Doelhôftsjerke ûntfâlde troch Frans en Hobbe, de beide soannen fan de boargemaster. It raam, ek fan de hân fan Jan Groenestein, is hjoed-de-dei in oarlochsmonumint.
- By de Herfoarme tsjerke yn Akkrum stiet in monimint ta neitins fan de âld-boargemaster fan Utingeradiel. It monumint is yn de foarm fan in stilearre bank mei de tekst: DE KAAI NEI DE FRIJHEID WIE DE SKOATTEL OP IT LIBBEN
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |