In petpuzel is in taalpuzel mei wurden dy’t faak deselde lingte ha. De yn te foljen wurden besteane út twa helten dy’t oan elkoar 'heakje'. Petpuzels hawwe wurdpearen dy’t mei elkoar ferbûn binne troch begjin- of einletters.

Fryske petpuzel
oplossing

Utlis bewurkje seksje

De fertikale term SPR út de earste kolom foarmet sawol de wurden SPRAAK as SPRIET. Op deselde manier foarmje de neifolgjende eleminten ek twa wurden (GENIET en GEN-EDE, ensfh.) De plakken dêr’t wurden oan elkoar ‘heakje’ wurde meastentiids oanjûn mei pylken.
De puzels binne swierriger op te lossen as de omskriuwings net op folchoarder steane, mar troch elkoar.

Omskriuwings by de foarbyldpuzel bewurkje seksje

taalgebrûk * lange tinne stok * freugde * ferjouwing * docht in hin op aaien * blokje turf * snack * ynsekt * griemdoekje foar lytse bern * in diploma helje * grieme * foarfal * manlju * miede * Nederlânske provinsje * matroas * immen fan adel * doarp boppe Dokkum

 
Czepka fan in offisier

Namme bewurkje seksje

De 'petpuzel' waard yn 1973 betocht troch de Poal Witold Lasek ("Szaradzista" 13-14/1973). Hy neamde it op syn Poalsk Czepka. Czepka is yn it Poalsk, it Wytrussysk en Russysk it algemiene wurd foar ‘pet’.
De namme waard lichtwol it meast bekend by Ingelsktaligen as term foar in 19-de iuwske Poalsk holledeksel. Sa ’n holledeksel hat in fjouwerkante boppeside en waard benammen brûkt troch leden fan de Poalske kavalery.

Bibliografy bewurkje seksje

  • Krzysztof OleszczykEncyklopedia rozrywek umysłowych; (2007}} ISBN 978-83-922078-5-6
  • Barbara en Adam Podgórscy -Vademecum szaradzisty, Wydawnictwo Kurpisz Poznań; (1998) ISBN 8387621269
  • Renata Staszkiewicz, Dariusz Staszkiewicz - Matemadziarstwo 2 czyli krzyżówki i nie tylko, Wydawnictwo Aksjomat Toruń; (2014) ISBN 978-83-60689-99-8

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Taalpuzels

anagrampuzeldrûdelfilippinehertpuzelhynstesprongkryptogramkrúswurdpuzelpaspuzelpazurgopentagrampuzelpetpuzelrebussânglêspuzelscrabblesitaatpuzelslashpuzelspiraalpuzelSweedske puzeltaartpuzeltrochrinnerweefpuzelwordfeudwurdfrisselwurdlwurdljedderwurdriuwenwurdsiker