In sânglêspuzel of sânrinnerpuzel is in wurdpuzel. De symmetryske foarm fan de ûnderelkoar skreaune wurden hat wat wei fan in sânglês. Sânglêspuzels binne besibbe oan anagrampuzels dêr’t ek mei letters hutsele wurde moat.

Sânglêspuzel

De omskreaune wurden moatte ynfold wurde yn in diagram. Elk yn te foljen wurd bestiet út de hutsele letters fan it foarôfgeande wurd yn it diagram, plus of min ien letter.[1] Fanút it begjinwurd wurdt rigel foar rigel ien letter weilitten oant it koartste wurd fan it sânglês berikt is. Dêrnei wurdt by elke rigel wer in letter taheakke oant it einwurd berikt is, dat like lang is as it begjinwurd.

It giet derom in sânglês te finen mei safolle mooglik wurden. By de Fryske 'Tsjaskerpuzels' foarmje twa heakske sânglêzen de fjouwer wjukken fan de mûne.[2]

In dûbele sânglêspuzel, mei twa yn elkoar skode sânrinners, wurdt om de fjouwer 'wjukken' ek wol tsjaskerpuzel neamd.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. puzzelmedia.nl
  2. Douwe van der Meulen, Frysk Puzelboekje 4 1989 Afûk, Ljouwert (56 siden) (ISBN 90-6273-411-1)


Taalpuzels

anagrampuzeldrûdelfilippinehertpuzelhynstesprongkryptogramkrúswurdpuzelpaspuzelpazurgopentagrampuzelpetpuzelrebussânglêspuzelscrabblesitaatpuzelslashpuzelspiraalpuzelSweedske puzeltaartpuzeltrochrinnerweefpuzelwordfeudwurdfrisselwurdianwurdlwurdljedderwurdriuwenwurdsikerwurdwjirm