In sitaatpuzzel (Ingelsk: Quotefall) is in puzelsoarte mei in ferburgen sitaat. By krekt ynfoljen foarmje de wurden fan lofts nei rjochts en rigel foar rigel in sitaat.

Sitaatpuzel mei in sitaat fan Foppe de Haan

It sitaat kin komme fan in bekend persoan.[1]. Ynstee fan sitaten wurde ek siswizen of sprekwurden brûkt.[2] Der binne ek sitaten dy ’t út in boek of film komme.[3]

De boppeste helte fan de puzel bestiet út kolommen mei letters. Dy letters moatte út de kolom wei leadrjocht nei ûnderen yn it diagram ‘falle’. De letters steane alfabetysk yn elke kolom.

De wurden fan it sitaat binne fan elkoar skieden troch swarte hokjes. In wurd dat oan de ein fan in rigels ferbrutsen wurdt, giet op de folgjende rigel fierder. Hokjes yn it antwurddiagram dy ’t al fold binne mei lêstekens of sifers wurde net mei letters fold. At de sitaatpuzel klear is, binne der gjin letters oer.

By ienfâldige sitaatpuzels steane al inkele letters of lêstekens ynfold. Der besteane ek sitaatpuzels sûnder swarte hokjes yn it oplossingsfjild.

Soms wurdt in sitaatpuzzel kombinearre mei in krúswurdpuzel of kryptogram. Dêrby kinne oplossingsletters fan de krúswurdpuzel of it kryptogram oerbrocht wurde nei de sitaatpuzel.

By geocaching puzels binne yn de sitaatpuzel koördinaten ferburgen.[4]

Oplossingsstrategy

bewurkje seksje

De brûkte kolomletters kinne trochstreke wurde. Om in begjin te finen kin socht wurde nei

  • ‘koarte’ kolommen of kolommen mei dûbelde letters.
  • koarte wurden
  • wurden dy’t logysk yn de sin passe
  • oerbleaune kolomletters
  • logyske wurden fan net-trochstreke letters
  • oanfolling fan in wurddiel
  • ferbannen mei al oploste wurden
  • kombinaasjes fan boppesteande metoades

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Sitaatpuzel yn Friesland Post,maart 1997
  2. Siswizers yn: Frysk Puzelboekje 4, side 20-21
  3. teachersplayteachers
  4. Geocaching.com
Taalpuzels

anagrampuzeldrûdelfilippinehertpuzelhynstesprongkryptogramkrúswurdpuzelpaspuzelpazurgopentagrampuzelpetpuzelrebussânglêspuzelscrabblesitaatpuzelslashpuzelspiraalpuzelSweedske puzeltaartpuzeltrochrinnerweefpuzelwordfeudwurdfrisselwurdianwurdlwurdljedderwurdriuwenwurdsikerwurdwjirm