Wordle

(Trochferwiisd fan Wurdl)

Wordle is in online browserspul makke troch programmeur Josh Wardle út Brooklyn yn New York, dy't it yn 2021 iepenbier makke. It wurdspul komt foar in grut part oerien mei Lingo en hat in soad wei fan Mastermind. Elk etmel komt in nij wurd beskikber om te rieden.

Foarbyld fan Wurdl

Spilers meie seis kear besykje om in wurd fan in bekend tal letters te rieden. Alle kearen dat in wurd ynfierd is, kriget de spiler middels kleure letters ynformaasje oer it te rieden wurd. Letters dy ’t op it goede plak steane wurde grien kleure, letters dy ’t wol yn it te rieden wurd foarkomme, mar net op it goede plak steane, wurde giel. Letters dy ’t net yn it te rieden wurd foarkomme wurde griis. By oansetten fan de hard mode, moatte letters brûkt wurde dy 't blikens eardere beurten yn it wurd sitte. It doel is om yn sa min mooglik beurten it wurd te rieden, troch safolle mooglik ynformaasje te ûntfytmanjen troch strategyske karren te meitsjen.

Untwikkeling

bewurkje seksje

Oarspronklik ûntwikkele as in persoanlik projekt foar Wardle en syn partner, waard Wordle yn oktober 2021 iepenbier makke. It wûn ein 2021 wiidferspraat populariteit nei de yntroduksje fan in dieleber emoji-basearre resultateformaat, dat ta firale diskusjes op sosjale media late. It súkses fan it spultsje late ta it meitsjen fan in protte kloanen, oanpassingen yn oare talen, en fariaasjes mei unike feroarings, lykas Quordle en Heardle. Wordle waard yn 2023 4,8 miljard kear spile.

Yn jannewaris 2022 waard Wordle oankocht troch The New York Times Company foar in som fan sân sifers en de folgjende moanne yntegrearre yn it gameplatfoarm. Hoewol’t de Times ynearsten de kearnmeganismen fan it spultsje hold, makke it letter lytse feroarings, ynklusyf redaksje tafersjoch en oanpassingen fan de wurdlisten. De akwisysje makke ek soargen oer mooglike monetarisaasje, hoewol it spultsje fergees te spyljen bleau.

Iere ûntwikkeling

bewurkje seksje

Yn 2013 makke Josh Wardle in prototype fan Wordle, dat hy yn earste ynstânsje Mr. Bugs 'Wordy Nugz neamde. Ynspirearre troch de kleurespultsje Mastermind, liet er spilers it prototype útprobeare mei in wurdlist fan alle 13.000 fiif-letter wurden yn it Ingelsk. Omdat syn partner Palak Shah muoite hie mei in protte frjemde en obskuere wurden waard it rieden like willekeurich as by Mastermind. Dêrom liet hy Shah de list filterje en bleaune sawat 2000 bekende wurden oer. Dat oantal wie genôch om sawat fiif jier te spyljen mei ien puzel deis. Tsjin 2014 hie Wardle it prototype klear, mar ferlear úteinlik de belangstelling en sette it oan 'e kant.

Yn 'e jierren dêrnei makke Wardle de online sosjale eksperiminten The Button en Place wylst er foar Reddit wurke. Doe't de COVID-19-pandemy útbruts, rekken hy en syn partner "folslein yn’e besnijing" fan it wurdspul Spelling Bee en de deiske krúswurdpuzel fan fan The New York Times. Dit wekke syn belangstelling foar Wordle opnij en hy helle ynspiraasje út de minimalistyske webdesign fan Spelling Bee syn en ien-puzel-in-deis. Yn jannewaris 2021 hie Wardle Wordle op it web publisearre, allinich foar himsels en syn partner. Hy neamde it Wordle as boartlike ferwizing nei syn efternamme. Op 31 jannewaris 2022 kocht it memmebedriuw fan The New York Times, Wordle fan Wardle oer foar in "ûnbekende priis leech yn de sân sifers." As ûnderdiel fan 'e oergong helle The Times bepaalde wurden út de antwurdlist fan Wordle dy't as ûngefoelich as oanstjitlik beskôge waarden, bygelyks "slave" en "lynch", om it tagonkliker te meitsjen foar in breed publyk". Yn 2022 wie Wordle de meast socht term op Google wrâldwiid en yn 'e Feriene Steaten. Wardle tocht dat it pleatsen fan ien puzel deis in gefoel fan krapte joech, wêrtroch’t spilers mear woene. Dit soe minsken oanmoedigje om elke dei mar trije minuten oan it spul te besteegjen.

De jierren dêrnei ferskynden ferskate kloanen, wêrfan guon nije feroarings yn de logika fan it spultsje. Absurdle, makke troch de Britske programmeur qntm, is in fijannige ferzje dêr't it doelwurd nei elke riedbeurt feroaret, mar dochs foldwaan bliuwt oan de earder jûne hints. Oare kloanen behâlden de wurking fan Wordle, mar feroaren de wurdlist, ynklusyf oersettings yn oare talen en tematyske fariaasjes lykas Sweardle (mei skelwurden). In open-sourceferzje fan it spul makke it mooglik om ferskate lettertekens te brûken sadat der in bredere tagonklikheid nei oare talen ûntstie.

Wordle yn it Frysk: Wurdl

bewurkje seksje

Sûnt 21 febrewaris 2022 én Ynternasjonale dei fan de memmetaal, kinne de wurdspultsjes Wordle en Wurdian ek yn it Frysk spile wurde. Yn gearwurking mei de Afûk ûntwikkelen Jelle Besseling en Ronald van den Berg fan beide taalspultsjes in offisjele Fryske fariant. Spesjaal foar de Fryske ferzje binne bysûndere lettertekens as ê, â en ú, dy ’t yn it Frysk brûkt wurde, as ekstra letters tafoege. Wurdl is makke yn gearwurking mei Jelle Besseling en mei mooglik makke troch de Afûk, Buro Klei en de Fryske Akademy.

Wurdian: in Fryske Wordfeud

bewurkje seksje

De app Wurdian bestie al foar 2022 yn it Frysk, mar hat yn gearwurking mei de Afûk in Fryske interface krigen. Dêrneist is de definysjefunksje yn Wurdian in handich taallearmiddel dêr ’t ek net-Frysktaligen har boartsjendewei Fryske wurden mei eigen meitsje kinne. Wurdian waard ûntwikkele troch Ronald van den Berg, in Fries yn Stockholm. De app is beskikber yn trije talen en biedet mear funksjes as it eardere Wordfeud.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Taalpuzels

anagrampuzeldrûdelfilippinehertpuzelhynstesprongkryptogramkrúswurdpuzelpaspuzelpazurgopentagrampuzelpetpuzelrebussânglêspuzelscrabblesitaatpuzelslashpuzelspiraalpuzelSweedske puzeltaartpuzeltrochrinnerweefpuzelwordfeudwurdfrisselwurdianwurdlwurdljedderwurdriuwenwurdsikerwurdwjirm