In anagrampuzel is in wurdpuzel dêr't de omskriuwings besteane út in anagram. By de omskriuwings steane de gearstallende letters fan de sochte anagrammen alfabetysk oardere.

Anagrampuzel

Ek de puzelsoarte "Besitekaartsje" is basearre op anagrammen. Nei omsetting fan de letters blykt dat G. Bats - Moarre fan berop boargemaster is.

Anagrammen wurde ek gauris brûkt yn omskriuwings fan kryptogrammen.[1]

Ek by "sânglêspuzels" wurde anagrammen brûkt. By in sânglêspuzel bestiet elk folgjend wurd út de letters fan it foarôfgeande wurd + 1 nije letter. Oarsom kin ek, dan kin it wurd fûn wurde út it folgjende wurd - 1 letter.

Anagrampuzzels besteane faak út krúswurdpuzels mar kinne ek kombinearre wurde mei oare puzelfoarmen. By in kombinaasje mei filippines steane de omskriuwings oanjûn as in anagram. It dêrút te foarmjen puzelwurd moat dêrnei ynfold wurde yn in filippine. Fanút de ynfolde filippine kin dan de einoplossing fûn wurde.[2]

Anagrammen puzelwurdboek

bewurkje seksje

As helpmiddel by it oplossen fan anagrampuzels besteane spesjale (Nederlânske) puzelwurdboeken mei anagrammelisten.[3] Yn sokke puzelwurdboeken steane anagrammen út it type arena + droom = moordenaar.[4] Ut twa losse wurden wurdt dêrby ien nij wurd foarme. In oare diel fan dy puzelwurdboeken kin bestean út in list (dy't rubrisearre is op oantallen letters) út de kategory koelkasten - kaneelstok, kakstoelen.[5]

Der besteane ek websites en DVD's dêr't digitaal om anagrammen socht wurde kin. Fryske anagrammen kin opsocht wurde yn de FPE.[6]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Maanrag, fergese Nederlânske anagramme-software

  1. Dick BeekmanCryptogrammen ABC
  2. Anagram Filippine
  3. Anagrammen, - Dr. Verschuyl uitgeverij Kosmos Utrecht/Antwerpen (1992) ISBN 90 215 1956 9
  4. Anagrammmen woordenboek - met 15000 woordvondsten van letterkeer tot ketterleer - Jan Meulendijks/Bart Schuil (Tien voor Taal), útjouwerij Tirion, ISBN 9789051215120
  5. 35.000 Anagrammen van 6 tot 20 letters - D. Beekman, útjouwerij Elmar (1996) ISBN 90389 0438X
  6. puzel.nl
Taalpuzels

anagrampuzeldrûdelfilippinehertpuzelhynstesprongkryptogramkrúswurdpuzelpaspuzelpazurgopentagrampuzelpetpuzelrebussânglêspuzelscrabblesitaatpuzelslashpuzelspiraalpuzelSweedske puzeltaartpuzeltrochrinnerweefpuzelwordfeudwurdfrisselwurdianwurdlwurdljedderwurdriuwenwurdsikerwurdwjirm