Pieter Leonard Willinge Prins
Pieter Leonard Willinge Prins (Aldeberkeap, 29 desimber 1901 - Drouwenersân, gemeente Borger, 15 april 1950) wie in Nederlânske boargemaster.
Libben en wurk
bewurkje seksjeWillinge Prins wie in soan fan Petrus Lambertus Willinge Prins en Leonaryers Petronella Catharina Cornelia de Gaaij Fortman. Willige Prins stamde út in geslacht fan Fryske en Drintske bestjoerders. Hy studearre yn Wageningen foar lânboukundich yngenieur. Nei syn stúdzje fêstige er him yn 1933 mei syn frou op de troch H.P. Berlage, yn opdracht fan Helene Kröller-Müller, ûntwurpen pleats "De Schipborg ", krekt súdlik fan it Drintske doarp Schipborg. Hy hierde dy pleats fan de doetiidske eigener greve Maximilian Ferdinand Droste zu Vischering út Darfeld yn Westfalen. [1]
Willinge Prins waard yn 1945 as riedslid beneamd ta waarnimmend boargemaster fan Anloo. Yn 1946 waard er offisjeel beneamd ta boargemaster fan dizze gemeente. Hy kaam hjirmei yn de fuotleasten fan syn foarfaars út Dwingeloo, dy ’t dêr fan 1667 oant 1811 skulte wiene. Syn boargemasterskip duorre fjouwer jier.
Yn april 1950 ferstoar er as gefolch fan in fataal ûngelok. By in jachtrit troch it Drouwenersân makke er in deadlike fal fan syn hynder. Hy waard ûnder grutte belangstelling beïerdige yn syn berteplak Aldeberkeap. [2]
Willinge Prins troude op 27 maaie 1930 yn Amsterdam mei Clara Wilhelmina Visser (1907-1977). Hja wie op it stuit fan it ferstjerren fan har man lid fan Provinsjale Steaten fan Drinte en foarsitter fan it Nederlânsk Bûn fan Plattelânsfroulju. Yn 1952 waard hja beneamd as earste froulike heechlearaar fan de doetiidske Lânbouhegeskoalle Wageningen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|