Readsturtsje
It readsturtsje (Phoenicurus phoenicurus) is in sjongfûgel út de famylje Muscicapidae (miggesnappers). It fûgeltsje briedt yn Europa en it west fan Aazje en oerwinteret yn Afrika.
readsturtsje | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
mantsje wyfke | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Phoenicurus phoenicurus | ||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
simmerfûgel trekfûge wintergast |
Beskriuwing
bewurkje seksjeIt readsturtsje is in fûgeltsje fan 13 oant 14,5 sm lang. It mantsje hat in readbrune sturt en stút en in readbrún boarst, dat by de búk oergiet op wyteftich. De kiel en de wangen binne oant krekt boppe it each swart. Dêrboppe rint by it swart oer de foarholle in wyteftige streek, wylst de krún en it boppebealchje fierder griisblau binne. It wyfke dêrfoaroer is ienfâldiger fan kleur. Sy hat ek in readeftige sturt, mar is op it boppebealchje en de kop earder ljochtbrún fan kleur. Ek ûntbrekt by it wyfke it swart en it wyt op it kopke fan it mantsje. It readbrún fan it boarst fan it wyfke is fealer en wurdt mei wat bêzje ôfwiksele. Wyfkes fan it readsturtsje kinne maklik mei de wyfkes fan it swarte readsturtsje betiizge wurde, wêrfan't lytse oantallen yn ús lân oerwinterje. Opfallend is de triljende sturt fan 'e readsturt.
Iten
bewurkje seksjeIt readsturtsje yn ynsekten, larven en beien. De fûgels mei graach yn beamholtes briede, dy't makke binne troch spjochen. Ek nestkasten wurde faak brûkt.
Nêst
bewurkje seksjeReadsturtsjes lizze fiif oan sân ljochtblauwe aaikes mei readbrune stippen.
Fersprieding
bewurkje seksjeIt biotoop fan readsturtsje bestiet út in healiepen lânskip mei âlde beammen en strewellen, parken en grutte tunen.
Der wurde twa ûndersoarten erkend:
- P. a. phoenicurus (Briedt yn grutte dielen fan Europa, yn it suden fan Europa en Noard-Afrika lokaal oant yn Midden-Aazje, oerwinteret yn Midden- en East-Afrika).
- P. a. samamisicus (Briedt yn it súdeast fan Europa oant yn Oezbekistan, Turkmenistan en Iran, oerwinteret yn it noardeasten fan Afrika).
Yn Nederlân komt de fûgel yn it hiele lân as briedfûgel foar. Mar de gruttere konsinstraasjes fan 'e fûgel binne yn it easten fan it lân te finen. Yn 'e jierren 1970 binne de oantallen readsturtsjes ôfnommen troch it ferdwinen fan heechstamhôven. Mei sa'n 14.000-22.000 Nederlânske pearkes is de stân hjoed-de-dei aardich stabyl.
Yn Fryslân binne de measte readsturtsjes yn 'e Noardlike Fryske Wâlden (tusken Drachten en Dokkum) te finen, dêr't de âlde beamwâlen en singels in ideaal briedgebiet foar de fûgels biede.[1][2]
De readsturtsjes yn ús lân fleane fan july oant oktober nei harren oerwinteringsgebiet yn Afrika. Skandinavyske readsturtsjes trekke dan troch Nederlân. Healwei april oant ein maaie komme de fûgels werom om te brieden. Readsturtsjes trekke nachts.
Status
bewurkje seksjeDe wrâldpopulaasje wurdt op 32.000.000-49.999.999 folwoeksen fûgels rûsd. Oannommen wurdt dat de oantallen tanimme. De fûgel hat fierder in grut ferspriedingsgebiet en wurdt op 'e Reade list fan 'e IUCN as net bedrige klassifisearre.[3]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|