Rynsburch
Rynsburch (Nederlânsk en offisjeel: Rijnsburg) is in plak yn de gemeente Katwyk yn Súd-Hollân. It meastepart protestantsk-kristlike Rynsburch stiet fral bekend om syn blombolletylt en de fêstiging fan FloraHolland. Rynsburch leit yn de Dún- en Bollestreek.
Rynsburch Rijnsburg | ||
It Flyt yn Rynsburch | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Súd-Hollân | |
Gemeente | Katwyk | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 17.110[1] | |
Oerflak | 6,06 km² (5,82 km² lân, 0,26 km² wetter) | |
Befolkingsticht. | 2.823 ynw. /km² | |
Oar | ||
Postkoade | 2230, 2231 | |
Netnûmer | 071 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 11' NB 4° 26' EL | |
Kaart | ||
Rynsburch wie in selsstannige gemeente oant 1 jannewaris 2006 doe't er fusearre mei de gemeenten Katwyk en Falkenburch, ta de nije gemeente Katwyk mei goed 60.000 ynwenners. Rynsburch 17.110 ynwenners (2023).
Skiednis
bewurkje seksjeHoewol't der foar de jiertelling al minsken yn 'e omkriten fan Rynsburch wennen, wie der yn de 6e iuw pas sprake fan in echt doarp. De Friezen hienen har dêr doe fêstige en út archeologyske fynsten docht bliken dat sprake wie fan in elitêre delsetting. In tsjerklik geskrift út 750 sprekt fan 'Rudolfsheim dat no Rinasburg neamd wurdt'. Op 10 augustus 975 wûn greve Durk II by Rinasburg in strideraasje tsjin 'e opstannige West-Friezen. Ut tankberens stifte er in kapel foar de Hillige Laurentius.
Abdij
bewurkje seksjeBegjin 12e iuw stifte Petronella fan Loataringen in abdij foar aadlike nonnen, njonken de Laurentiuskapel. Tritich abdissen soenen yn de rin fan de tiid de abdij bestjoerd hawwe. Yn 1570 waard it kleaster ferwoastge, mar de súdlike toer is bewarre bleaun.
Nijsgjirrichheden
bewurkje seksjeSpinozahûske
bewurkje seksjeFan 1661 oant 1663 wenne de Nederlânske filosoof Baruch de Spinoza yn Rynsburch. Doe't yn 1896 in âld arbeiderswente te keap kaam, waard dat troch Willem Meyer identifisearre as it hûske fan Spinoza. It waard oankocht en yn 1897 oerdragen oan de Ferieniging It Spinozahûs, dy't it noch hieltyd beheart.
It hûske ferkeart yn minne steat en is as museum al sûnt 2001 sletten. Yntusken hat de Ferieniging foldwaande fûnsen winne kinnen om it gebouke te restaurearjen
Fierdere nijsgjirrichheden
bewurkje seksje- De Grutte Tsjerke, diels út it jier 1578, mei romaanske tuorren út de 12e iuw, in oerbliuwsel fan de tsjerke fan de abdij fan Rynsburch;
- Ferskate âlde wenhuzen oan It Flyt
- Yn Rynsbruch stean 7 ryksmonuminten.
Sport
bewurkje seksje- Fuotbalferiening Rijnsburgse Boys,
- Kuorbalferiening K.V. Madjoe.
Berne
bewurkje seksje- Henk Binnendijk (1934), evangelist, tv-presintator, tv-programmamakker, kristlik skriuwer en predikant
- Nick Driebergen (1987), hurdswimmer
- Jolanda Grimbergen (7 augustus 1967), maratonreedrider[2]
- Richard van Nieuwkoop (1987), fuotballer
- Jan Siemerink (1970), tennisser
- Marcus van Teijlingen (1973), dûnser
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Gemeente Katwyk | ||
---|---|---|
Kearnen: Falkenburch • Katwyk-Noard • Katwyk oan de Ryn (haadplak) • Katwyk oan See • Rynsburch | ||
· · |