Doubleday Publishing

(Trochferwiisd fan Rimington & Hooper)

Doubleday Publishing is in foaroansteande Amerikaanske útjouwerij dy't ûnder in ferskaat oan ymprints benammen wurk fan Amerikaanske auteurs publisearret en dat wurk foarhinne oan 'e man brocht fia in eigen keatling fan boekhannels. Sûnt 2009 makket Doubleday ûnderdiel út fan 'e Knopf-Doubleday Publishing Group, in difyzje fan Random House.

Doubleday Publishing
algemien
hist. namme Doubleday & McClure Company
Doubleday, Page & Co.
Doubleday, Doran & Co.
Doubleday & Co.
nasjonaliteit Amerikaansk
type privaat
sektor útjouwerij
haadkertier New York (New York)
oprjochte 1897
oprjochter Frank N. Doubleday en
Samuel McClure
eigner Bertelsmann AG
mem Random House
dochters sjoch ûnder ymprints
offisjele webside
doubleday.knopfdoubleday.com

Doubleday waard yn 1897 yn New York oprjochte troch boeke-útjouwer Frank Nelson Doubleday yn gearwurking mei tydskriftútjouwer Samuel McClure, ûnder de namme fan 'e Doubleday & McClure Company. Ien fan harren earste grutte súksessen wie de útjefte fan 'e bestseller The Day's Work, fan skriuwer Rudyard Kipling. Yn 1900 waard de namme fan it bedriuw feroare yn Doubleday, Page & Co., doe't Walter Hines Page mei-eigner waard (deselde dy't letter ambassadeur foar de Feriene Steaten yn Grut-Brittanje wurde soe). Fan 1910 oant 1986 wie Doubleday fêstige yn Garden City, in plak op Long Island, fuort beëasten New York.

Yn 1922 waard de lieding oernommen troch Nelson Doubleday sr., de soan fan 'e oprjochter, dy't it bedriuw yn 1927 fúzjearje liet mei de George H. Doran Company (ta Doubleday, Doran & Co.). Dêrmei ûntstie doedestiden de grutste útjouwerij yn 'e Ingelsktalige wrâld. Yn 1946 waard de namme fannijs feroare, ta Doubleday & Co. Om dyselde tiid hinne loek Nelson Doubleday sr. him werom as direkteur, al bleau er oant syn dea yn 1949 by de útjouwerij belutsen as foarsitter fan 'e ried fan bestjoer. De deistige lieding wie fan 1946 oant 1963 yn 'e hannen fan Douglas Black.

Yn 1947 wie Doubleday de grutste útjouwerij fan 'e Feriene Steaten, mei in jierlikse ferkeap fan mear as 30 miljoen boeken. Fan 1963 oant 1978 wie John Turner Sargent, de skoansoan fan Nelson Doubleday sr., algemien direkteur, folge troch Nelson Doubleday jr. fan 1978 oant 1983 en doe James R. McLaughlin fan 1983 oant 1986. Tsjin dy tiid hie de útjouwerij him ek op oare wurkmêden bejûn, mei eigen boekhannels en in drukkerij, en ûndernimmings op it terrein fan reklame en tillefyzje. Der wiene kantoaren yn New York (it haadkantoar), Londen en Parys, en dochterûndernimmings dy't folslein yn it besit fan Doubleday wiene yn Kanada, Austraalje en Nij-Seelân, mei fierdere joint ventures yn Grut-Brittanje en Nederlân.

Yn 1986 ferkocht Nelson Doubleday jr. it bedriuw lykwols oan it Dútske útjouwersconcern Bertelsmann AG, dat it omneamde ta Doubleday Publishing. Nei't Bertelsmann yn 1998 ek Random House oernommen hie, waard Doubleday ûnderbrocht by de Bantam-Doubleday-Dell-difyzje fan Random House. Yn 2009 waard Doubleday fúzjearre mei Knopf ta de Knopf-Doubleday Publishing Group binnen Bantam-Doubleday-Dell.

In opsomming fan ymprints dy't no of foarhinne troch Doubleday brûkt wurde/waarden:

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.