Rosalynn Carter
Rosalynn Carter, berne as Eleanor Rosalynn Smith (Plains (Georgia), 18 augustus 1927 – dêre, 19 novimber 2023), wie de frou fan 'e Amerikaanske presidint Jimmy Carter. Hja wie first lady fan 'e steat Georgia (ûnder it gûverneurskip fan har man dêre) fan 1971 oant 1975, en first lady (presidintsfrou) fan 'e Feriene Steaten fan 1977 oant 1981. Under it presidintskip fan har man wie hja ek polityk aktyf en behelle Carter har geregeldwei yn 'e beslútfoarming oer in wiid ferskaat fan ûnderwerpen. Ek tsjinne se ûnderskate kearen om utens as de persoanlike gesant fan har man. Sûnt 1981 hat se har foar withoefolle goede doelen ynset, wêrfan't faaks it ûndersyk nei geastlike oandwanings it wichtichste plak ynnimt. Teffens is se belutsen by en wie se ien fan 'e oprjochters fan it Carter Center, in organisaasje dy't wrâldwiid foar de minskerjochten krewearret.
Rosalynn Carter | ||
politikus | ||
echte namme | Eleanor Rosalynn Smith Carter | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
bertedatum | 18 augustus 1927 | |
berteplak | Plains (Georgia) | |
stjerdatum | 19 novimber 2023 | |
stjerplak | Plains (Georgia) | |
etnisiteit | Dútsk Ingelsk | |
partij | Demokratyske Partij | |
prizen | Pres. Frijheidsmedalje 1999 | |
First Lady fan de Feriene Steaten | ||
amtsperioade | 1977 – 1981 | |
foargonger | Betty Ford | |
opfolger | Nancy Reagan | |
First Lady fan Georgia | ||
amtsperioade | 1971 – 1975 | |
foargonger | Hattie Virginia Cox | |
opfolger | Mary Elizabeth Talbot Busbee |
Libben
bewurkje seksjeJonkheid, oplieding en gesinslibben
bewurkje seksjeRosalynn Smith waard berne yn it stedsje Plains, yn it súdwesten fan 'e Amerikaanske steat Georgia, as de âldste fan fjouwer bern yn it gesin fan Wilburn Edgar Smith, in boer en automonteur, en Allethea "Allie" Murray, in naaister. Doe't se 13 jier wie, yn 1940, stoar har heit oan leukemy. Smith holp dêrnei har mem om har beide jongere bruorren en suster grut te bringen, en teffens wurke se mei as naaister om 'e húshâlding itende te hâlden. Se folge de middelbere skoalle yn Plains en gie dêrnei nei it Georgia Southwestern College yn it deunby leine Americus.
Hoewol't se him har hiele libben kennen hie, begûn se foar it earst mei Jimmy Carter om te gean doe't dy yn 1945 as marinekadet oan 'e Amerikaanske Marine-akademy te Annapolis studearre. Op 7 july 1946 trouden se te Plains. Se krigen fjouwer bern: John William ("Jack"), James, Donnel en Amy Lynn. Anno 2023 hiene se fierders tolve pake- en beppesizzers en fjirtjin oerpake- en -beppesizzers. Yn july 2021 fierden se harren albastene brulloft (75-jierrich trouwen). De earste sân jier fan harren houlik wennen se op ferskate marinebases troch de hiele Feriene Steaten. Doe't yn 1953 Carter har skoanheit kaam te ferstjerren, en har man nedich wie om it famyljebedriuw, in pindabuorkerij, draaiende te hâlden, kearden se werom nei Plains.
Hoewol't Carter har skoanheit in frij begoedige man west hie, urf har man net folle fanwegen syn heite oanwenst om skulden kwyt te skellen, en troch de ferdieling fan wat oerbleau mei de oare erven. Sadwaande wennen de Carters in foech jier yn in sosjale hierwente. Jimmy Carter makke him troch selsstúdzje yn 'e bibleteek it buorkjen eigen, wylst Carter harsels boekhâlden learde. Hoewol't se it earste jiers mar amperoan kyt spilen, feroare dat yn 'e jierren dêrnei. Tsjin 1970 wiene Carters rike pindaboeren wurden.
First lady fan Georgia
bewurkje seksjeSûnt 1961 wie Carter foar de Demokratyske Partij aktyf yn 'e Georgiaanske steatspolityk: fan 1963 oant 1967 as senator yn 'e Steatssenaat fan Georgia, en fan 1971 oant 1975 as gûverneur fan Georgia. Nei't hja har man holpen hie om 'e gûverneursferkiezings te winnen, besleat Carter dat se wat betsjutte woe foar de geastlik siken en beheinden. Sadwaande beneamde har man har yn 'e Gûverneurskommisje foar de Ferbettering fan Tsjinsten oan de Geastlik en Emosjoneel Beheinden. Teffens wurke Carter yn dy tiid as frijwillichster by de fersoarging fan pasjinten yn it Georgia Regional Hospital yn Atlanta. Yn 1976 fierde Carter mei en foar har man kampanje by de Demokratyske foarferkiezings en letter by de presidintsferkiezings; op eigen manneboet reizge se foar him 41 fan 'e 50 steaten ôf. Har ynset die fertuten, en yn novimber fan dat jier wûn Jimmy Carter de ferkiezings fan 'e sittende Republikeinske presidint Gerald Ford.
First lady fan 'e Feriene Steaten
bewurkje seksjeAs first lady fan 'e Feriene Steaten stipe Carter op alderhanne manearen it belied fan har man. Dêrta wie se gauris op útnûging fan 'e presidint oanwêzich by kabinetsgearkomsten. Se gie yn 1977 ek allinnich, as fertsjintwurdichster fan Carter, op steatsbesyk yn it bûtenlân, fral yn Latynsk-Amearika. Fierders late se de Amerikaanske delegaasje dy't yn 1979 nei Tailân ts stjoerd waard om dêr te sjen hoe't der holpen wurde koe mei de opfang fan Kambodjaanske en Laotiaanske flechtlingen.
Carter sette ûnder it presidintskip fan har man ek har ynteresse foar de geastlike sûnenssoarch fuort, as aktyf earefoarsitster fan 'e Presidinsjele Kommisje oangeande Geastlike Sûnens. Yn dy hoedanichheid lei se yn 1980, foarôfgeande oan it oannimmen fan 'e Wet op it Geastlike-Sûnenssoarchstelsel, in tsjûgenis ôf foar it Amerikaanske Kongres. Carter wie de earste first lady yn 'e Amerikaanske skiednis dy't dêrta oproppen waard. As feministe sette se har fierders yn foar it Equal Rights Amendment (ERA), in amendemint oan 'e Amerikaanske Grûnwet dat de gelikensens fan manlju en froulju dêryn ferankerje moast.
Lettere jierren
bewurkje seksjeNei't Jimmy Carter yn 1980 de ferkiezings foar in twadde termyn as presidint ferlern hie fan Ronald Reagan, kearden de Carters werom nei Georgia. Yn 1982 rjochten se dêr tegearre it Carter Center op, in non-gûvernemintele not-for-profitorganisaasje dy't him oer de hiele wrâld ynset foar de minskerjochten en it ferlichtsjen fan minsklik lijen. Sûnt wie Carter lid fan 'e rie fan bestjoer fan dat ynstitút, en wie se nau belutsen by it wurk dat it Carter Center die op it mêd fan geastlike sûnenssoarch. Ek wie se sûnt 1984 in earelid fan 'e Amerikaanske Psychiatryske Feriening (APA), en wie se in emearitus-lid fan 'e rie fan bestjoer fan 'e Nasjonale Geastlike-Sûnenssoarchferiening (NMHA). Yn 1987 rjochte se it Rosalynn Carter Ynstitút foar Sikefersoarging (RCI) op as ûnderdiel fan 'e Súdwestlike Steatsuniversiteit fan Georgia, yn Americus, dêr't se sels har oplieding genoaten hat. Fan dit ynstitút wie hja foarsitter fan 'e rie fan bestjoer. Ek siet se yn 'e rie fan bestjoer fan it Habitat for Humanity-projekt, dat as doel hie om foar de hiele minskheid betelbere wenten te bouwen.
Lêste jierren en dea
bewurkje seksjeCarter bleau oant op hege âlderdom relatyf sûn, mar yn maaie 2023 makke it Carter Center bekend dat der by har demintens fêststeld wie. Hja bleau thús wenjen en waard dêr fersoarge, tegearre mei har man, dy't doe palliative soarch krige foar terminale kanker. Op 19 novimber 2023 kaam Rosalyn Carter yn 'e hege âlderdom fan 96 jier thús yn Plains te ferstjerren yn it bywêzen fan har famylje.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|