Sêfte science fiction
Sêfte science fiction, of yn it Ingelsk soft science fiction, is in subsjenre of kategory fan science fiction, en kin op twa manearen omskreaun wurde:
- It behannelet de "sêfte" wittenskippen, en yn it bysûnder sosjale wittenskippen lykas antropology, sosjology, psychology en filosofy, ynstee fan masineboukunde en/of de "hurde" wittenskippen (lykas natuerkunde, skiekunde en astronomy).
- It is net wittenskiplik akkuraat of oannimlik, en dêrmei it tsjinstelde fan hurde science fiction.
Dy lêste tsjinstelling is wêr't de term 'sêfte science fiction' weikomt, mei't dy ein 1970-er jierren betocht is troch de Australyske letterkundige Peter Nicholls as in namme foar science fiction dy't net beflapt wurde koe ûnder de earder besteande term 'hurde science fiction'.
Definysje
bewurkje seksjeHoe't it ek krekt omskreaun wurde mei, feit is dat sêfte science fiction him mear taleit op 'e beskriuwing fan personaazjes en optochte maatskippijen as op 'e beskriuwing fan wittenskip en masines. It is net in bot sekuere term, mei't it ferskil tusken 'sêft' en 'hurd' net fêstleit en ek net troch eltsenien erkend wurdt. Boppedat omfiemet in science fiction-ferhaal gauris eleminten fan sawol sêfte as hurde science fiction. Men kin dêrom faak net mei wissichheid sizze ta hokker subsjenre of kategory oft sa'n ferhaal heart. It fierst dat men op dat mêd dan gean kin is troch te sizzen dat dit ferhaal mear skaaimerken fan sêfte science fiction hat, wylst dat ferhaal mear skaaimerken omfettet fan hurde science fiction. It hat ek te krijen mei persoanlike opfettings. Guon (natuerkundich ûnderleine) lêzers sille eltse ôfwiking fan it mooglike of wierskynlike (lykas flugger-as-ljochtreizgjen) beskôgje as in skaaimerk fan sêfte science fiction, wylst oaren in klam op karakterûnwikkeling of op 'e maatskiplike ymplikaasjes fan 'e ynfiering fan folslein mooglike mar nije technology as in ôfwiking beskôgje kinne fan 'e fokus op wittenskip en technology dêr't yn harren eagen hurde science fiction om heart te draaien.
Skiednis
bewurkje seksjeHistoarysk wurdt H.G. Wells as ien fan 'e earste skriuwers fan sêfte science fiction beskôge, mei't er him konsintrearre op 'e personaazjes en op harren emoasjes en ynteraksjes ynstee fan op 'e wittenskip of technology efter bygelyks ûnsichtberens (yn The Invisible Man, út 1897) of tiidreizgjen (yn The Time Machine, út 1895). Neffens guon letterkundigen soe de sêfte science fiction fan Wells en dy syn tiidgenoaten, lykas Jules Verne, him ûntjûn hawwe út 'e Goatyske fiksje (in ier subsjenre fan horror) fan Mary Shelley en Edgar Allan Poe.
Yn 'e 1950-er jierren dominearre de sêfte foarm it hiele science fiction-sjenre, en ek yn 'e desennia dêrnei joech it mar stadich terrein priis oan hurde science fiction. Guon fan 'e bekendste foarbylden fan sêfte science fiction wie it oeuvre fan 'e Amerikaanske skriuwster Ursula K. Le Guin, en yn 't bysûnder har roman The Left Hand of Darkness, út 1969. Yn 'e 1980-er jierren ûntstie in oar science fiction-subsjenre, cyberpunk, út sêfte science fiction. Letterkundige Carol McGuirk ûnderskiedt yn 'e hjoeddeistige sêfte science fiction twa streamings: ien dy't se omskriuwt as 'humanistyske science fiction', dy't him taleit op minsken en oare wêzens ynstee fan op technology, en ien dy't se omskriuwt as 'science fiction noir', dy't him taleit op 'e negative aspekten fan it minsklik aard, faak tsjin in dystopyske of post-apokalyptyske eftergrûn.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |