Sint-Helena (eilân)

Saint Helena
Flagge fan Sint-Helena (eilân) Wapen fan Sint-Helena (eilân)
Flagge Wapen
Lokaasje fan Sint-Helena (eilân)
Offisjele taal Ingelsk
Haadstêd Jamestown (Sint Helena)
Steatsfoarm net-soeverein, oerseesk Britsk gebiet
Gebiet
% wetter
425 km²
±0­%
Ynwenners (2016) 4.534 (37,5 km²)
Munt Sint Heleenske pûn (SHP)
Tiidsône UTC +0
Nasjonale feestdei 30 augustus
Lânkoade SH
Ynternet .sh
Tillefoan 290

Sint-Helena is in fulkanysk eilân en in oerseesk gebietsdiel fan Grut-Brittanje. It eilân leit yn de Atlantyske Oseaan tusken Súd-Amearika en Afrika, op 15°45' suderbreedte en 5°42' westerlingte.

Sint-Helena

It oerseesk gebietsdiel bestiet neist Sint Helena út it eilân Ascension en de eilannen fan Tristan da Cunha.

It eilân wurdt bestjoerd troch in Britske gûverneur en in lokaal keazen folksfertsjintwurdiging.

It eilân hie oant yn 2015 allinnich oer de see ferbining mei de rest fan de wrâld. Fan 14 oktober 2017 ôf ûnderhâldt de Súd-Afrikaanske loftfeartmaatskippij Airlink alle wiken in tsjinst nei it eilân út Jehannesburch wei.

It eilân waard ûntdekt op 21 maaie 1502 troch de Portegeeske seeman João da Nova en neamd nei Helena fan Konstantinopel. De Portugezen bouden dêr in kapel en in pear huzen mar it eilân bleau ûnbewenne, ek lieten se dêr geiten los as iten foar de bemanning fan skippen dy't dêr yn de takomst del komme soene.

Fan 1600 ôf wie it eilân goed bekend by kapteins út Portegal, Ingelân, Frankryk en Hollân. It eilân waard benammen brûkt om iten te sammeljen en as moetingspunt op de weromreis fan Aazje nei Jeropa. Fan 1633 oant 1651 wie it eilân yn hannen fan de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen. Dêrnei kaam it eilân yn 1658 yn hannen fan de Britske Eastyndyske Kompanjy, op 'e snuorje fan jannewaris oant maaie 1673 nei, doe't it beset waard troch de Republyk.

Sint-Helena is ferneamd om't Napoleon Bonaparte dêr, yn it saneamde Longwood House, fan 1815 oant 1821 de lêste jierren fan syn libben yn ballingskip sliet. It bleau oant 1981 in Britske kroankoloanje, wêrnei't it de status krige fan in ôfhinklik gebiet fan 'e Britske Kroan. Lange tiid resortearren Ascension en Tristan da Cunha, twa oare Britske eilantsjes yn 'e Atlantyske Oseaan, ûnder Sint-Helena, mar yn 2009 waard Sint-Helena, Ascension en Tristan da Cunha foarme, wêryn't de trije gebieten in gelikense status krigen.

De ynwenners nimme harren sels 'Saints'. De befolking is ûntstien út trije befolkingskloften: Afrikaanske slaven, Sineeske arbeiders en Ingelske kolonisten.

Omdat der in protte wurkleazens hearsket en de loanen leech binne hat in part fan de eilânbewenners Sint-Helena ferlitten. It lêste desennium is de befolking mei in tredde tebekrûn nei 3500 ynwenners yn 2006.


Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: