Sint-Hippolytustsjerke (Middelstum)

De Sint-Hippolytustsjerke is in letgoatyske tsjerke yn Middelstum yn 'e provinsje Grinslân. De tsjerke is ien fan 'e tsjerken fan 'e Stifting Alde Grinslânske Tsjerken, mar de protestantske gemeente fan Middelstum makket regelmjittich gebrûk fan 'e tsjerke.

Sint-Hippolytustsjerke
Lokaasje
provinsje Grinslân
gemeente Iemsdelta
plak Middelstum
adres Concordiaplein
koördinaten 53° 20' N 6° 38' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
patroanhillige Sint-Hippolytus
Arsjitektuer
boujier 14e iuw
boustyl gotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 29894
Webside
PKN Middelstum
Kaart
Sint-Hippolytustsjerke (Grinslân)
Sint-Hippolytustsjerke

De Hippolytustsjerke is in goatyske krústsjerke út de 15e iuw en waard nei alle gedachten mei help fan Onno fan Ewsum boud. As tank foar syn weromkommen út it Hillige Lân soed er opdracht jûn ha ta de bou fan in nije oan Hippolytus wijde parochytsjerke. De bou fûn plak op de fûneminten fan 'e foargonger.

 
Ynterieur.

Yn 1523 wreide Onno's soan Wigbold fan Ewsum de halletsjerke út ta in krústsjerke. Sûnt dy ferbouwing is der net in soad mear feroare oan 'e tsjerke. De sakristy yn 'e hoeke fan it koer en de noarder earm fan it dwersskip is nei alle gedachten yn 'e 16e iuw tafoege. Healwei de 17e iuw krige de toer in lantearne. Yn 'e toer hinget in klokkespul fan 23 klokken út 1662 en getten troch François Hemony. Yn 'e Twadde Wrâldkriich waarden de klokken troch de Dútsers foardere, mar yn 1946 binne se werom hongen. Yn 1949 waarden nochris sân klokken oan it klokkespul tafoege.

Troch ierdskoddings waarden al yn 2014 grutte skuorren yn 'e ferwulften fan 'e tsjerke konstatearre. Sûnt healwei 2021 oant en mei april 2022 wie de tsjerke sletten foar it publyk om 'e ferwulften en skilderingen te restaurearjen.[1]

 
Fresko Sûndefal.

Yn it noarder dwersskip is in epitaaf foar Egbert Onsta (1476). Ek de sakramintsnis fan giele Bentheimêr sânstien hat de reformaasje oerlibbe; de gesichten fan it byldhouwurk waarden yn 'e tiid fan 'e reformaasje fernield en der yn 1876 wer opset.

De tsjerke hat in stiennen ferwulft mei noch in soad fan 'e oarspronklike beskilderingen, dy't nei alle gedachten om 1520 hinne oanbrocht binne. Njonken florale en dierlike motiven binne der sprekwurden en bibelske foarstellings te sjen. Sa wurde de Sûndefal, it Pinksterferhaal en Jezus as wrâldrjochter ôfbylde. Op 'e muorre yn it koer is in foarstelling fan Salvator Mundi te sjen. De skilderings binne yn 1879 ûnder in laach witerskalk ûntdutsen. Fanwegen jildbrek moasten de skilderings wer oerkalke wurde, mar yn 1976-1977 waarden alle foarstellings wer foar it ljocht helle en restaurearre.

De ryk fike preekstoel datearret út 1733. De houten hearebank fan de famylje Lewe datearret út 1703 en foarmet de skieding fan it koer en de rest fan 'e tsjerke.

Petrus van Oeckelen boude yn 1863 in nij oargel foar de tsjerke. Dat oargel ferfong in oargel út 1696 fan Arp Schnitger. Yn 1982 restaurearre Mense Ruiter it oargel, wêrby it pneumatysk pedaal fan Hendrik Vegter út 1936 ferwidere waard. It twamanualige oargel hat 22 stimmen ferdield oer haadwurk (12), boppewurk (8)en pedaal (2). By de lêste restauraasje is de oargelkas wer yn 'e oarspronklike swarte kleur werom brocht.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Peter Karstkarel, Alle Middeleeuwse kerken in Groningen en Drente, Leeuwarden, 2010
  • M.G.J. Duijvendak, Geschiedenis van Groningen, deel I, Waanders, Zwolle, 2008
  • Stifting Alde Grinslânske Tsjerken