Sint-Jehannestsjerke (Mainz)

De Jehannestsjerke (Dútsk: Johanniskirche) is de âldste tsjerke yn 'e Dútske stêd Mainz (Rynlân-Palts). Op de domtsjerke fan Trier nei is it de âldste biskopstsjerke fan Dútslân en de iennige noch besteande Dútske domtsjerke út it merovingyske en ier-ottoonske tiid. Sûnt de wijing yn it jier 910, oant de wijing fan 'e eastlik fan 'e tsjerke lizzende dom yn 1036, wie it gebou de biskopstsjerke fan it aartsbisdom Mainz. Dêrfandinne waard de tsjerke letter as de "Alde Dom" (Alter Dom) oantsjut. Yn 1828 is de oan Jehannes de Doper wijde tsjerke oernommen troch de protestantske gemeente.

Jehannestsjerke

St. Johanniskirche

Lokaasje
lân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
plak Mainz
adres Bischofsplatz
koördinaten 49° 59' N 8° 16' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Protestantske tsjerke (EKD)
patroanhillige Jehannes de Doper
Arsjitektuer
boujier Foar 910
boustyl Gotyk
Webside
Side protestantske gemeente
Kaart
Sint-Jehannestsjerke (Rynlân-Palts)
Sint-Jehannestsjerke

Aartsbiskop Hatto I liet sûnt likernôch it jier 900 de doetiidske domtsjerke bouwe en wijde dy yn 910 yn. It hjoeddeiske bouwurk bestiet út Hatto's tsjerke en letter tafoege feroarings. De tsjerke wie ynearsten oan Martinus fan Tours wijd. Nei 975 liet aartsbiskop Willigis eastlik fan de besteande katedraal in nije katedraal bouwe, de tsjintwurdige domtsjerke. Ek dy nijbou waard om 1036 hinne oan Martinus fan Tours wijd. Mooglik feroare doe ek de patroanhillige fan de âlde dom yn Jehannes de Doper, mar dat is pas sûnt 1128 skriflik bekend. Nei de wijing fan de nijbou yn 1036 waard yn de âlde dom in koarhearenstift ûnderbrocht.

Kening Hindrik waard yn 1002 yn de âlde dom ta kening kroand en aartsbiskop Erkanbald fûn dêr yn 1021 syn lêste restplak.

 
De tombe fan aartsbikop Erkanbald (1021) yn it middenskip

Nei alle gedachten fanwegen de minne fûneminten waard yn de romaanske tiid it dwersskip ôfbrutsen en de krusing yn in travee fan it skip feroare. Yn it midden fan de 13e iuw wie de Jehannestsjerke sa brekfallich, dat paus Gregoarius IX in ôflaat foar de tsjerke útjoech, mar it duorre oant yn de 14e iuw dat der grutskalige bouaktiviteiten plakfûnen. Op it plak fan it westlike koer ûntstie in hege goatyske oanbou. Gruttere feroarings folgen yn de barokke tiid: yn 1685 waard de flier mear as twa meter ferhege, de tsjerke krige in houten krúsgraadferwulft en yn 1737 waard de eastlike apsis ôfbrutsen en ferfongen troch in portaal; yn 1747 krige it westlike koer in barokke koepel. Yn it jier 1767 baarnde in ferbiningsgong tusken de Jehannestsjerke en de dom ôf.

Mei de Frânske besetting sûnt 1792 einige de funksje fan stiftstsjerke. It gebou krige in militêre funksje en mei de sekularisaasje waard it stift ek offisjeel opheft. De tsjerke krige lykwols yn 1828 wer in tsjerklike funksje doe 't de protestanten it gebou tawiisd krigen. De protestanten lieten de tsjerke renovearje, de noardlike kleastergong waard ôfbrutsen en it eastlike portaal en de arkades tusken it middenskip en de sydskippen tichtmitsele om de sydskippen foar in part te ferhieren en foar oare doelen te brûken. De protestantske gemeente fan Mainz naam de tsjerke yn 1830 offisjeel yn gebrûk. Oan it begjin fan de 20e iuw waard it ynterieur de tsjerke neffens de jugendstil feroare.

By in loftoanfal op Mainz yn de Twadde Wrâldkriich baarnde de tsjerke yn 1942 hielendal út. It gebou rekke sa slim skansearre, dat der oer neitocht waard om de tsjerke hielendal ôf te brekken. Sa fier kaam it net en ûnder lieding fan de arsjitekt Karl Gruber út Darmstadt fûn weropbou plak. Gruber besocht de tsjerke safolle mooglik werom te bringen nei it idéale byld fan de oarspronklike letkarolingyske tsjerke fan Hatto. Ut jildbrek fûn in weropbou fan it dwersskip net plak. Ek waard de flier net ferlege nei it oarspronklike nivo. It barokke houten ferwulft waard ferfongen troch in houten spitsferwulft. Op 9 desimber 1956 waard de Jehannestsjerke wer yn gebrûk nommen.

Argeologysk ûndersyk

bewurkje seksje
 
Diel fan de histoaryske flier

Yn de jierren 2009-2010 waarden it dak en it muorrewurk fan de tsjerke renovearre. Foar de nedige sinteraasje waarden der meardere eveneminten organisearre, lykas in benefytkonsert yn de oanbuorjende domtsjerke. Sûnt it midden fan 2013 is de tsjerke in argeologyske put. Der soe flierferwaarmings oanlein wurde en foar de tarieding fûnen opgravings plak, dy't lykwols nei it ûntdekken fan de 9e iuwske flier jimmeroan fierder gyngen. Dêrby waarden resten fûn fan bouwurken dy't oant de romeinske tiid werom gyngen. Op in romeinsk bouwurk út de 1e iuw folge yn de letromeinske tiid in grutter gebou fan 20 meter lang. Dat gebou, dêr't ek trije sokkels fan pylders fan fûn binne, stoartte tsjin it ein fan de romeinske tiid yn. By de opgravings fan 2015 waard it ynstoartte dak mei dakpannen op 'e nij ûntdutsen. Ut deselde tiid datearje nei alle gedachten ek de fragminten fan in grêfstien mei ierkristlike fersierings en resten fan in ynskrift. In oant 10 meter hege muorre fan in dêrop folgjende gebou waard troch de argeologen en ûndersikers datearre op de Merovingyske tiid. Sûnt it midden fan 2017 is it ynterieur fan de tsjerke hielendal skyld. De opgravings geane meters djip ûnder de flier en duorje oan 2022. Yn it westlike diel fan de tsjerke is wer in provisoaryske houten flier lein, sadat de tsjerke wer beheind iepen is foar earetsjinsten.

It ynterieur fan de domtsjerke wurdt wer rekonstruearre lykas dat neffens feroarings yn de Jugendstil oan it begjin fan de 20e iuw der út seach.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Einzelnachweise en Literatur, op dizze side.