Sint-Katarinakatedraal (Utert)
De Sint-Katarinakatedraal yn Utert, better bekend as de Katarijnetsjerke, is de katedraal fan it roomske aartsbisdom Utert.
Sint-Katarinakatedraal | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Utert | |
plak | Utert | |
adres | Lange Nieuwstraat 36 | |
koördinaten | 52° 5'N 5° 7' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
aartsbisdom | Utert | |
patroanhillige | Sint-Katarina | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Alfred Tepe (útwreiding 1895-1900) | |
boujier | 1468-1560 | |
boustyl | gotyk | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 36264 | |
Webside | ||
Side bisdom Utert | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeKleastertsjerke
bewurkje seksjeYn 1468 begûnen de Karmeliten op it plak mei it stiftsjen fan in kleaster, mar noch ear't de bou einige moasten hja yn 1529 plak meitsje foar de Johanniters. Dy lêsten wiene oant dan ta fêstige op it Katarijnefjild, mar moasten dêr wei om't op dat plak fan keizer Karel V in twangboarch (Kastiel Vredenburg) boud wurde moast.
De Johanniters foltôgen it kleasterkompleks, dat bekend kaam te stean as it Katarijnekonvint. De kleastergebouwen bleaune foar it measte bestean en jouwe hjoeddedei ûnderdak oan it Museum Catharijneconvent.
De oan Katarina fan Aleksanderje wijde kleastertsjerke waard yn 1560 foltôge. It giet om in grutte krústsjerke yn goatyske styl, dy't mei syn rûne pylders en koalblêdkapitelen ynfloeden sjen lit fan de Brabânske gotyk. It wie de lêste midsiuwske tsjerke dy't yn Utert boud waard. By de reformaasje yn 1580, tweintich jier nei de foltôging, waard de tsjerke ûntwijd en foar wrâldske saken ornearre. Fanôf 1636 waard de tsjerke lykwols troch de folgelingen fan de grifformearde lear yn gebrûk nommen.
Yn de Katarijnetsjerke binne yn lettere tiid ferskate ferneamde boargers fan Utert te rêste lein, lykas de strang kalvinistyske teolooch Gisbertus Voetius en de skilders Abraham Bloemaert en Gerard van Honthorst.
Katedraal
bewurkje seksjeNei de ynfiering fan de godtsjinstfrijheid yn 1795 sochten de katoliken fan Utert nei tsjerkegebouwen. As iennige fan de midiuwske tsjerken yn de stêd waard yn 1815 de Katarijnetsjerke oan har' werom jûn, earst as garnizoenstsjerke en fanôf 1842 as parochytsjerke. Doe't yn Nederlân de biskoplike hiërargy wer ynsteld waard, krige de Katarijnetsjerke yn 1853 de status fan katedraal.
Tusken 1859 en 1901 waard de katedaal troch Friedrich Wilhelm Mengelberg ynklaaid mei in neogoatysk ynterieur. Mengelberg hat ek wurke foar de roomske tsjerke fan Balk, Harns en Warkum. Yn 1900 waard it skip troch arsjitekt Alfred Tepe mei ien travee nei it westen ta útwreide. Dêrby waard de nijt westlike gevel in krekte rekonstruksje fan de âlde gevel. Mei de westlike útwreiding ûntstie der romte foar in doopkapel oan de súdlike kant en in toer oan de noardlike kant. De 53 meter hege toer is ynspirearre op dy fan it Kamper stedhûs.
By in restauraasje fan 1955 oant 1965 waarden de measte neogoatyske fersierings ferwidere of oerkalke. It ynterieur waard yn dy tiid foar in grut part werombrocht yn de sitewaasje fan 1636, sa't dy op tekeningen fan Pieter Jans Saenredam ferivige waard. Sûnt dy tiid naam de wurdearring fan de neogotyk wer ta en stadichoan ferskynden ek wer neogoatyske keunstwurken yn de tsjerke, lykas yn 2003 doe't de fjirtjin krúsweistaasjes fan Mengelberg út 1898 wer yn de tsjerke kamen te hingjen.
Mooglike sluting
bewurkje seksjeYn 2018 liet it bestjoer fan de Salvatorparochy witte dat se ien fan de twa tsjerken fan de parochy ôfstjitte woel. De parochy koe langer net de lêsten fan twa tsjerken drage en om't de Katarinatsjerke it meast op de begrutting drukte, waard it útstel foardroegen oan de aartsbiskop fan Utert, kardinaal Wim Eijk, om dy tsjerke te sluten. Dat betsjutte dan dat de oare tsjerke fan de parochy, de Augustinustsjerke, yn 'e takomst in katedrale funksje kriget[1]
Nei in soad ferset yn 'e parochy en ferskillende petysjes, gearkomsten en oproppen liet aartsbiskop Wim Eijk op 2 maart 2019 witte dat de katedraal net ferkocht wurde sil en iepen bliuwt.[2]
Ynterieur
bewurkje seksje- Fan it neogoatyske ynterieur binne in tal saken bewarre bleaun. Dêrûnder de stuollen foar de geastliken (1867), de biskopstroan (1868) en it doksaal (1871), dat tsjintwurdich yn it westlike diel fan de tsjerke stiet.
- De neogoatyske bylden fan Katarina, Jehannes de Doper en Barbara binne nei harren ferwidering yn de rin fan de tiid wer yn de tsjerke set. It byld fan Willibrord boppe de yngong fan de Fredeskapel is oarspronklik ôfkomstich út de Amsterdamske Sint-Willibrordustsjerke bûten de Fêste en stiet sûnt 2005 op it plak boppe de kapel.
- De brânskildere ramen datearje fan ferskate gleskers. De ramen fan it noardlike en súdlike transept (it Marije- en it Eucharistyfinster) binne 19e-iuwsk en troch de glesker H. Geuer makke. It westlike finster stamt út it begjin fan de tweintichste iuw (Paradys en de Jongste Dei). Yn 1965-1966 makke it atelier Geutjens út Fenlo neffens in ûntwerp fan Joep Nicolas út Roermûn de trije ramen yn it koer (hilligen en bibelske foarstellings).
- De Marijemedaillons en it byld fan Marije fan Kevelaer yn de Marijekapel komme oarspronklik fan in alter út de yn 1972 ôfbrutsen Marije-Himelfearttsjerke oan de Utertse Biltstraat. Se binne lykas de measte saken fan it ynterieur eartiids makke troch Mengelberg. De Marijekapel waard op 27 oktober 2002 ynwijd en sûnt krigen it byld en de medaillons in plak yn de kapel neffens de opstelling fan it âlde, net mear besteande Marije-alter.
- Under it alter fan 1939 stiet de skryn fan Sint-Willibrordus. De skryn wurdt sûnt 2002 meidroegen yn de Willibrordprosesje.
- Sûnt 7 maart 2004 stiet yn it preesterkoer op it plak dêr't ea it heechalter stie in sakramintstoer. It wurk is ynspirearre op de goatyske deadelantearne út 1483 fan de Marije Magdalenatsjerke yn Dútske Sonsbeck by Xanten.
- De neogoatyske krúsweistaasjes siere sûnt 2003 wer de muorren fan de Katarijnetsjerke.
Oargels
bewurkje seksjeIt haadoargel waard yn 1903 boud troch Michaël Maarschalkerweerd út Utert en troch de katolike boargers skonken oan de katedraal yn it ramt fan it 50-jierrich bestean fan de biskoplike hiërargy. It hie ynearsten 29 registers ferdield oer twa manualen en pedaal. It ynstrumint waard yn 1939 mei noch in manuaal útwreide en ferrike mei mear registers. It oargel waard yn 1996 nochris feroare en restaurearre.
Njonken it haadoargel hat de katedraal ek noch in koeroargel, dat yn 1852 boud is troch Daniel Gray yn Londen-Southwark. It koeroargel waard yn 1989 oankocht en restaurearre troch Fokke-Rinke Feenstra út it Grinslânske Gruttegast.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: nl:Sint-Catharinakathedraal
|