Sint-Lambertustsjerke (Rotterdam)
De Sint-Lambertustsjerke op 'e hoeke Beneden Oostzeedijk/Hoflaan is in roomske tsjerke yn 'e wyk Kralingen yn Rotterdam. De tsjerke is in ryksmonumint en ien fan 'e lêste neogoatyske tsjerken fan 'e stêd, dy't noch brûkt wurdt.
Sint-Lambertustsjerke | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Súd-Hollân | |
plak | Rotterdam | |
adres | Oostzeedijk Beneden 3 | |
koördinaten | 51° 55' N 4° 30' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
bisdom | Rotterdam | |
patroanhillige | Lambertus fan Maastricht | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Evert Margry | |
boujier | 1875-1878 | |
boustyl | Neogotyk | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 506428 | |
Webside | ||
lambertuskerk-rotterdam.nl | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe tsjerke waard yn 'e jierren 1875-1878 boud neffens in neogoatysk ûntwerp fan Evert Margry, in learling fan Pierre Cuypers. De nijbou ferfong in âldere tsjerke út 1802-1830. Op 26 juny waard de tsjerke wijd oan 'e hillige Lambertus, patroanhillige fan Kralingen.
De tsjerke wie fan binnen ynearsten ienfâldich, mar it ynterieur waard yn 1903 yn it ramt fan it jubileum fan 'e pastoar beskildere mei bibelske foarstellings. Yn 'e jierren 1920 waard de tsjerke útboud mei sydskippen. By it bombardemint op Rotterdam yn 1940 waard de tsjerke net skeind.
Ynterieur
bewurkje seksjeYn 1969 binne der modernisearrings útfierd. De preekstoel, de kommunybank en de oarspronklike banken binne doe ferwidere. Ek waarden de oan Marije en de Hillige Famylje wijde sydalters ôfbrutsen en de romte rjochts fan it haadalter waard ynrjochte as doopkapel. De tsjerke bleau lykwols foar in grut part oarspronklik. It middenskip en it dwersskip hawwe in beskildere houten ferwulft, wylst de sydskippen stiennen ferwulften ha. Yn it koer binne de oarspronklike brânskildere ramen noch oanwêzich. Tsjin de muorren fan it middenskip steane grutte bylden fan de apostels. Oan 'e triomfbôge boppe it alter is it Laam Gods mei de fjouwer evangelisten skildere. De tsjerke hat in skildere krúswei fan 'e Flaming F. van Beers út likernôch 1900. De oarspronklike doopkapel is tsjintwurdich wijd oan Us Leaffrou fan Lourdes.
Oargel
bewurkje seksjeIt twamanualige oargel mei frij pedaal waard yn 1900 troch de firma Maarschalkerweerd & Soan út Utert boud. Ferskate oargelbouwers feroaren de disposysje nei 1950. By in restauraasje troch de firma Vermeulen út Weart yn 1982 krige it ynstrumint de oarspronkliklike disposysje werom. Allinne de oarspronklike Dolce 8′ kaam net werom op it swelwurk, yn stee dêrfan waard in Quintadeen 8′ yn Maarschalkerweerd-faktuer set. Op 19 septimber 1982 waard it oargel wer yn gebrûk nommen. Yn 2001 fûn in revyzje fan it oargel plak troch Nico van Duren. Dêrby binne de membranen fernijd. De reekskea as gefolch fan in brân yn 'e sakristy fan 2007 waard fuort yn oarder makke, alle roet en stof waard ferwidere en it oargel waard optimaal stimd.[1]
Klokken
bewurkje seksjeYn 'e Twadde Wrâldkriich waarden de twa klokken foardere troch de besetter. Yn 1947 skonken de parochianen twa nije klokken. Yn 'e toer hingje twa lietklokken mei de toanen G' en D'. Yn 'e tsjerke is yn it noardlike Marijekoer in lytse klok, dy't eartiids nei alle gedachten yn 'e krusingstoer hong.
Keppeling om utens
bewurkje seksje- PDF Gewelven in de H. Lambertuskerk
- Ynformaasje en disposysje Maarschalkerweerd-oargel op de side fan de tsjerke
- Kerkfotografie: ôfbylden fan de tsjerke
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|