Sint-Lazarustsjerke (Larnaka)

De Sint-Lazarustsjerke (Gryksk: Ιερός Ναός Αγίου Λαζάρου, Ierós Naós Agíou Lazárou) is in let 9e-iuwsk tsjerkegebou yn Larnaka op it eilân Syprus. De Lazarustsjerke heart ta de Tsjerke fan Syprus, in autosefale Gryksk-Otterdokse Tsjerke.

Sint-Lazarustsjerke
Ιερός Ναός Αγίου Λαζάρου
Lokaasje
lân flagge fan Syprus Syprus
plak Larnaka
adres Ayiou Lazarou
Arsjitektuer
boujier 9e iuw
Webside
www.agioslazaros.org
Kaart
Sint-Lazarustsjerke (Syprus)
Sint-Lazarustsjerke

De Lazarustsjerke is ferneamd nei de Nije Testamintske figuer Lazarus fan Betanië, dy't neffens it Evangeelje fan Jehannes, troch Jezus út de dea opwekke wurdt. Neffens de eastersk-otterdokse tradysje waard Lazarus nei de opstanning fan Jezus twongen om út Judeä te flechtsjen fanwegen geroften oer in oanslach op syn libben en sa kaam Lazarus nei Syprus. Dêr waard er troch de apostel Paulus en Barnabas as de earste biskop fan Kition (no Larnaka) beneamd. Hy soe noch tritich jier libbe hawwe en by syn dea dêr foar de twadde en lêste kear begroeven wurde. Oer it twadde grêf fan Lazarus waard de Agios Lazaros boud.

Skiednis en arsjitektuer

bewurkje seksje

De oerlevering wol ha dat it plak fan it grêf fan Lazarus yn 'e tiid fan 'e Arabyske oerhearsking sûnt 649 ferlern gie. Yn 890 waard yn Larnaka in tombe fûn mei de ynskripsje "Lazarus, fjouwer dagen dea, freon fan Kristus". Keizer Leo VI fan Byzantium liet de reliken fan Lazarus yn 898 oerbringe nei Konstantinopel. Dy reliken waarden letter by de plonderingen fan 'e Fjirde Krústocht yn Konstantinopel nei Marseille brocht en ferdwûnen dêrnei.

As fergoeding foar it weiheljen fan 'e reliken út Larnaka liet keizer Leo yn 'e lette 9e iuw de Lazarustsjerke oer de tombe bouwe.

 
Ynterieur.

De tsjerke is in langwerpich gebou fan 31,5 x 14,5 m. De tsjerke is ferdield yn trije skippen mei dikke dûbele pylders en bôge-iepeningen. Dy pylders drage it gewicht fan 'e koepels dy't dêrmei it sintrale skip foarmje, wylst de noard- en súdskippen in heal-silindrysk dak drage, ferdield yn krúsferwulften. De stiennen fan 'e tsjerke besteane benammen út fjouwerkante kalkstiennen blokken fan likernôch in meter dik. De tsjerke hat in iepen portaal.

Under Frankysk en Fenesiaansk bewâld (13e oant 16e iuw) waard de tsjerke roomsk-katolyk. Oan 'e súdkant waard yn dy tiid in portiko yn goatyske styl tafoege.

De trije ymposante koepels boppe it middenskip fan 'e otterdokse basilyk en de oarspronklike klokketoer waarden ferneatige, nei alle gedachten yn 'e earste jierren fan 'e Ottomaanske besetting sûnt it jier 1571, doe't de tsjerke yn in moskee feroare waard. Yn 1589 ferkochten de Ottomanen de tsjerke werom oan 'e otterdoksen, nei alle gedachten fanwegen it kristlike begraafplak. Foar de folgjende twahûndert jier waard de tsjerke troch sawol otterdoksen as katoliken brûkt. It portaal draacht resten fan Grykske, Latynske en Frânske ynskripsjes. Yn 1857, nei't de Osmaanske autoriteiten it op 'e nij tastiene om by Syprioatyske tsjerken klokketuorren te bouwen, waard in nije klokketoer yn Latynske styl tafoege.

It houtfykwurk fan 'e unike barokke ikonostaze fan 'e tsjerke waard tusken 1773 en 1782 troch Chatzisavvas Taliadorou makke. De ikonostaze waard tusken 1793 en 1797 fergulde. Guon fan 'e ikoanen waarden oan 'e ein fan 'e 18e iuw skildere troch Michael Proskynetes út Marathasa. Ikoanskilder Hatzimichael foltôge de ikonografy fan 'e ikonostaze yn 1797. Guon fan it houtfike meubilêr (wêrûnder in rokoko-preekstoel oan in pylder foar katolyk gebrûk) en de ikoanen op 'e muorren binne út 17e-iuwsk.

 
Tombe fan Lazarus.

In brân yn 1970 skansearre in grut part fan it ynterieur en brocht in soad skea oan in diel fan 'e ikonostaze. De ikonostaze is foar in part restaurearre en waard tusken 1972 en 1974 op 'e nij fergulde. By de dêrop folgjende renovaasje fan 'e tsjerke waarden op 2 novimber 1972 minsklike oerbliuwsels ûntdutsen yn in moarmeren sarkofaach ûnder it alter, dy't identifisearre binne as in diel fan 'e reliken fan 'e hillige Lazarus. Sa't it bliken die binne se net allegear nei Konstantinopel brocht en bleau in diel dêrfan yn Larnaka.

Op Lazarus-sneon, acht dagen foar Peaske, wurdt de ikoan fan Sint-Lazarus yn in prosesje troch de strjitten fan Larnaka fierd.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: