Slach by Warns

(Trochferwiisd fan Slach by Starum)


De Slach by Warns wie op 26 septimber 1345 tusken in legermacht fan de Friezen en it leger fan de Hollanske greve Willem fan Henegouwen. De Friezen behellen de oerwinning yn de slach, dy't noch alle jierren betocht wurdt.

Der wurdt twivele oer de betroudens fan ien of mear ûnderdielen fan dit artikel.
Sjoch op de oerlisside foar mear ynformaasje en
pas nei kontrôle it artikel oan.



Slach by Warns
Part fan de Frysk-Hollânske oarloggen
Monumint ta oantinken oan de Slach by Warns
De tinkstien op it Reaklif mei op de eftergrûn de Sudermarpolder
datum: 26 septimber 1345
plak: Starum, Warns
útkomst: Oerwinning Friezen
konfliktpartijen
Flagge Greefskip Hollân Greefskip Hollân Fryslân
befelhawwers
Flagge Greefskip Hollân Willem IV fan Hollân Friezen
 
De Fryske lannen om it jier 1300 hinne.

De Friezen hienen yn 'e midsiuwen har eigen frijheidsideology mei in eigen bestjoerlik systeem en rjochtspraak. Dat waard it konsept fan de Fryske frijheid. Dy Fryske frijheid soe neffens ferskillende boarnen foar elk fan de Sân Fryske seelannen jilde, mar wie yn 'e praktyk it sterkst tusken it Fly en de Wezer mei de Upstalbeam as belangrykste utering dêrfan.

Yn de rin fan de Midsiuwen krigen de Friezen te meitsjen mei in lange rige oanfallen op harren autonomy. Alle Sân Fryske seelannen waarden oanfallen troch wrâldske en geastlike hearen dy’t harren rjochten jilde litte woenen. Foarbylden dêrfan binne de Frysk-Hollânske oarloggen, de Westfryske oarloggen en de Slach by it Wremer Djip.

Mei it ferlies fan de Friezen yn de Slach by Froanen kaam der yn 1297 in ein oan de Fryske frijheid yn Westfryslân. De Sudersee sil help tsjin de besetter fan de oare Fryslannen út opkeard hawwe. De greven fan Hollân hienen dêrtroch de hannen frij en koenen fierder mei gebietsútwreiding. Nei Westfryslân soe Westerlauwersk Fryslân it doel wurde fan de Hollânske ekspânsje. Yn Starum woenen de Hollanners by it Sint-Odulphuskleaster in sterk fort meitsje om dêrwei de Fryske goäen oan de Lauwers ta te feroverjen.

De Hollanners stutsen yn de iere moarn fan 26 septimber 1345 fan wâl yn Inkhuzen. It leger fan de Hollaners fear ûnder lieding fan greve Willem fan Henegouwen en hartoch Jan fan Beaumont oer de Sudersee nei Starum en Laaksum ta. It doel fan de ûndernimming wie it ynnimmen fan Starum, dêr't se by it Sint-Odulphuskleaster in fort bouwe woenen. It plan wie om dan út Starum wei de Fryske goäen oan de Lauwers ta te feroverjen. De skippen fan de Hollanners moasten dêrom net allinnich ridders en oar kriichsfolk meinimme, mar ek arbeiders en boumaterialen en iten. De Hollânske ridders koenen troch de beheinde romte allinnich mar harren harnassen meinimme, de hynders koenen net mei de Sudersee oer.

De troepen fan hartoch Jan fan Beaumont kamen noardlik fan Starum op 'e wâl en teagen fuort op de stêd oan. It leger fan greve Jan fan Henegouwen soe fan de oare kant nei Starum ta komme en gongen by Laaksum it lân op. De doarpen Laaksum en Warns waarden yn 'e brân stutsen troch de troepen fan Jan fan Henegouwen. By Warns begûn it tsjinoffensyf fan de Friezen. De ridders mei har swiere harnassen en sûnder hynders wienen gjin sterke partij tsjin it Fryske leger dat út boeren en fiskers bestie. Dêrtroch moasten de Hollanners flechtsje nei it Reaklif ta. Yn de sompige grûn by it klif waarden de Hollanners ferslein. Dêrby koe ek greve Willem it libben net mear hâlde. Doe't de troepen fan de hartoch fan Beaumont dat hearden woenen ek sy weromflechtsje. Underweis nei de skippen ta waarden de Hollanners folge troch de Friezen. Lang om let koe der mar in lyts part fan dat leger weromkomme nei Amsterdam.

De strategyen fan de Hollanners yn de Slach by Warns dienen gjin fertuten. Yn it foarste plak waard de legermacht fan de Hollanners yn twa groepen opdield.

Willem kaam noardlik fan Starum oan lân en Jan fan Beaumont súdlik fan de stêd. Boppedat sette Willem gleonhastich op Starum oan sûnder te wachtsjen op syn bôgesjitters. It slagge Willem en 500 man kriichsfolk om by it Sint-Odulphuskleaster te kommen omdat de Friezen har bewust komme lieten. De Friezen koenen dêrtroch Willem en syn 500 man fan de oare troepen skiede en him oer it mêd komme. Dêrnei weefden de Friezen mei de oare troepen ôf dy't net mear werom koenen nei de skippen om't dy te fier foar de kust leinen.

De hartoch fan Beaumont hie oare swierrichheden yn it sompige lân by it Reaklif. De Hollanners hienen derfoar keazen om gjin hynders mei te nimmen foar de ridders. De ridders, dy't wol harnassen droegen, wienen dêrtroch minder mobyl as it Fryske kriichsfolk. It kamp fan de Hollanners wie net taktysk keazen sadat de Hollanners oan de iene kant allinnich mar nei see ta koenen wylst se fan de oare kant oanfallen waarden troch Friezen. De Friezen folgen de Hollanners it wetter yn sadat se allegear deaslein waarden.

Nei de slach

bewurkje seksje

Troch de oerwinning fan de Friezen soe de Fryske frijheid noch sa'n 150 jier oanhâlde. Yn it jier 1396 besochten de Hollanners nochris in oanfal op Fryslân yn de Slach by Skoattersyl. Dy slach like ynearsten wûn troch de Hollanners, mar dy lutsen har nei tsien dagen werom. De Friezen wienen ûnderwylst sels fertiisd yn in partijstriid tusken de Skieringers en Fetkeapers. Dy partijstriid krige syn hichtepunt yn de Grutte Fryske Oarloch (1413-1422). Yn 1498 kaam der yn Westerlauwersk Fryslân in ein oan de Fryske frijheid. Keizer Maksimiliaan I fan it Hillige Roomske Ryk makke yn dat jier Albrecht fan Saksen gûverneur (potestaat) fan Fryslân tusken Fly en Iems. De Fryske frijheid kaam troch de ynterne partijstriid fan de Skieringers en Fetkeapers oan syn ein. De lêste kear dat de Hollanners ferdreaun waarden út Fryslân wie yn it jier 1414.

 
Ynformaasjeboerd op it Reaklif
  De Wikipedy hat ek in side Betinking fan de Slach by Warns.

Neffens de Frjentsjerter heechlearaar en Frysk skiedskriuwer Pier Winsemius (1586-1644), hawwe de Friezen de 26e septimber ta eare fan Maria ynsteld as tank foar de behelle oerwinning op de greve: Us Frysk Ljeaffrouwedei. Mei de komst fan Albrecht fan Saksen yn 1498 wurdt dat tsjerklik feest ferbean en ek ûnder it regear fan Karel V fan it Hillige Roomske Ryk bliuwt dat sa.

De moderne Betinking fan de Slach by Warns wurdt sûnt 1945 holden, neidat de Fryske Rie yn 1942 al de earste betinking organisearre hie.[1] Yn de tritiger jierren fan de 20e iuw kaam it idee op om in nasjonale Fryske tinkdei te organisearjen. Nei de Twadde Wrâldkriich hat dat syn beslach krigen op it Reaklif. Pas op 26 septimber 1945 – 600 jier nei de Slach út 1345 – slagget it om op it Reaklif in „bewegingsdei‟ te organisearjen op oanstean fan de krekt oprjochte Ried fan de Fryske Beweging. Yn 1951 keapet de dêrfoar oprjochte ‟Stifting Slach by Warns‟ in stik lân op it Reaklif om dêr in monumint op sette te kinnen. It jild wurdt byinoar helle troch it útjaan fan keapbewizen foar ƒ 2,50 de kante meter. Mei ynset fan frijwilligers by de bou fan it monumint – neffens plan en tafersjoch fan arsjitekt Arjen Witteveen – kin yn 1952 de betinking by de stien holden wurde.[2][3] Grif sille in soad minsken by it hearren fan de Slach by Warns fuortendaliks tinke oan de rigel leaver dea as slaef. Dy rigel is te finen op de tinkstien.

De betinking fan de Slach by Warns wurdt noch alle jierren op de lêste sneon fan septimber betocht. By de betinking hearre muzyk en sprekkers. De ûnderwerpen fan de sprekkers binne ornaris taal, ûnderwiis, taalbelied, desintralisaasje en demokrasy.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
 
>

Noaten

  1. Het Nationale Dagblad, 26 september 1942.
  2. Tom Dykstra, De betinking ‘Slach by Warns’ betocht, yn Swingel 28, siden 5 oant en mei 8
  3. Hinne Bokma,'Slach by Warns wordt morgen voor de 65e keer herdacht. "Der wurdt wol tocht dat dy stien der al iuwen leit"', yn: Friesch Dagblad, 24 septimber 2010

Literatuur

  • (fy) Groustra G., De slach by Starum 1345, Boalsert, 1978
  • Graaf, R. de (2004): Oorlog om Holland 1000-1375, Utjouwerij Verloren, Hilfertsom, ISBN 9065508074, s. 273-308
  • Janse, A., Grenzen aan de macht. De Friese oorlog van de graven van Holland omstreeks 1400, De Haach, 1993.