Stasjon De Vink
Stasjon De Vink (Dvnk) is in spoarweistasjon yn de gemeente Leien yn de provinsje Súd-Hollân. En waard iepene yn 1906 oan de Alde line (Amsterdam Sintraal - Rotterdam Sintraal). Yn 1928 waard it stasjon sletten, mar yn 1985 waard it stasjon op 2 juny weriepene.
Stasjon De Vink station De Vink | ||
Stasjon De Vink yn 2023 | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Súd-Hollân | |
Gemeente | Leien | |
plak | Leien | |
adres | Alexandrine Tinneplein 298 | |
arsjitektuer | ||
stasjonskoade | Dvnk | |
iepening | 1 jannewaris 1906 2 juny 1985 Weriepening | |
sluting | 15 maaie 1928 | |
boujier | 1995 | |
arsjitekt | Th.J.B. Fikkers | |
oare ynformaasje | ||
perrons | 2 | |
perronspoaren | 4 | |
spoarline | Alde line | |
offisjele webside | ||
NS stasjonsynformaasje | ||
kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeIt stasjon is eartiids ferneamd nei in njonkenlizzende útspanning. Bûten de besteande wachterswenning wiene der gjin fierdere foarsjenningen en yn 1928 ferdwynt De Vink alwer út it Spoarboekje.
Yn de jierren 80 binne sawol Leien as Voorschoten sa groeid dat NS yn 1985 op hast itselde plak stasjon De Vink wer yn gebrûk nimt. De spoarline foarmet op 'e hichte fan it stasjon de gemeentegrins tusken beide plakken en dy krijt dêrom yn earsten gjin offisjele namme. Mei it each op de spoarferdûbeling tusken Leien en De Haach hat it stasjon de earste tiid nei de weriepening houten perrons, inkelde ienfâldige wachtromten en in ienfâldige brêge oer de spoaren.
Yn 1991 is de nije tunnel ûnder de spoaren klear en kin de tydlike brêge sloopt wurde. Yn 1995 binne de spoarferdûbeling en de nijbou fan it stasjon nei ûntwerp fan arsjitekt Theo Fikkers ree.
Gebou
bewurkje seksjeDe Vink hat twa eilânperrons dy 't út de tunnel wei mei treppen en liften te berikken binne. Beide perronnen hawwe 40 meter lange oerkapingen. Op it plein oan de Leidske kant stiet in ienfâldich stasjonsgebou. Oan de kant fan it spoar hat it gebou in lytse rûne toer.
Treinûngelok by De Vink (1926)
bewurkje seksjeOp 9 septimber 1926 ûntspoarde by De Vink, tusken Voorschoten en Leien, de om 14.21 oere út Rotterdam Delftsche Poort ôfsetten sneltrein 218, dy't ûnderweis wie nei Amsterdam Sintraal.
Nei it passearjen fan kastiel Duivenvoorde by Voorschoten bliek de stoomlokomotyf sterk te skommeljen. De masinist sleat dêrnei de stoomtafier ôf en hearde dêrnei in hurde knal, wêrnei't de lokomotyf sterk ôfremme. Hjirtroch rûn de lokomotyf fêst en kantele mei de tender nei links. De trein wie doe deunby De Vink yn doe noch de gemeente Voorschoten.
De bagaazjewein achter de lokomotyf kaam dwers op it spoar te stean, it earste rydtúch dêrefter glied foar in part fan de spoardyk ôf en bedarre yn in sleat. Fan it twadde houten rydtúch waard de foarwand ôfskuord en waard it dak fersplintere.
De masinist waard fan de lokomotyf slingere, mar seach kâns om efkes letter op de mashine werom te kommen en de stoom ûntsnappe te litten en it fjoer mei sân te dôvjen, wêrtroch't mooglik slimmere gefolgen foarkaam binne. Mar twa kollega's op de trein koene it ûngelok lykwols net mear neifertelle. Hja rekken bedobbe ûnder gleone koallen en ferbrânden troch stoom dy't by de ôfbrutsen stoomfluit ûntsnapte. De haadkondukteur waard út syn útkykpost slingere en bedarre yn in sleat.
By it ûngelok kamen fjouwer minsken om it libben, en rekken tsien minsken swierferwûne en in mearfâld lichtferwûne. Under de deadlike slachtoffers wie it akteurspear Greta Lobo en David Jessurun Lobo.
Treinferbinings
bewurkje seksjeSearje | Treintype | Rûte | Tsjinstroaster |
---|---|---|---|
3300 | Sprinter (NS) | De Haach Sintraal – De Vink – Leien Sintraal – Hoofddorp – Skiphol Airport – Saandam – Purmerein – Hoarn – Hoarn Kersenboogerd | Jûns nei 20:00 oere en yn it wykein wurdt der net riden tusken Hoofddorp en De Haach Sintraal v.v. en tusken Hoarn en Hoarn Kersenboogerd. |
4600 | Sprinter (NS) | De Haach Sintraal – De Vink – Leien Sintraal – Skiphol Airport – Amsterdam Sloterdijk – Amsterdam Sintraal – Weesp – Almere Sintrum – Almere Bûten – Lelystêd Sintrum – Swol | Ryd alline yn de jûnsoeren en it wykein ek fan en nei Den Haach Sintraal. Troch de wike is it ein en begjinpunt Leiden Sintraal. |
6300 | Sprinter (NS) | De Haach Sintraal – De Vink – Leien Sintraal – Heemstede-Aerdenhout – Haarlim | Rydt nei 20.00 oere en yn it wykein tusken Leien Sintraal en Haarlim. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|