Stasjon Voorschoten

Stasjon Voorschoten (Vst) is in spoarweistasjon yn it doarp Voorschoten yn de provinsje Súd-Hollân. It waard iepene yn 1843 oan de Alde line (Utert-Sintraal - Boxtel). (Amsterdam Sintraal - Rotterdam Sintraal). Yn 1944 waard it stasjon sletten, mar yn 1969 waard it stasjon op 28 septimber op'e nij iepene. Yn dit Súd-Hollânske doarp waard yn 1995 it tredde stasjonsgebou sûnt 1868 iepene.

Stasjon Voorschoten
Station Voorschoten
Stasjon Voorschoten yn 2014
Stasjon Voorschoten yn 2014
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Noard-Hollân
Gemeente Voorschoten
plak Voorschoten
adres Stationsplein 1
arsjitektuer
stasjonskoade Vst
type Trochgongstasjon
iepening 1 maaie 1843
28 septimber 1969
sluting 17 septimber 1944
boujier 1868 1e stasjonsgebou
1969 2e stasjonsgebou
1995 3e stasjonsgebou
sloopjier 1969 1e stasjonsgebou
1992 2e stasjonsgebou
arsjitekt 1868
ûnbekende arsjitekt
1e stasjonsgebou
1969
C. Douma
2e stasjonsgebou
1995
J. Bak
3e stasjonsgebou
oare ynformaasje
perrons 2
perronspoaren 4
spoarline Alde line
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon Voorschoten (Súd-Hollân)
Stasjon Voorschoten

By de iepening fan it diel fan de âlde line tusken Leien en De Haach yn 1843 krige ek Voorschoten in ienfâldige halte. Pas yn 1868 bout de HIJSM hjir in echt stasjonsgebou.

Treinûngelok by Voorschoten (2023)

bewurkje seksje

By stasjon Voorschoten botste in frachttrein op in boukraan, dy't brûkt waard by wurksumheden oan it spoar. In tsjinkommende reizgerstrein botste dêrnei op de brokstikken fan de kraan, ûntspoarde en kaam neist it spoar yn de greide telâne. De kraanmasinist oerlibbe it ûngelok net.

 
1e stasjonsgebou stasjon Voorschoten om en de by 1935
 
2e stasjonsgebou stasjon Voorschoten yn 1989

It oarspronklike stasjonsgebou fan Voorschoten waard yn 1868 boud 25 jier nei iepening fan it stasjon. It gebou wie in ienfâldich rjochthoekich pân en wie twa ferdjippingen heech en hie oan de kant fan it perron in oerkaping. As gefolch fan de spoarweistaking fan 1944 waard it stasjon sletten. It gebou waard yn 1969 ôfbrútsen nei weriepening fan it stasjon.

It weriepene stasjon krige oan de oare kant fan it spoar in stasjonsgebou bekend as Standerttype Sextant fan de hân fan arsjitekt Cees Douma. Yn 1992 waard de Sextant ôfbrútsen om romte te meitsjen foar de spoarferdûbeling tusken Leien en De Haach en de útwreiding fan it stasjon.

Yn dat jier binne de nije tunnel en it earste eilânperron yn gebrûk naam. Yn 1995 wiene de spoarferdûbeling en it twadde eilânperron ree. De perrons hawwe neist in trep en in lift in fyftich meter lange oerkaping. Oan de eastkant fan de tunnel stiet in ienfâldich stasjonsgebou, nei ûntwerp fan arsjitekt Hans Bak

Treinferbinings

bewurkje seksje
Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
3300 Sprinter (NS) De Haach SintraalVoorschotenLeien SintraalHoofddorpSkiphol AirportSaandamPurmereinHoarnHoarn Kersenboogerd Jûns nei 20:00 oere en yn it wykein wurdt der net riden tusken Hoofddorp en De Haach Sintraal v.v. en tusken Hoarn en Hoarn Kersenboogerd.
4600 Sprinter (NS) De Haach SintraalVoorschotenLeien SintraalSkiphol AirportAmsterdam SloterdijkAmsterdam SintraalWeespAlmere SintrumAlmere BûtenLelystêd SintrumSwol Ryd alline yn de jûnsoeren en it wykein ek fan en nei Den Haach Sintraal. Troch de wike is it ein en begjinpunt Leiden Sintraal.
6300 Sprinter (NS) De Haach SintraalVoorschotenLeien SintraalHeemstede-AerdenhoutHaarlim Rydt nei 20.00 oere en yn it wykein tusken Leien Sintraal en Haarlim.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: