Swarte Mosk

(Trochferwiisd fan Swarte Mosk (Ealsum))

Swarte Mosk is in buorskip dy’t yn de gemeente Noardeast-Fryslân leit. Swarte Mosk leit eastlik fan Ealsum, noardeastlik fan Dokkum en súdwestlik fan Wetsens. Swarte Mosk leit yn de himrik fan Ealsum.

Op 'e Swarte Mosk (2011)
Swarte Mosk yn 1937
De wei fan Dokkum nei Eanjum wie doe noch in makadamwei

De bebouwing fan de buorskip leit rûn de lyknammige krúsing fan de Dokkumerwei, de Sybrandawei en de Mockamawei. De kearn bestiet út 2 adressen oan de Mockamawei en 1 oan de Dokkumerwei.

Op de Swarte Mosk stienen fanâlds twa lytse buorkerijen; no is dêr ek in nije pleats. De kadastrale minútkaart fan 1832 jout in lyts gebou by 'Swarte Mosk' dat al lang fuort is.

Yn it ferline kaam de jeugd út de omkriten yn Swarte Mosk byinoar.[1] De skriuwer Durk van der Ploeg, dy't yn Ealsum wenne hat, ferwiist yn syn romans De Jacht (1988) en Foarby it Boarkumer fjoer (2002) nei Swarte Mosk.[2][3]

Untstean en namme

bewurkje seksje

De oarsprong fan de namme is ûnwis. Guonts tinke dat it de namme fan in kroechje west hat. Letter hie in boerespultsje de namme Swarte Mosk dat yn de iere jierren fyftich ôfbrutsen waard meidat it it ferkear yn 'e wei stie. Swarte Mosk komt net foar yn de beide Schotanusatlassen, de atlassen út de 19e iuw en ek net op de frijwat sekuere earste TMK. [4] De Bosatlas van Fryslân jout de namme foar it earst wol.

Gemeentelike weryndieling

bewurkje seksje

Sûnt 2019 leit Swarte Mosk yn de gemeente Noardeast-Fryslân, dêrfoar lei it yn de gemeente Dongeradiel en foar 1984 lei de buorskip yn sawol de gritenij as de gemeente East-Dongeradiel.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Frysk Deiblêd 17 maaie 2003. Aalsum - Ze ontmoetten elkaar voor het eerst op de ,,swarte mosk’’ bij Aalsum, een soort hangplek voor jongeren in de jaren twintig van de vorige eeuw.
  2. Mar lâns de fjildpaden út Miedein, de Marren, de Fellingen en fan 'e Swarte Mosk komme manlju dy't allegearre it terpke (fan Ealsum) oprinne nei it eindichste hûs fan Hylke Gardenier, út De Jacht, Durk van der Ploeg.
  3. Dat ik stie krekt bûten Dokkum op ’e Swarte Mosk op ’e bus te wachtsjen. Yn ’e oarloch hiene jo fan dy bussen mei gasgenerators. –Durk van der Ploeg
  4. "De swarte mosk bij Aalsum spoedig verleden tijd", Leeuwarder Courant, 9 maaie 1952, s. 2.
  • Noordhoff Atlasproducties (2009). De Bosatlas van Fryslân - Een ontdekkingsreis door Fryslân in kaarten en beelden. Noordhoff Atlas Producties. ISBN 9789001779047