Sybrand Marinus van Haersma Buma
Sybrand Marinus van Haersma Buma (Den Haach, 30 desimber 1903 - Neuengamme, 11 desimber 1942) wie in Nederlânsk boargemaster en lid fan de Kristlik Histoaryske Uny.
Van Haersma Buma wie in soan fan Bernhardus van Haersma Buma en Anna Maria Eduarda van Benthem van den Bergh. Yn 1928 studearre er ôf yn de rjochten oan de Ryksuniversiteit Utert. Yn 1930 waard er boargemaster fan Starum en fan 1938 ôf wie er boargemaster fan Wymbritseradiel.
Yn it begjin fan de Twadde Wrâldkriich waard er lid fan it Legioen van Oud-Frontstrijders (LOF), dat letter opgong yn de Oardertsjinst (OD). Hy krige yn 1941 troch de Dútskers dien, faaks fanwege syn wurk foar it ferset. Yn maaie 1941 waard er oanholden en fêstset yn it Oranjehotel yn Scheveningen. Yn septimber 1942 waard er oer Amersfoart en Oberhausen oerbrocht nei it konsintraasjekamp Neuengamme, dêr't er stoarn is.
Ta oantinken fan Van Haersma Buma is yn it gemeentehûs yn Drylts in troch Willem Valk makke búste oanbrocht [1] en yn Hommerts waard de Van Haersma Bumaskoalle nei him neamd.
Syn soan Bernard van Haersma Buma waard ek boargemaster fan Warkum (1962-1970) en Snits (1970-1993). Pakesizzer Sybrand van Haersma Buma waard nei him neamd.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |