Sytse van der Werf

Sytse van der Werf (Burgum, 10 maaie 1951) is in learaar, sjonger en lietsjeskriuwer út Kûbaard.

Groeide op yn de Skoalstrjitte neist De Pleats tsjinoer it âlde kafee dêr’t Harmen Sytstra jierren earder wierskynlik it liet Moai sûnder wjergea binne de wâlden skreau. Al gau ferhuze de húshâlding nei Drachten en letter nei Dokkum, dêr’t Sytse nei de legere skoalle nei lyseum Oostergoo gie. Fakânsjes brocht er faak troch op Skylge.

Yn 1968 waard er ekonomystudint yn Grins. Nei in blauwe moandei yn it leger waard hy learaar Ekonomy.

Yn syn stúdzjetiid protestearre er tsjin alle maatskiplike misstannen. Hy trede foar it earst op yn 1975 op in soarte fan sjongfestival yn Easterein mei it liet Jan Schotanus wat gie oer de feroarings op it plattelân. Van der Werf wenne yn dy tiid yn Surhústerfean. Omrop Fryslân makke dêrnei regelmjittich opnamen en hy waard faak frege om op te treden. In jier lang wie er fêste lietsjesjonger (skriuwer) by de Grutte Pier Show fan Radio Fryslân.

Ein tachtiger jierren waard it optreden geandewei wat minder. In hiel skoft trede er ek net op omdat hy der net folle nocht mear oan hie. Hy bleau lykwols wol skriuwen.

Dat feroare sawat yn it jier 2005 doe’t op oantrún fan syn maat Doede Bleeker syn earste cd opnaam dy’t útkaam ûnder de titel Ljocht en Skaad. Sûnt dy tiid binne der wer optredens, allinne mar ek faak mei Johan Keus, Hans Battenberg en Bert Otten. Mei dy lêsten hat er in muzykprogramma makke mei as titel Underweis dat op 13 april 2007 yn de Bidler yn Wergea yn premjêre gien is. Fan de lieten út dat programma is ek in cd opkommen.

Spilet geregeldwei yn in kafee foar it Oranje feestkomitee yn Dokkum. Sytse spilet dêr faak 'Hamme Hos' dat goed bekend is yn Dokkum. Der is sels in orkest yn Dokkum nei him neamd. Dit Hamme Hos-orkest bestiet út 55-plussers dy’t graach mei elkoar muzyk meitsje, in soad wille mei elkoar ha en ek gauris optrede. Van der Werf sjongt mei op in cd fan it shantykoar De Admiraliteitssjongers dêr't hy in bysûndere bân mei hat.

Sûnt begjin 2009 is hy keazen as wâlddichter/sjonger fan de gemeente Achtkarspelen en treedt op by ferskillende gelegenheden mei gedichten, ferhalen en lieten. Ein 2009 waard hy troffen troch in beroerte. Benammen gitaarspylje is noch dreech, mar stim en teksten binne noch ynoarder en yn 2012 hat er in literêr programma mei gedichten en begelieding fan Bennie Huisman.

  • Underweis (2007), tegearre mei Johan Keus, Hans Battenberg en Bert Otten en sjongster Cora Schram.
  • Ljocht en Skaad (2005), mei begelieding troch Johan Keus (gitaar), Hans Battenberg (fioele) en Bert Otten (akkordeon).

Dêrneist kamen lieten fan him út op de sammelcd’s fan Omrop Fryslân. Der is ek in cd mei âldere opnamen dy’t er by Omrop Fryslân makke hat, mar dy is nea útjûn.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: