Taylor Wane, echte namme: Joanna DuTremble (Gateshead (Ingelân), 27 augustus 1968), is in Britsk neakenmodel, stripper, pornografysk aktrise, pornoregisseur en kollumniste, dy't yn it ferline ek wol gebrûk makke fan 'e artystenammen Joanna, Joanna G, Fayrin Heitz en Farran Heights. Har namme wurdt ek wol misstavere as Taylor Wayne. Hja sette yn 1990, nei't hja emigrearre wie nei de Feriene Steaten, útein mei in karriêre yn 'e pornoyndustry fan Hollywood. Sûnt hat Wane har ûntjûn ta ien fan 'e grutte nammen fan 'e Amerikaanske pornowrâld. Dêrnjonken hat se ek meiwurke oan fideoklips en reklamespotsjes, en teffens hat se optreden mei sjonger Kid Rock.

Taylor Wane
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Taylor Wayne, Joanna, Joanna G,
Fayrin Heitz, Farran Heights
echte namme Joanna DuTremble
nasjonaliteit Britsk
berne 27 augustus 1968
berteplak Gateshead (Ingelân)
etnisiteit Ingelsk
Frânsk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise, regisseur
jierren aktyf 1990 – no
offisjele webside
www.taylorwane.com

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Taylor Wane woe as bern altiten skoaljuffer wurde, mar keas letter foar in siktariële oplieding. Doe't se achttjin wie, skreau har mem har yn foar in kalindermodellewedstryd, dy't se wûn. Se hie doe de smaak te pakken en woe fierder as model. Al rillegau fûn se in modelleburo dat har wol ynskriuwe woe. Nei't se nei Londen ferfearn wie, begûn se topless te posearjen. Doe't se dêr grut súkses mei hie, emigrearre se nei de Feriene Steaten, dêr't se har nei wenjen sette yn Los Angeles, yn 'e steat Kalifornje. Se ûnderhold har dêr in jier lang mei topless en neaken posearjen foar neakenblêden, foar't se úteinlik yn 1990 har debút makke yn in pornografyske film. Sûnt hat se, neffens de Internet Adult Film Database (IAFD), yn mear as 250 pornofilms spile. Teffens hat se har eigen produksjebedriuw, Taylor Wane Entertainment, opset. Wane is sels webmaster fan har eigen offisjele webside en bringt in protte tiid troch mei it by de tiid hâlden fan www.taylorwane.com, en mei persoanlike e-mailkontakten mei har fans. Yn 1992 wûn se in AVN Award foar de bêste sekssêne mei in pearke.

 
Taylor Wane yn 2014.

Njonken har aktearjen en har wurk efter de skermen yn 'e pornoyndustry gie Wane ek troch mei posearjen foar neakenblêden. Sa stie se yn 1994 yn 'e Penthouse en wie se Penthouse Pet fan 'e moanne juny. Fral yn har heitelân Ingelân hawwe der artikels en fotoreportaazjes oer har yn frijwat kranten en bûlevaarblêden stien, lykas de The Independent, The Daily Sport, Best, The Sun, The Star en The News of the World. Fierdersoan skriuwt se ek kollums, sa't se dat fiif jier lang foar it tydskrift Swank Magazine dien hat. Kollums fan har hân binne fierders ek ferskynd yn LIPS, en artikels skreau se twa jier lang foar de Erotic Film Guide. Op it ynternet skriuwt se elts fearnsjier in artikel foar Insidethelair.com.

Wane is fierders ien fan 'e aktrises út 'e pornoyndustry dy't de measte saneamde crossovers (tydlike oerstappen of útstapkes nei mainstream-films of -tillefyzje) makke hat. Sa wie se bgl. te sjen yn fideoklips fan nûmers as Sastinas fan Glenn Danzig, The Soak Game fan Game Related en Fire Starter fan Gene Simmons. Ek stie se op 'e cover fan it album Front and Back – Greatasstits fan 'e band The Nobodys, dy't it nûmer Perfect skreaune as oade oan har. Wane hat in stúdzje dien oan 'e Charles Conrad Akteursskoalle te Burbank, en teffens hat se fiif jier lang sjonglessen nommen. Se brûkte de kennis dy't se dêrby opdie foar har optredens as stripper, dêr't se tsien jier lang de hiele Feriene Steaten en Kanada mei troch reizge. Yn 2003 trede hja op as dûnseresse mei de Amerikaanske sjonger Kid Rock, doe't dy in konsert hold yn it Universal Amphitheatre yn Los Angeles, as ûnderdiel fan syn American Bad Ass-toernee.

Ek op tillefyzje wie Taylor Wane gauris te sjen. Sa wurke se yn 2001 mei oan 'e HBO-searje The Mind of the Married Man. Yn 'e mande mei Samuel L. Jackson en Ron Jeremy makke se in promoasjespotsje foar de útrikking fan 'e MTV Awards. Fierders ferskynde se yn 1991 yn it geroftmeitsjende praatprogramma The Jerry Springer Show en in ferskaat oan oare praat- en realityprogramma's. Ek hie se in lyts roltsje yn 'e Hollywood-spylfilm 48 Hours (mei Eddie Murphy en Nick Nolte), út 1988, en spile se yn 1996 ien fan 'e haadrollen as in goede heks yn Cyberkidz, in pilot fan in tillefyzjesearje. Yn 2003 fêstige Wane in nij (ûnoffisjeel) wrâldrekôr foar it útfieren fan 'e measte stantsjes út 'e Kama Sutra binnen sechstich tellen, foar de Britske tillefyzjeprodusint The Unofficial Sexual World Records. Taylor Wane hat, ta ein beslút, ek noch har eigen stripboeksearje, dy't fan Vamptrix hjit.

Lichemsskaaimerken

bewurkje seksje

Taylor Wane is blank. Se hat blûn hier en brune eagen. Neffens har offisjele opjefte is se 1.57 m lang, mei in gewicht fan 50 kg. Se hat kupmaat 38DD, wêrfoar't se in boarstfergruttingsoperaasje ûndergien hat. Wane hat gjin tatoeaazjes en gjin piercings, útsein troch har earlellen.

Prizen en Nominaasjes

bewurkje seksje
Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
1992 AVN Award wûn bêste sekssêne mei in pearke X Factor – The Next Generation
1997 AVN Award nominearre bêste film fan it grutte-boarstesjenre Dirty Deed
2003 AVN Award nominearre bêste spesjaliteit fan it jier Catfight Club
2005 AVN Award ynhuldige AVN Hall of Fame n.f.t.
nominearre bêste ynteraktive dvd Interactive Sex with Nurse Taylor

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.