The Clairvoyant (film út 1982)

film út 1982 fan Armand Mastroianni

The Clairvoyant, ek bekend as The Killing Hour, is in Amerikaanske psychologyske horrorskriller út 1982 ûnder rezjy fan Armand Mastroianni, mei yn 'e haadrollen Perry King, Elizabeth Kemp en Norman Parker. De titel betsjut "De Heldersjende". It ferhaal folget in plysjeresjersjeur en de presintator fan in praatprogramma, dy't allebeide jacht meitsje op in searjemoardner waans moarden begien wurde troch it gebrûk fan hânboeiens. In jonge heldersjende studinte liket in bân mei de moarden te hawwen. The Clairvoyant waard yn 'e Feriene Steaten nea yn 'e bioskoop útbrocht, mar yn Frankryk wol. Yn it Feriene Keninkryk waard de film ferbean troch de sinsuer omreden fan obseniteit.

The Clairvoyant
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Armand Mastroianni
produsint Robert Di Milia
Edgar Lansbury
Joseph Beruh
senario Armand Mastroianni
B. Jonathan Ringkamp
kamerarezjy Larry Pizer
muzyk Alexander Peskanov
filmstudio Lansbury/Beruh Productions
Hour
distribúsje 20th Century Fox
spilers
haadrollen Perry King
Elizabeth Kemp
Norman Parker
byrollen Barbara Quinn
Kenneth McMillan
Jon Polito
Joe Morton
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 24 oktober 1982
foarm langspylfilm
sjenre psychologyske horrorskriller
taal Ingelsk
spyltiid 97 minuten
budget en resultaten
budget ûnbekend
opbringst ûnbekend

As it stoflik omskot fan in tsjeppe jonge frou, neaken en mei hânboeiens om, oantroffen wurdt yn New York wylst it de rivier de Hudson ôfdriuwt, kriget resjersjeur Larry Weeks de lieding oer it ûndersyk nei de moard. Weeks is net inkeld in plysjeman, mar ek in aspirearjend komyk. Hy hat kunde oan Paul "Mac" McCormack, de presintator fan in populêr praatprogramma op 'e tillefyzje, dy't belangstelling foar de moardsaak toant. It docht al rillegau bliken dat de dieder in searjemoardner is, dy't troch de media de 'Handcuff Killer' ("Hânboeiensmoardner") neamd wurdt. In elektrisiên wurdt mei hânboeiens oan in elektryske lieding fêstset, sadat er elektrokutearre wurdt. In oare man wurdt by it swimmen fan banen yn in fierders leech swimbad mei hânboeiens om it ankel oan 'e ûnderste triem fan it swimbadtrepke fêstset, sadat er net mear boppe it wetter útkomme kin en ferdrinkt. Weeks belûkt McCormack almar mear by it ûndersyk.

Underwilens tekenet Virna Nightbourne, in jonge studinte by de Arts Student League of New York, in rige portretten dy't de moarden sjen litte. Dat docht se net mei opsetsin, mar ûnwillekeurich. Har keamergenoate Muriel Watson, in ferpleechkundige yn oplieding, merkt de oerienkomsten fan 'e tekenings mei de moarden fan 'e Handcuff Killer op, mar Virna kin net útlizze hoe't sy dy sa sekuer op papier krije kin, wylst se de slachtoffers noch nea met hat en likemin foto's fan 'e plakken delikt sjoen hat.

Lang om let tekenet Virna in portret fan harsels as ien fan 'e slachtoffers fan 'e searjemoardner, en teffens hat se in njoere nachtmerje oer in frou dy't mei hânboeiens oan in bêd fêstmakke wurdt. Hja rekket benaud en beslút mei har tekenings nei de plysje te gean. Wannear't resjersjeur Weeks har derop ferget hoe't it mooglik is dat se sokke tekenings makket, leit Virna út dat it ûnbewust giet en dat se as bern ek al heldersjende fermogens hie. Yn it stedsje dêr't se opgroeide, hat se as famke ris holpen om in fermiste leeftydsgenoate op te spoaren en te rêden, in Elizabeth. It griist har oan as Weeks har fertelt dat de deade frou út 'e rivier dyselde Elizabeth is, dy't as folwoeksene ûnder de namme Betty Mercer as barkeeper yn in BDSM-bar wurke.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

In trêde manlik slachtoffer fan 'e Handcuff Killer, diskear in hoereklant, wurdt mei hânboeiens yn in liftskacht fêstmakke en deadrukt as de liftkabine omleech komt. Underwilens begjinne sawol Weeks as McCormack om Virna te stykjen. McCormack wurdt yn syn appartemint oanfallen troch in jongeman dy't letter identifisearre wurdt as Willie González, in Portorikaanske ymmigrant. As dy by him thús troch de plysje oanholden wurdt, hâldt er fol dat er troch immen betelle wie om McCormack oan te fallen, mar hy wol de namme fan syn opdrachtjouwer net priisjaan. Ynstee besiket er, befongen troch panyk, om út te naaien fia de brântrep, wêrby't er troch in plysjeman deasketten wurdt.

Dyselde jûns giet Virna mei Weeks op in soartemint ôfspraakje nei in stand-upcomedyklub, mar yn 't foar praat se mei Muriel ôf dat dy har dêr by harren jaan sil as se út har wurk komt. Under de show wurdt Virna troch in servearster nei de tillefoan ta roppen, mei't der foar har skille is. It docht bliken dat it de Handcuff Killer is, dy't Virna fertelt dat er Muriel bûtendoar oan in frachtwein fêstboeid hat, en dat se op it punt stiet om útinoar skuord te wurden. Virna hastiget har nei bûten ta om har freondinne te rêden, mar it blykt in mûklaach te wêzen, mei't de searjemoardner har besiket dea te riden mei syn auto. Virna ûntkomt mar nauwerneed oan 'e dea, en as Muriel sûnder euvelmoed yn in taksy arrivearret, treft se har freondinne traumatisearre oan.

Nei de oanslach op har libben nûget McCormack Virna út as gast yn syn praatprogramma om op 'e tillefyzje oer har aaklike ûnderfinings te fertellen. Under de útstjoering sakket se wei yn in trâns-eftige steat en begjint se in nij portret te tekenjen fan in pear hannen dy't fêstsitte mei hânboeiens. Koarte tiid letter wurdt Muriel yn har auto oanfallen en oermastere troch de Handcuff Killer. Dyselde bynt har skonken fêst oan it portier oan 'e passazjierskant en makket har hannen mei hânboeiens fêst oan it stjoer. Dêrnei set er it gaspedaal oan 'e flier ta yndrukt fêst. Muriel kin mei har fuotten net by it pedaal komme, en mei har boeide hannen kin se likemin goed stjoere. Se rekket fan 'e dyk ôf, raamt troch de wand fan in leech fabryk hinne en úteinlik der oan 'e oare kant wer ta'n út, dêr't se yn 'e rivier riidt en ferdrinkt.

Foar har eigen feilichheid dûkt Virna ûnder yn it appartemint fan McCormack, wylst Weeks har tekenings ûntledet op 'e siik nei in oanwizing oer de identiteit fan 'e searjemoardner. Op ien fan 'e tekenings wurdt er in ornaminteel glêzen byldsje gewaar fan in krab-eftich wêzen, dat liket op in byldsje dat er yn McCormack syn appartemint sjoen hat. Underwilens kriget Virna in fizioen fan 'e moard op Elizabeth, dat har einlings en te'n lêsten de hiele wierheid sjen lit. Elizabeth hie groepseks mei fjouwer manlju, wêrby't se harsels mei hânboeiens oan it ledikant fêstmeitsje liet. Wylst ien fan 'e manlju seks mei har hie, smoarde er har mei syn hannen om har kiel oant se troch ferstikking om it libben kaam. De moardner wie McCormack, en de oare trije mannen wiene de trije manlike slachtoffers fan 'e Handcuff Killer.

Yn panyk besiket Virna it appartemint fan McCormack te ûntflechtsjen, mar se wurdt troch him efterfolge nei it plat dak fan it appartemintekompleks. Dêr kriget er har te pakken en smoart har oant se bewusteleas rekket. Ear't er har deadwaan kin, arrivearret Weeks, en der ûntjout him in gewelddiedige fjochtpartij tusken de beide mannen. McCormack rûgelet dêrby oer de râne fan it dak hinne en grypt him fêst oan 'e hannen fan Weeks. Dyselde stiet eefkes yn bestân oer hoe no, mar lit de moardner dan te pletter falle. Virna komt wer by besleur. Wylst de plysje en de media op it plak delikt ta swaarmje, ferlitte Weeks en Virna tegearre it gebou.

Rolferdieling

bewurkje seksje
 
Perry King.
 
Elizabeth Kemp.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise         
Paul "Mac" McCormack Perry King
Virna Nightbourne Elizabeth Kemp
resjersjeur Larry Weeks Norman Parker


byrollen
personaazje           akteur/aktrise
Muriel Watson Barbara Quinn
resjersjeur Cullum Kenneth McMillan
resjersjeur Sporaco Jon Polito
resjersjeur Rich Joe Morton
Betty Mercer Olivia Negron
Willie González Antone Pagán
Teddy Gallagher Thomas DeCarlo
Werner Armstrong Lou Bedford
Burt Johnson David Ramsey
Jim Dearden Tom Stechschulte
Leanna Louisa Flaningam
Harvey Dean Steve Beachamp
patolooch-anatoom Robert Kerman

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

The Clairvoyant waard regissearre troch Armand Mastroianni nei in senario fan himsels en B. Jonathan Ringkamp. As produsinten wiene Robert Di Milia, Edgar Lansbury en Joseph Beruh by it projekt belutsen foar de filmstudio's Lansbury/Beruh Productions en Hour. De hichte fan it budget dat foar de film beskikber wie, is ûnbekend. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Larry Pizer, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Alexander Peskanov. De opnamen fûnen plak op lokaasje yn New York.

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsjerjochten fan The Clairvoyant waarden oankocht troch 20th Century Fox, mar de film waard yn 'e Feriene Steaten úteinlik net yn 'e bioskoop brocht. Yn Frankryk waard dat wol dien; dêr gie de film op 24 oktober 1982 yn premiêre. Yn 1984 waard The Clairvoyant troch CBS/Fox útbrocht op VHS-keapfideo. In nea earder fertoande director's cut fan 'e film wie yn 2000 de earste ferzje dy't op dvd ferskynde by Anchor Bay Entertainment. Deselde dvd waard yn 2008 op 'e nij útbrocht, mar dan ûnder de titel The Killing Hour, troch Blue Underground.

Yn it Feriene Keninkryk waard The Clairvoyant yn 1982, yn it ramt fan it saneamde video nasty-skandaal, yn beslach nommen troch de plysje ûnder seksje 3 fan 'e Obscene Publications Act 1959. De distributeur waard lykwols net ferfolge foar it fersprieden fan obseniteiten.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat The Clairvoyant in leech goedkarringspersintaazje fan 23%, basearre op 10 ûnderskate resinsjes. Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, hie anno 2024 (noch) gjin beoardieling fan 'e film.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.