The Internship
The Internship is in Amerikaanske komeedzjefilm út 2013 ûnder rezjy fan Shawn Levy, mei yn 'e haadrollen Vince Vaugh en Owen Wilson. De titel betsjut "De Wurkstaazje". It ferhaal giet oer twa koartby ûntsleine ferkeapers dy't op in wurkstaazje geane by ynternetbedriuw Google en dêr foar in fêste baan konkurrearje moatte mei folle jongere en technysk better ûnderleine rivalen. The Internship is de twadde film wêryn't haadrolspilers Vaugh en Wilson gearwurken nei harren súkses yn Wedding Crashers, út 2005. De film krige oer it algemien negative resinsjes fan 'e filmkritisy en prestearre teloarstellend yn 'e bioskopen.
The Internship | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Shawn Levy | |
produsint | Vince Vaughn Shawn Levy | |
senario | Vince Vaughn Jared Stern | |
kamerarezjy | Jonathan Brown | |
muzyk | Christophe Beck | |
filmstudio | Regency Enterprises 21 Laps Entertainment Wild West Picture Show Prod. TSG Entertainment | |
distribúsje | 20th Century Fox | |
spilers | ||
haadrollen | Vince Vaughn Owen Wilson | |
byrollen | Rose Byrne Dylan O'Brien Tiya Sircar Tobit Raphael Josh Brener Aasif Mandvi Max Minghella | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 7 juny 2013 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | komeedzjefilm | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 119 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $58 miljoen | |
opbringst | $93,5 miljoen |
Plot
bewurkje seksjeDe glêdpratende ferkeapers Billy McMahon en Nick Campbell, dy't inoars bêste freonen binne, krije dien as harren wurkjouwer bankrot giet. It blykt dreger as se tocht hiene om in nije baan te finen, dat Billy tsjinnet foar himsels en Nick in oanfraach yn om staazje te rinnen by ynternetgigant Google. Hoewol't se middenmank de oare sollisitanten frijwat út 'e toan falle om't se de iennichsten fan boppe de tweintich jier binne en gjin relevante wurkûnderfining hawwe, wurde se oannommen omreden fan 'e ûnotterdokse antwurden dy't se jouwe op 'e fragen dy't harren by it sollisitaasjepetear steld wurde. Mei alle oare stazjêren wurde Billy en Nick yndield yn teams dy't it in simmer lang tsjininoar opnimme sille by in ferskaat oan taken. Allinne de leden fan it winnende team kinne rekkenje op in arbeidskontrakt by Google.
Billy en Nick wurde keppele oan ferskate oare stazjêren dy't gjin inkeld oar team hawwe wol: Stuart Twombly, dy't ornaris inkeld belangstelling foar syn smartphone hat; Yo-Yo Santos, dy't oant no ta altyd thúsûnderwiis krigen hat fan syn oerbeskermjende en bazige mem; en Neha Patel, in Yndiaask-Amerikaansk famke dat in fan fan nerd-relatearre kink blykt te wêzen. De lieder fan it team, Lyle Spaulding, besiket allegeduerigen hip oer te kommen om syn brekme oan selsfertrouwen te ferbergjen. It binne allegearre studinten, dy't harren oplieding noch ôfmeitsje moatte. Graham Hawtrey, de lieder fan in oar team, narret oanhâldend de swakkere leden fan it team fan Billy en Nick.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Roger Chetty, it haad fan it staazjeprogramma by Google, hat syn betinkings oer it fermogen fan Billy en Nick om it by Google te meitsjen. Ek Stuart, Yo-Yo en Neha sjogge harren as oerstallige bagaazje. As se de opdracht krije om 'e bugs út in softwareprogramma te heljen, stjoere se Billy en Nick sadwaande om 'e sprekwurdlike map mei de weirekke stikken út, troch harren op 'e Universiteit fan Stanford nei de fiktive Charles Xavier (Professor X út de X-Men) sykje te litten. Letter is it lykwols Billy dy't it team ferienet en dertrochhinne skuort by in spultsje quidditch tsjin it team fan Graham. Dyselde kin dêrom inkeld de oerwinning behelje troch falsk te spyljen.
Nei't de teams in nije opdracht krigen hawwe om in relevante app te ûntwikkeljen, beprate Billy en Nick de oaren om earst ris in jûn te ferdivedearjen. Se nimme de oare teamleden mei nei in stripklub. Neha bychtet oan Billy op dat se, nettsjinsteande har rike seksuele fantasijen, gjin inkele ûnderfining mei seksualiteit yn it echt hat, en dat se alderraarste senuweftich is. Mei syn stipe wit se oer har kâldwetterfrees hinne te kommen en wille te belibjen oan it besyk oan 'e stripklub. Underwilens besiket Nick Yo-Yo út syn skulp te lokjen troch him dronken te fieren en in lapdance foar him te beteljen. Oanmoedige troch Billy siket Lyle neieroankommen ta ien fan 'e strippers, Marielena, dy't ek as dûnsynstruktrise by Google wurket en op wa't er fereale rekke is. Sy fynt him wol sjarmant, mar in oare klant besiket ek har oandacht te krijen. De sitewaasje eskalearret en Lyle rekket behelle yn slaanderij, mei as gefolch dat it hiele team út 'e stripklub set wurdt. As se letter foar moarnsdage útsjogge oer de Golden Gate Brêge, wurdt Stuart troch dy natoerskientme einlings en te'n lêsten ferlaat om syn mobile tillefoan ris del te lizzen. De dronken opstigings fan Lyle ynspirearje it team de folgjende deis om in app te meitsjen dy't domdryst smartphonegebrûk by dronkenskip tsjingiet. Se winne dêrmei de opdracht.
Underwilens hat Nick fan it begjin ôf oan om 'e nocht besocht om Dana Simms, in liedingjaande by Google, te fersieren. As er inkeld om yndruk op har te meitsjen úteinset mei it bywenjen fan har presintaasjes oer ynformaasjetechnology, begjint dat ûnderwerp him op in stuit echt te ynteressearjen. Sadwaande wit allinne Billy net wat er dwaan moat as it team de opdracht kriget om 'e helpline foar technyske stipe te bemanjen. In fierhinne anonime Google-wurknimmer dy't ornaris "Koptillefoan" neamd wurdt om't er altyd in koptillefoan op hat en nea sosjalisearret, komt him ûnferwachts te help. Hy fertelt Billy dat syn manear om mei oaren om te gean wichtiger is as de kennis dêr't it him oan ûntbrekt, om't it net oan te learen is. De technyske kennis is dat wol, en hy helpt Billy om him dy eigen te meitsjen.
Dana jout lang om let belies foar Nick syn oanhâldendheid, en giet mei him op in ôfspraakje. Oan 'e ein fan 'e jûn nûget se him by har yn 'e hûs. Tsjin 'e tiid dat it team de helpline bemanje moat, hat Billy de matearje ûnder de knibbel, en it giet him ôf dat it slydjaget. Syn team ferliest de opdracht lykwols om't er fersommet de tillefoanpetearen op te slaan, sadat se letter troch in liedingjaande kontrolearre wurde kinne. Billy lit dan de moedfearren hingje, en hy jout de staazje by Google oer om ynstee in nije baan as ferkeaper oan te nimmen by syn eardere wurkjouwer.
De lêste taak wurdt oankundige as in ferkeapopdracht. De teams moatte it grutst mooglike bedriuw safier sjen te krijen dat dat advertearje wol by Google. De oare leden fan it team binne mei stomheid slein as Nick harren fertelt dat Billy fan rutens spile hat. Se beslute dat se de opdracht sûnder him net dwaan wolle. Nick siket syn maat op en wit him nei lang op ynpraat te hawwen safier te krijen dat er weromkomt. Neitiid is Billy syn bydrage fan krúsjaal belang om 'e âlderwetske eigner fan in pleatslike pizzeria oer te heljen om by Google te advertearjen. Hy leit de man geduldich en dúdlik út dat er syn pontinsjeel oan klanten dêrtroch fergrutsje en syn saak útwreidzje sil, wylst er dochs syn eigen noarmen en wearden gjin geweld hoecht oan te dwaan.
Chetty stiet op it punt om bekend te meitsjen dat it team fan Graham wûn hat, as Billy en Nick en de oare leden fan it team arrivearje om in dynamyske presintaasje te jaan oer harren nije klant. Chetty moat erkenne dat hoewol't de pizzeria op himsels gjin grut bedriuw is, it potinsjeel fan 'e saak ûnbeheind is om't er troch de technology fan Google oant yn it ûneinige útwreidzje kin. Dêrom ornearret er dat it team fan Billy en Nick de opdracht wûn hat. Graham hat gjin goed wurd oer foar dy beslissing, mar einlings is der immen dy't him teplak set: Koptillefoan, dy't nimmen oars as it haad fan Google Search blykt te wêzen. Troch it winnen fan 'e lêste opdracht wint it team fan Nick en Billy ek de kompetysje en dêrmei de garandearre banen. Graham jout dêrop de oare leden fan syn eigen team de skuld fan harren ferlies, mei as gefolch dat dy har fan him ôfkeare. As de studinten har ôfjouwe om oan it lêste jier fan harren opliedings te begjinnen, hawwe Nick en Dana in fêste relaasje, en Lyle en Marielena ek. Stuart en Neha hawwe ek in romantyske bân foarme, en Stuart ûnthjit dat er Neha opsykje sil ynstee fan har te sms-en, wylst Yo-Yo einlings foar himsels opkomt en syn mem doar tsjin te sprekken. Billy en Nick toaste op harren súkses.
Rolferdieling
bewurkje seksje- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Billy McMahon | Vince Vaugh |
Nick Campbell | Owen Wilson |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Dana Simms | Rose Byrne |
Stuart Twombly | Dylan O'Brien |
Neha Patel | Tiya Sircar |
Yo-Yo Santos | Tobit Raphael |
Lyle Spaulding | Josh Brener |
Roger Chetty | Aasif Mandvi |
Graham Hawtrey | Max Minghella |
Andrew "Koptillefoan" Anderson | Josh Gad |
Sid | Eric André |
Zach | Harvey Guillén |
Sammy Boscoe | John Goodman |
Marielena Gutierrez | Jessica Szohr |
Sal | Bruno Amato |
Benjamin (befreger) | B.J. Novak |
Randy | Rob Riggle |
Megan | Joanna Garcia Swisher |
Keven | Will Ferrell |
himsels | Sergey Brin (cameo) |
Produksje en distribúsje
bewurkje seksjeProduksje
bewurkje seksjeThe Internship waard regissearre troch Shawn Levy nei in senario van Vince Vaughn en Jared Stern op basis fan in idee dat by Vaughn opkaam nei't er in dokumintêre fan 'e searje 60 Minutes sjoen hie oer de wurkkultuer by Google. Vaughn wie ek as produsint by it projekt belutsen, tegearre mei Levy. Hja wurken dêrby yn opdracht fan 'e filmstudio's Regency Enterprises, 21 Laps Entertainment, Wild West Picture Show Productions en TSG Entertainment. Der wie foar de film in budget fan $58 miljoen beskikber. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Jonathan Brown, wylst de filmmuzyk fersoarge waard troch Christophe Beck.
De opnamen foar The Internship fûnen foar it meastepart plak yn Atlanta, yn 'e Amerikaanske steat Georgia. Mulpunt fan 'e film wie it Ynstitút foar Technology fan Georgia (GIT), dat trochgie foar it Googleplex, it haadkantoar fan Google, mei't it bedriuw omreden fan befeiliging en arbeidsproduktiviteit net wol dat der yn it eigentlike Googleplex filme wurdt. Google wurke wol mei oan 'e film, om't (yn 'e wurden fan oprjochter Larry Page) "ynformatika in marketingprobleem hat." It bedriuw tocht ek dat de film it Google-biedwurd "wês net gemien" better útlizze soe.
Neffens parseburo Reuters soe Google yn ruil foar de meiwurking om 'kreätive kontrôle' oer it senario frege hawwe, mar regisseur Shawn Levy ûntstried dat letter en bleau derby dat it bedriuw inkeld út in "technysk" eachpunt wei by it skript belutsen west hie (d.w.s. allinne mar om derfoar te soargjen dat der yn it skript gjin flaters sieten oer de wurkwize by it bedriuw). Nei it sjen fan 'e film joegen in protte eardere stazjêren en wurknimmers fan Google oan dat it wurkfermidden by it bedriuw yn 'e film yndie akkuraat werjûn wurdt, mar dat it staazjeproses yn wurklikheid folslein oars is.
Distribúsje
bewurkje seksjeDe distribúsje fan The Internship waard fersoarge troch 20th Century Fox. De film gie op 7 juny 2013 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. Op 22 oktober fan dat jier kaam The Internship út op dvd en blu-ray, yn in ferzje dy't 6 minuten langer is as de bioskoopferzje (yn totaal dus 125 minuten). It ferskil sit him yn krêftwurden en neakenens dy't út 'e bioskoopferzje snien wie om 'e Amerikaanske sensuer te geriven.
Untfangst
bewurkje seksjeThe Internship krige fan 'e filmkritisy oer it algemien negative resinsjes. De measte krityk gie dêrby út nei it ûnderwerp fan 'e film, mei't in protte resinsinten The Internship as in reklamespotsje foar Google beskôgen dat opblaasd wie oant spylfilmlingte. Sa skreau Ty Burr yn The Boston Globe: "Dit is wêrom't Google sa súksesfol is: no hawwe se sels al útfûn hoe't se 20th Century Fox in twa oeren duorjend reklamespotsje meitsje litte kinne dat kamûflearre is as in simmerkomeedzje."
Yn The Philadelphia Inquirer skreau Stephen Rea: "The Internship op himsels soe noch ridlik ynnimlik wêze ek, as dit Google-rekrutearringsfilmke […] net sa planút grizelich wie." David Cox, fan 'e Britske krante The Guardian, omskreau The Internship as in "bedriuwsfilmke fan twa oeren", en syn kollega Mark Kermode fan The Observer neamde de film "it langste reklamespotsje dat ik ea yn 'e bioskoop sjoen haw." Ynhâldlik makke Kermode The Internship ôf as: "ien fan 'e flauste, minst grappige, meast koarjen opwekjend selsfoldiene […] komeedzjes dy't ik ea sjoen haw."
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie The Internship in ûndergemiddeld goedkarringspersintaazje fan 35%, basearre op 170 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] lit it komysk garisma fan Vince Vaughn en Owen Wilson te sink gean troch in formulemjittich skript en in ûnnedich lange spyldoer, dy't fierstente swier lynje op 'e maklike wurkrelaasje fan 'e stjerren." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle The Internship in goedkarringspersintaazje fan 42%, basearre op 36 resinsjes.
Resultaat
bewurkje seksjeThe Internship hie yn 'e bioskopen wrâldwiid in opbringst fan $93,5 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $58 miljoen betsjut dat in winst fan $35 miljoen. Om't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte, is it mar de fraach oft de film wol hielendal út 'e kosten kaam. Yn elts gefal hiene de makkers perfoarst op in grutte opbringst rekkene.
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Offisjele webside fan The Internship
- (in) Ynformaasje oer The Internship yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |