Paul Kearney

(Trochferwiisd fan The Macht)

Paul Kearney (Ballymena, 14 febrewaris 1967) is in Noardiersk skriuwer en essayist, dy't namme makke hat as auteur fan mear as tweintich fantasy- en science fiction-romans. Dêrby hat er him benammen talein op it subsjenre fan 'e epyske fantasy. Kearney syn wurk wurdt gauris ferlike mei it oeuvre fan 'e te ier ferstoarne Ingelske skriuwer David Gemmell.

Paul Kearney
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Paul Kearney
nasjonaliteit Britsk
berne 14 febrewaris 1967
berteplak Ballymena (Noard-Ierlân)
etnisiteit Iersk
wurk
taal Ingelsk
sjenre fantasy, essay's
bekendste
  wurk(en)
The Monarchies of God
The Ten Thousand
útjouwer Bantam Books
Solaris Books
jierren aktyf 1992 – no
offisjele webside
gjint

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Priveelibben

bewurkje seksje

Kearney waard yn 1967 berne yn in Ierske famylje yn it Noardierske Ballymena. Hy studearre Angelsaksyske, Midingelske en Aldnoarske taal- en letterkunde oan 'e Universiteit fan Oxford, yn Ingelân. Neitiid wenne er twa jier yn 'e Deenske haadstêd Kopenhagen, en dêrnei brocht er ferskate jierren yn 'e Feriene Steaten troch. Yn 1998 kearde er úteinlik werom nei Noard-Ierlân, dêr't er him foargoed nei wenjen sette yn it greefskip Down. Kearney is in betûft berchbeklimmer en wie yn it ferline ek in entûsjast mar (nei eigen sizzen) tige min roeier.

Skriuwkarriêre

bewurkje seksje

Begjin jierren njoggentich briek Kearney troch mei de op harsels steande fantasyromans The Way to Babylon (1992), A Different Kingdom (1993) en Riding the Unicorn (1994). Alletrije neamde boeken dielden ferskate motiven, lykas in held út ús wrâld dy't nei in fantasijwrâld reizget. Mar nettsjinsteande de loovjende kritiken waarden se kommersjeel gjin grut súkses. Syn agint rette Kearney dêrom oan om him ta te lizzen op in tradisjoneler soarte fantasyliteratuer. It resultaat dêrfan wie The Monarchies of God, in rige fan fiif romans, wêryn't Kearney de skiednis fan 'e Renêssânse (mei de godstsjinstferfolgings troch de ynkwisysje en de ûntdekking fan 'e Nije Wrâld) yn in folslein nije fantasyfoarm geat. Dizze tige súksesfolle searje sette yn 1995 útein mei Hawkwood's Voyage en einige yn 2002 mei Ships from the West. Yn 2010 waarden de fiif boeken fannijs útjûn yn in twadielige omnibusedysje.

Nei't er The Monarchies of God ôf hie, begûn Kearney mei in nije rige, The Sea Beggars. It earste boek dêrfan wie The Mark of Ran (2004), en diel twa, This Forsaken Earth, kaam út yn july 2006. Dêrnei besleat Kearney syn Amerikaanske útjouwer Bantam Books, fanwegen ôffallende ferkeapsifers, om mei dizze searje op te hâlden en net ek it trêde en lêste diel fan 'e trilogy, Storm of the Dead, te publisearjen. Letter kaam Kearney mei syn nije Britske útjouwer Solaris oerien dat dy de hiele trilogy yn in omnibusedysje útbringe soe, mar dat plan litte skipbrek om't Bantam wegere de rjochten op 'e boeken te ferkeapjen. Sadwaande is Storm of the Dead oant op 'e dei fan hjoed ûnútjûn bleaun.

Foar Solaris skreau Kearney de op himsels steande roman The Ten Thousand (2008), dy't ien fan syn grutste súksessen waard. It ferhaal is yn hege mjitte basearre op 'e Anabasis fan Ksenofon, oer de fjildtocht fan 'e Tsientûzen troch it Perzyske Ryk, en spilet yn in fantasijwrâld dy't de Grykske Aldheid net wanlyk is. Yn 2009 waard Kearney foar The Ten Thousand nominearre foar de David Gemmell Legend Award for Best Fantasy Novel. Letter ferskynden twa ferfolgen op The Ten Thousand, te witten: Corvus (2010) en Kings of Morning (2012). Dy spylje tweintich, resp. tritich jier nei de foarfallen dy't beskreaun waarden yn The Ten Thousand, en ferhelje oer de opkomst fan 'e feroverder Corvus, dy't Kearney basearre op Aleksander de Grutte.

  • Different Kingdoms-trilogy
    • 1992 – The Way to Babylon
    • 1993 – A Different Kingdom
    • 1994 – Riding the Unicorn
  • The Monarchies of God-rige
    • 1995 – Hawkwood's Voyage
    • 1996 – The Heretic Kings
    • 1999 – The Iron Wars
    • 2000 – The Second Empire
    • 2002 – Ships from the West
      • 2010 – Hawkwood and the Kings (omnibusedysje fan Hawkwood's Voyage en The Heretic Kings)
      • 2010 – Century of the Soldier (omnibusedysje fan The Iron Wars, The Second Empire en Ships from the West)
  • The Sea Beggars-rige
    • 2004 – The Mark of Ran
    • 2006 – This Forsaken Earth
    • 2007 – Storm of the Dead (net publisearre troch ûnwil fan útjouwer)
  • Primeval-rige (mei oare auteurs)
    • 2008 – Primeval: The Lost Island
  • The Macht-rige
  • Warhammer 40,000-rige (mei oare auteurs)
    • 2010 – Death and Dishonour: Broken Blood (koart ferhaal)
    • 2010 – Legends of the Space Marines: The Last Detail
    • 2015 – Umbra Summus
  • 2013 – Johnny Fortycloaks
  • Wolf in the Attic-rige
    • 2016 – The Wolf in the Attic
    • 2019 – The Burning Horse
  • 2022 – The Windscale Incident
  • 1996 – Letter (Interzone #110)
  • 2013 – So You Want to Fight a War

Prizen en nominaasjes

bewurkje seksje
Jier Priis Resultaat Kategory Foar
2009 David Gemmell Award nominearre bêste fantasyroman The Ten Thousand

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.