Corvus (roman)
Corvus is in fantasy-roman fan 'e hân fan 'e Noardierske skriuwer Paul Kearney. De titel is de namme fan ien fan 'e haadpersoanen, Corvus, in feroverder dy't basearre is op 'e histoaryske persoan fan Aleksander de Grutte. It boek is yn grutte halen in werfertelling fan 'e opkomst fan Aleksander de Grutte. Corvus foarmet it twadde diel fan Kearney syn trilogy The Macht, en is as sadanich it ferfolch op The Ten Thousand. As ferhaal stiet it lykwols fierhinne op himsels en it kin dêrom skoan lêzen wurde sûnder de oare beide dielen te lêzen. It boek waard yn 2010 publisearre troch de Britske útjouwerij Solaris Books.
Corvus | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | Paul Kearney | |
taal | Ingelsk | |
foarm | roman | |
sjenre | fantasy | |
1e publikaasje | 2010, Nottingham | |
oarspr. útjwr. | Solaris Books | |
rige | ||
rige | The Macht | |
● foarich diel | The Ten Thousand | |
● folgjend diel | Kings of Morning | |
kodearring | ||
ISBN | 978-1 90 67 35 777 |
Ynhâld
bewurkje seksjeCorvus spilet in fearnsiuw nei de foarfallen yn The Ten Thousand, en giet wer oer de Macht, it folk dat yn it bercheftige lân Harukush oan 'e râne fan 'e wrâld wennet. Rictus, dy't de Tsientûzen út it Asuryske Ryk nei hûs late, is no in ferneamd hierling mei mear as fiifentweintich jier ûnderfining op it slachfjild. By de fjildtocht fan 'e Tsientûzen binne safolle Macht-hierlingen omkommen, dat it bestean fan 'e hierling yn 'e Harukush no it útstjerren it neist is, en de troep fan Rictus, de Hûnekoppen, is ien fan 'e lêste grutte hierlingeformaasjes. De roman iepenet as Rictus en syn ûnderbefelhawwer Fornyx, nei in lange belegering fan in lytse stêdsteat, tsjin it begjin fan 'e winter oankomme by harren wente Andunnon, yn it heuvellân boppe de stêdsteat Hal Goshen. Dêr wurde se begroete troch Rictus syn frou Aise, syn beide dochters, de fjirtjinjierrige Rian en de achtjierrige Ona, harren ynwenjende freon Eunion en inkele slaven. Aise is in kreaze frou, dy't oarspronklik in slavinne wie, mar dy't Rictus frijlitten hat foar't er mei har troude. Hja hawwe in yngewikkelde relaasje, mar hâlde wier faninoar.
Inkele dagen nei't Rictus en Fornyx thúskommen binne, wurde se dêr opsocht troch in troep soldaten ûnder lieding fan 'e jonge fjildhear Corvus, dy't it eastlike trêdepart fan 'e Harukush ferovere hat, en oer wa't de wyldste ferhalen geane. Corvus fertelt dat er nijsgjirrich wie nei de grutte Rictus, oer wa't ek withoefolle leginden besteane. Syn eigentlike doel is lykwols om Rictus en de Hûnekoppen oan syn kant te krijen. Corvus is wisberet om himsels kening fan 'e hiele Harukush te meitsjen. Hy ornearret dat Rictus hoe dan ek belutsen reitsje sil by de striid dy't dêrfoar nedich is, en dat syn eigen taak in hiel stik dreger makke wurde sil as Rictus him by syn fijannen jout. Om dat foar te kommen hat er Rictus syn mannen ûnderweis nei Hal Goshen ynslute en fêstsette litten. Hy stelt no Rictus foar de kar om in kontrakt ôf te sluten om foar him (Corvus) te fjochtsjen. Kiest Rictus derfoar om dat net te dwaan, dan sil Corvus him deadzje moatte, om't er dan in te gefaarlike man is om libje te litten. Corvus bewissiget Rictus dat er yn dat gefal de Hûnekoppen sûn en wol gean litte sil, en dat ek syn húshâlding neat oerkomme sil. Rictus, dy't de garismatyske jonge legeroerste yntrigearjend en syn dieden begryplik fynt, en dy't as hierling boppedat net belêstge is mei prinsipiële oertsjûgings of ideälisme, beslút om in kontrakt mei Corvus oan te gean.
Sadwaande sette Rictus en Fornyx daliks wer ôf mei Corvus-en-dy en jouwe harren mei de Hûnekoppen by dy syn leger, dat behalven út Machtyske hopliten ek bestiet út Asuryske bôgesjitters en ruterij. It leger tsjocht op nei de stêdsteat Hal Goshen, dêr't Rictus hiel bekend is en freonen te wenjen hat. Der is him dêrom alles oan gelegen en soargje derfoar dat de stêd him sûnder belegering oerjout oan Corvus. De jonge legeroerste wykt nammentlik ôf fan alle oare fjildhearen fan 'e Macht yn 'e sin dat er ferovere stêden gjin swiere skatting opleit. Hy lit der inkeld in garnizoen efter en easket dat se soldaten leverje foar syn leger. Stêden dy't har tsjin him fersette, makket er lykwols in foarbyld fan, en dan kin it raar om en ta gean. Dêrom giet Rictus sels nei Hal Goshen ta om te ûnderhanneljen oer de oerjefte fan 'e stêd. Hy treft dêr syn âlde freon Phaestes, oan wa't er út namme fan Corvus it steedhâlderskip oer de stêd oanbiede mei as Hal Goshen him ûnder Corvus syn bewâld deljout. Oars as de hierling Rictus blykt Phaestes lykwols in man fan prinsipes te wêzen, dy't dêr neat fan witte wol. De beide freonen krije slaande rûzje. As de kerusia, de bestjoersried fan Hal Goshen, derfoar kiest om 'e stêd sûnder ferset oer te jaan, set Phaestes mei syn húshâlding ôf om't er net ûnder it bewâld fan Corvus libje wol. Hy wurdt neitiid fûgelfaai ferklearre en it steedhâlderskip oer Hal Goshen wurdt oan syn rivaal Sarmenian jûn.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Nei de oerjefte fan Hal Goshen tsjocht it leger fan Corvus fierder op nei it westen, dêr't de stêdsteaten fan it Avennysk Bûn lizze, oanfierd troch de grutste en machtichste stêdsteat fan allegearre: Machran. Dêr hat Karnos it foar it sizzen, in folksmenner en slavekeapman fan sljochtwei komôf dy't opklommen is ta sprekker (foarsitter) fan 'e kerusia fan Machran. Yn nauwe gearwurking mei de legeroerste Kassander stalt dy in legermacht fan mear as tsientûzen man gear út 'e stêden fan it Avennysk Bûn, dêr't er Corvus mei tsjinhâlde wol. Underwilens komt Rictus ûnder de opmars nei it westen almar better yn 'e kunde mei Corvus. Der is wat oan 'e jonge fjildhear dêr't er net de finger op lizze kin, oant er te witten komt dat Corvus in healbloed is, berne út 'e relaasje fan in Machtyske heit en in Asuryske mem. Dat soe by him in beltsje rinkelje litte moatte, mar dat docht it net. Hy is dan ek mei stomheid slein as Corvus him letter fertelt dat er de soan is fan Rictus syn freon Jason en frouwe Tiryn, de eardere mêtresse fan 'e Asuryske prins Arkamenes (sjoch: The Ten Thousand). Rictus, dy't yndirekt ferantwurdlik wie foar de dea fan Jason ear't Corvus te wrâld kaam, en dy't him dêr noch altyd skuldich oer fielt, wurdt troch dizze wittenskip noch nauwer oan Corvus ferbûn.
Phaestes, oan wa't Rictus nei de oerjefte fan Hal Goshen gjin momint mear tocht hat, is ûnderwilens ûnderweis yn it heuvellân. Hy hat syn frou en dochters nei Karnos yn Machran stjoerd en reizget no mei syn soan Philemos, in opslûpen jonge, en in stikmannich trewanten út 'e efterbuerten fan Hal Goshen nei Rictus syn wente Andunnon. Dêr oankommen deadzje syn mannen Eunion en de slaven, dy't ferset biede, en nimme dan Rictus syn frou Aise en syn beide dochters finzen. Se nimme se mei troch it oanboazjende waar fan 'e ynfallende winter nei Machran, mei as bedoeling om Rictus troch de gizeling fan syn gesin te twingen om him bûten de oarloch tusken Machran en Corvus te hâlden. Phaestes is wrokkerich troch it ûnrjocht dat him oandien is en hâldt himsels foar dat yn dit gefal it doel de middels hilliget. Boppedat kriget er it geandewei de reis oan 'e longen en rekket er almar mear yn 'e minnichte. Dêrtroch falt it liederskip fan 'e ekspedysje ta oan Sertorius, dy't earder in dief en poaier yn Hal Goshen wie. Hy en syn beide trewanten begjinne op in stuit mei de stelselmjittige ferkrêfting fan Aise, de frou fan Rictus. De jonge Philemos besiket dat tsjin te kearen, mar hy moat ûnderwilens ek sjen om syn sike heit op 'e foet te hâlden en hy is in jonge dy't foar trije folwoeksen keardels oer stiet. It slagget him sadwaande inkeld om 'e fjirtjinjierrige Rian foar lot fan har mem te behoedzjen.
Yn it westen komt it leger fan Corvus foar dat fan it Avennysk Bûn oer te stean. By de Slach op 'e Flakte fan Afteni, dêr't it te wiet is om mei syn ruterij fanwegen te kommen, wit Corvus de fijân dochs in swiere nederlaach ta te bringen troch bôgesjitters yn te setten. Nettsjinsteande dat lije de Hûnekoppen swiere ferliezen. Karnos fan Machran, dy't oan 'e kant fan it Avennysk Bûn as sljochtwei soldaat meifjochtet, rekket ferwûne en wurdt foar dea op it slachfjild efterlitten. Uteinlik wit er by tsjuster syn eigen tebekwikende leger te berikken, mar de slach en de neisleep binne foar him in traumatysk barren dat syn wrâldbyld skokt. Neitiid hâldt er op him tebûten te gean oan wyn en iten, en syn yngewikkelde relaasje mei Kassia, de suster fan syn legeroerste Kassander, dy't fereale op him is, wurdt earnstiger. De nederlaach soarget foar in tesplintering fan it Avennysk Bûn. Inkele stêden, wêrûnder Afteni, jouwe har oer oan Corvus. De measte oaren lûke harren troepen werom nei har eigen gerjochtichheid en nimme in ôfwachtsjende hâlding oan. Inkeld Machran, Arkadios en Avennos fjochtsje troch en lûke harren troepen werom binnen de muorren fan Machran, dat dêrnei troch Corvus belegere wurdt.
Fuort nei't er belis slein hat foar Machran, prebearret Corvus in bestoarming, wêrby't in diel fan syn troepen by wize fan ôfliedingsmaneuver de poarten oanfalle, wylst de Hûnekoppen fan Rictus en de Igraniërs fan Druze mei lange ljedders de hege stedsmuorren beklimme. Rictus-en-dy witte in brêgehaad op 'e muorren te feroverjen, mar as de ferdigeners fersterking krije fan farske troepen, giet dat wer ferlern. De oanfal hat in rampsillige ôfrin: de Hûnekoppen wurdt suver útrûge, en Rictus, ien fan 'e lêsten op 'e muorre, stapt oer de râne en springt derôf as de ferdigeners syn oerjefte easkje. Neitiid komt Fornyx ûnder in oliiftûke by de stedspoarte te freegjen oft er it lyk fan Rictus sykje mei. Karnos stiet him dat ta, en al kin Fornyx syn freon net fine, hy is derfan oertsjûge dat Rictus sneuvele is. Mei Karnos praat er út namme fan Corvus ôf dat de lju fan Machran harren deaden bûten de stêd, oan 'e igge fan 'e rivier de Mithannon, kremearje meie as se de deaden fan Corvus syn leger, dy't op 'e muorren efterbleaun binne, dêr ek bringe, sadat Corvus syn troepen harren maten de lêste eare bewize kinne.
Sadwaande stiet de Mithannonpoarte fan Machran wiid iepen as letter dyselde deis Phaestes en syn mannen mei it gesin fan Rictus by de stêd arrivearje. Karnos is ferfolle fan walging as er sjocht wat der mei Aise bard is, mar hy kin him der net ta bringe om Sertorius en de oare beide ferkrêfters te deadzjen, om't er ornearret dat er sels like skuldich is oan dizze sitewaasje. Hysels wie it ommers dy't Phaestes yn brieven oanset hat om 'e húshâlding fan Rictus te ûntfieren. Wat hied er dan tocht dat der barre soe as dat plan útfierd waard? Sadwaande wurde Sertorius en syn maten Adurnos en Bosca yn 'e hechten set, mar se witte net folle letter te ûntkommen en hâlde har neitiid beskûl yn 'e efterbuerten fan Machran, dêr't se al rillegau in strjitbinde foarmje mei fjouwer oare kriminelen. Aise en har beide dochters wurde as gasten fan Karnos op alle manearen let en set, mar as Kassia de oare deis oan 'e lichaamlik en geastlik skeinde Aise fertelt dat Rictus sneuvele is, smyt se harsels tepletter fan in heech balkon. Phaestes en Philemos wurde ek gasten fan Karnos, mar de sike Phaestes betteret net mear op. Hy beskôget syn sykte as straf foar in rjochtfeardich libben dat op 'e ein noch ûntsierd is troch in freeslike skanddie en stjert inkele moannen letter. Underwilens binne Philemos en Rian fereale rekke, en ûnder it Belis fan Machran bringe se in soad tiid troch yn inoars selskip.
De jûns dat syn mishannele frou yn 'e filla fan Karnos arrivearret, wurdt Rictus wekker op in hege bulte liken ûnderoan de stedsmuorre fan Machran. Hy is der min oan ta, mar de lichems fan syn sneuvele maten hawwe syn fal brutsen, en krûpendewei bejout er him nei Corvus syn legerkamp. Oer in perioade fan moannen betteret er dêrnei stadichoan wer op. Underwilens smeit yn 'e stêdsteat Avensis, súdlik fan Machran, de sprekker Parnos de restanten fan it Avennysk Bûn wer gear. Parnos hat net folle sympaty foar it oerhearskjende Machran, mar hy beseft dat as Machran falt, net ien it mear opnimme kin tsjin Corvus. De stêden fan it Avennysk Bûn dy't noch frij binne, kinne sûnder Machran gjin fûst meitsje, en westlik fan 'e it Avennysk Bûn lizze allinne noch de stêden fan 'e Plateeske kust, dêr't men druven kweekt ynstee fan soldaten. Dus it komt del op: òf no in leger op 'e foet bringe en Machran ûntsette, òf jin deljaan ûnder it bewâld fan Corvus. En Parnos is noch net safier dat er dat lêste dwaan wol.
Tsjin 'e tiid dat it foarjier oanbrekt, is it iten yn Machran frijwol op en lijt de befolking, dy't foar it begjin fan 'e belegering oanwoeksen wie mei flechtlingen út Arkadios en Avennos, honger. As it leger fan it fernijde Avennysk Bûn, besteande út sa'n 7.000 man, benammen ôfkomstich út Avensis en Pontis, optsjocht nei Machran, iepenet de stêd de Suderpoarte en docht de helte fan it garnizoen in útfal. Dêrtroch wurdt it leger fan Corvus fan twa kanten oanfallen. Corvus weeft lykwols troch gebrûk te meitsjen fan syn bôgesjitters en ruterij handich ôf mei it ûntsettingsleger, wylst in oar diel fan syn troepen ûnder lieding fan Rictus en Fornyx de troch honger ferswakke ferdigeners fan Machran weromslane en troch de Suderpoarte de stêd ynkringe. De rest fan it garnizoen fan Machran wurdt dwaande holden troch Druze, dy't mei syn Igraniërs in nije wraam op 'e muorren docht by de Easterpoarte. Op it plein efter de Suderpoarte besykje de ferdigeners fan Machran, ûnder lieding fan Karnos, ta it uterste om 'e ynfallers út harren stêd te ferdriuwen, mar tsjin dy tiid hat Corvus it ûntsettingsleger ferslein en krije Rictus syn troepen fersterking fan 'e rest fan it leger fan Corvus. Yn it gefjocht rekket Karnos deadlik ferwûne troch Rictus syn hân, en as Rictus him weromken, fertelt Karnos him mei syn lêste siken dat Rictus syn dochters harren yn syn filla befine.
Underwilens tsjogge de troepen fan Corvus de stêd fan alle kanten binnen. Kassander sammelet de ferdigeners fan Machran om by de âlde sitadel yn it hert fan 'e stêd in lêste gefjocht oan te gean, wylst boargers alle kanten út flechtsje en gaos Machran yn 'e greep kriget. Dat is wêr't Sertorius en syn stjitbinde op wachte hawwe om harren wraak te nimmen op Karnos. Hja bestoarmje de filla en deadzje Pollo, Karnos syn majordomo, as dy harren tsjinhâlde wol. Om't Karnos al syn slaven de frijheid jûn hat ear't er him yn 'e striid bejoech, is de jonge Philemos dan de iennichste dy't de froulju beskermje kin. Guon fan Sertorius syn trewanten gripe Kassia, de suster fan Kassander, en skuorre har de klean fan it liif om har te ferkrêftsjen, wylst Sertorius sels en de oaren risselwearje om mei Philemos ôf te weven sadat se har fertaaste kinne oan Rictus syn dochter Rian. It is op dat stuit dat Rictus mei Valerian, in oare ofsier fan 'e Hûnekoppen, de filla fan Karnos berikt. As Rian him taskreaut dat har mem dea is en dat dit de mannen binne dy't har ferkêfte hawwe, hout in breinroere Rictus de strjitbinde fan Sertorius yn reade razernij oan stikken.
Underwilens hat Kassander de striid opjûn en de stêd oerjûn oan Corvus. Dyselde kriget dêrmei de macht oer de hiele Harukush yn 'e hannen en lit him net folle letter ta kening oer de Macht kroanje. Neitiid keart Rictus mei Fornyx, syn dochters Rian en Ona, en syn nije skoansoan Philemos werom nei syn wente Andunnos, dy't troch Phaestes en Sertorius by de ûntfiering fan Rictus syn gesin platbaarnd is. Mank de ruïnes begjinne hja oan 'e weropbou.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|