Travian
Travian is in blêder-basearre kompjûterspultsje dêr't spile wurde kin tsjin oare spilers. Alle spilers hawwe elts de lieding oer in ynearsten lyts doarpke en besykje in ympearium op te bouwen.
Oan it begjin hat it eigen doarp mar ien gebou. Der binne ferskate grûnstoffen nedich yn Travian: hout, klaai, izer en nôt. Ear't de gebouwen útwreide wurde kinne, moatte de fjilden bewurke wurde, dat der mear grûnstoffen oanfierd wurde. Der binne ek opslachplakken, mar dy kinne oanfallen wurde troch oare spilers. Dy spilers kinne op alle plakken fan de wrâld wenje, mar spilers dy 't net sa fier fuort wenje binne wichtiger. Troch oarloggen en alliânsjes kin sa in hiel ympearium opboud wurde.