Trol
In trol (Noarsk en Sweedsk: troll; Deensk: trold) is in mytyske wêzen út 'e Noardgermaanske mytology en de dêrútfuortkommende Skandinavyske folkloare. Oarspronklik wie de oantsjutting 'trol' mooglik in synonym mei in negative lading foar in jötunn (meartal: jötnar), de reuzen dy't oates en toates neamd wurde yn 'e Aldnoarske helde- en goadedichten, faak as fijannen fan 'e tongergod Thor. Yn sokke boarnen wurde trollen yn 'e regel beskreaun as wêzens dy't yn lytse famyljegroepen yn isolearre rotsen, bergen of grotten wenje, en mar komselden freonlik of behelpsum binne foar minsken of goaden.
- Dizze side giet oer it mytyske wêzen. Foar oare betsjuttings, sjoch: trol (betsjuttingsside).
Letter ûntjoegen trollen har yn 'e Skandinavyske folkloare ta wêzens dy't dúdlik fan reuzen ûnderskaat waarden. Yn folksferhalen wurde se ornaris omskreaun as yn tin befolke of ûnbewenne oarden tahâldend, ûnwillich om har ta it kristendom te bekearen en (dêrom) gefaarlik foar minsken. Ofhinklik fan 'e krite dêr't sa'n folksferhaal út stammet, rint de beskriuwing fan har uterlik wiid útinoar. Sa komt it foar dat trollen der krekt sa útsjogge as minsken sûnder dat der wat opfallends of ôfwikends oan har is, mar meastal wurde se omskreaun as fuoililk op it groteske ôf, en fierders ekstreem âld en ûnbidige sterk, mar tige traach fan ferstân.
Yn guon ferhalen kinne trollen net oer sinneljocht en ferstienje se as se troch de sinne beskynd wurde. Soms wurde se assosjearre mei beskate lânskipseleminten, dêr't dan faak fan sein wurdt dat it ferstienne trollen binne. In oare karaktertrek fan trollen is dat se har, nettsjinsteande har ôfkear fan 'e minsklik kultuer yn it algemien, dochs oanlutsen fiele troch brêgen, dêr't se faak by of ûnder tahâlde. It leauwe dat trollen ferjage wurde kinne troch wjerljochtslaggen, dat as elemint yn in grut tal folksferhalen foarkomt, giet wierskynlik werom op 'e mytologyske deilisskip tusken trollen en de tongergod Thor. Fierders soe it ûntbrekken fan trollen yn beskate regio's fan Skandinaavje te tankjen wêze oan it feit dat dêr geregeldwei it kloklet fan 'e kristlike tsjerken te hearren is, eat dêr't trollen nei't it skynt in grouwéligen hekel oan hawwe.
Yn Noarwegen en Sweden wurde trollen almeast omskreaun as like grut fan stal as minsken of noch oansjenlik grutter. Lytsere trollen, likernôch heal sa grut minsken, komme foar yn 'e folkloare fan Denemark, dêr't hja tahâlde soene yn grêfheuvels. Sokke wêzens wurde yn it Deensk troldfolk (it "trollefolk") neamd. Yn Noarwegen bestiet ek it huldrefolk ("ferhoalen folk"), dat in protte wei hat fan trollen, mar dochs wurdt der yn 'e folkloare in dúdlik ûnderskie tusken de beide soarten wêzens makke. De trow fan 'e Orkney-eilannen en de drow fan 'e Sjetlâneilannen binne termen dy't ferwize nei wêzens dy't oerien lykje te kommen mei it Noarske huldrefolk, mar dy't etymologysk fan it Noarske troll ôflaat lykje te wêzen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.
|