Tsjerke fan Westernijtsjerk

De Tsjerke fan Westernijtsjerk is in tsjerke út de 13e iuw yn Westernijtsjerk by Marrum.

Tsjerke fan Westernijtsjerk
Lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Noardeast-Fryslân
plak Westernijtsjerk
adres Westernijtsjerk 2
koördinaten 53° 19' N 5° 47' E
Arsjitektuer
boujier 13e iuw (tsjerke); 15e iuw (toer)
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 15645
Webside
Side SAFT
Kaart
Tsjerke fan Westernijtsjerk (Fryslân)
Tsjerke fan Westernijtsjerk
 
Ynterieur

De tsjerke waard yn de 13e iuw boud op de grûn dêr't eartiids de stins fan de Jeppema's stie en mooglik oan Oswald fan Noardumbrje wijde. Foar de bou waard it âldere ôfbraakmaterjaal fan Jeppema-State brûkt.

Yn de 15e iuw waard de ienskepige tsjerke mei in trijesidich koer fernijd en grutter makke. De súdlike muorre is om 1800 hinne mei lytse bakstien beklaaid. Yn deselde tiid brocht men ek steunbearen oan om it gebou op syn plak te hâlden. Mei de restauraasje fan 1988 binne fiif steunbearen ferwidere (twa oan de súdlike kant en trije oan de noardlike kant). De steunbearen oan it koer bleaune bewarre.

Op de hoeken fan it koer is noch let-romaanske muorredekoraasje te sjen yn de styl fan mitsele stiennen mei in rûne útstekkende foarm. Tichtmitsele ramen en portalen binne op ferskate plakken op de muorren te finen.[1]

Trije iuwen lang hat Westernijtsjerk in selsstannige parochy mei in eigen pastoar west. Dêr kaam nei de reformaasje feroaring yn, sûnt foarme Westernijtsjerk tenei in tsjerklike kombinaasje mei Marrum.[2] De herfoarme gemeente brûkte de tsjerke allinne yn de simmermoannen fanwegen it ûntbrekken fan ferwaarming.

 
Oargel

De toer is fan lettere datum dan de tsjerke en waard yn de 15e iuw tafoege. Yn de toer hingje twa âlde klokken út 1385 en 1405. De grutste klok hat it opskrift (yn gotyske letters): "Te colo virgo pia vocorque postea ergo Maria A.D. MCCCLXXXV" (Jo ferearje ik fromme jongfaam en fierders wurd ik dêrom Maria neamd. Yn it jier fan ús Heare 1385). De lytse klok krige de tekst: "A.D. MCCCCV cum trahor audite voco vos ad gaudia vite" mei (Yn it jier fan ús Heare 1405. Als ik lutsen wurd, hear! Ik rop Jo ta de blydskip fan it libben.)

De iken preekstoel is om 1730 hinne boud, de trep is 19e iuwsk. Oan de preekstoel hinget in koperen doopbekkenhâlder. It doophek waard yn de 19e iuw fernijd. Foar de preekstoel oer stiet tusken twa ienfâldige 19e iuwske oerkappe hearebanken in rikere dekorearre dûbele 17e iuwske bank.

Nijsgjirrich oan de achterste tsjerkebanken binne fjouwer fersierde sydstikken, dy't datearje út de gotyske tiid.[3].

It oargel yn de tsjerke is it earste oargel dat Fokke Bakker (1842-1904) en Arjen Timmenga (1854-1920) tegearre bouden. It twamanualige Bakker & Timmenga-ynstrumint waard op 20 juny 1880 yn gebrûk nommen.[4] It oargel is yn orizjinele steat bewarre bleaun en krige net earder dan yn 1982 in elektryske wynfoarsjenning.[5][6]

Yn 2005 is de tsjerke oerdroegen oan de Stifting Alde Fryske Tsjerken. De tsjerke wurdt no brûkt foar rou- en trouplechtichheden, konserten en kulturele útstallings.[7] De Protestantske gemeente Marrum/Westernijtsjerk makket sûnt allinnich nog gebrûk fan de Godehardustsjerke yn Marrum.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: