Pennamityske Oarloggen

(Trochferwiisd fan Twadde Pennamityske Oarloch)
Pennamityske Oarloggen
datum: 17691799
plak: noardeastlik Pennsylvania
útkomst: gebiet kaam by Pennsylvania, mar de kolonisten út Nij-Ingelân beholden har lân
konfliktpartijen
Pennsylvania

Konettikut
Fermont
sterkte
ûnbekend ûnbekend
ferliezen
1 deade
ûnbekend tal ferwûnen
2 deaden
ûnbekend tal ferwûnen

De Pennamityske Oarloggen, of ek wol de Yankee-Pennamityske Oarloggen, foarmen yn 'e twadde helte fan 'e achttjinde iuw in slepend konflikt tusken earst de Britske koloanjes Pennsylvania en Konettikut, en letter de Amerikaanske steaten Pennsylvania en Konettikut. It draaide om it besit fan 'e Wyomingdelling, oan 'e noardlike tûke fan 'e rivier de Susquehanna, dêr't sawol Pennsylvania as Konettikut oanspraak op makke. Dat late ta in rige botsings tusken Pennsylvaanske kolonisten, de saneamde 'Pennamiten', en harren Konettikutske tsjinstanners, de saneamde 'Yankees'. De Pennamityske Oarloggen omfiemen trije perioaden dat de tsjinstellings ta útbarstings fan iepentlik geweld kamen:

Foarskiednis bewurkje seksje

De woartel fan it konflikt tusken Pennsylvania en Konettikut leit yn 'e inoar tsjinsprekkende lânskinkings troch de Ingelske Kroan. Yn 1662 liet kening Karel II fan Ingelân de Koloanje Konettikut oprjochtsje, út grûngebiet dat al kolonisearre wie mar earder ta de koloanje Massachusetts heard hie. Konettikut omfieme neffens de hjirby ferliende oarkunde alle lân dat nei it westen ta yn it ferlingde fan it al kolonisearre gebiet lei, yn prinsipe oan 'e Stille Oseaan ta. Dêrta hearde ek de Wyomingdelling. Yn 1681 joech Karel II lykwols oan 'e quaker William Penn it rjocht om 'e koloanje Pennsylvania op te rjochtsjen, en yn 'e dêrmei mank geande oarkunde waard itselde gebiet oan Pennsylvania taparte. Dizze oerlaapjende lânrjochten diene yn 'e santjinde iuw en de earste helte fan 'e achttjinde iuw net ta de saak fanwegen de fûleindige wjerstân dy't de Yndiaanske bewenners fan 'e Wyomingdelling, de Suskehannok (Susquehannock) beaen tsjin 'e kolonisaasje fan harren lân troch de blanken, mar nei't dyselden ferslein wiene, ûntstie der in probleem.

 
It streamgebiet fan 'e rivier de Susquehanna.

Konflikt bewurkje seksje

Omtrint 1750 kochten beide koloanjes by ferdraggen itselde lân oan fan 'e Yndianen. Konettikut stifte dêr, tusken de rivieren de Susquehanna en de Delaware, yn 1753 in njoggende county, Westmoreland, en begûn dêr yn 1754 kolonisten hinne te stjoeren. Dy lju stiften yn 1769 de stêd Wilkes-Barre. Dit waard troch de Pennamiten beskôge as lândieverij, en bewapene groepen Pennsylvaanske kolonisten teagen der yn 1769-1770 op út om 'e Yankees fan har lân te ferdriuwen. Dat konflikt kaam bekend te stean as de Earste Pennamityske Oarloch. Hjirby kamen ien Pennamyt en twa Yankees om en dêrmei wie it daliks ek fierwei de bloedichste fan 'e trije 'oarloggen', mei't der neitiid nea wer deaden foelen. Hoewol't Pennsylvania it foardiel hie dat it direkt oan it omstriden gebiet grinzge, wylst Konettikut oare kant fan it tuskenlizzende New York sitewearre wie, wisten de Pennamiten de Yankees net te ferdriuwen.

Yn 1771 waarden de lânoanspraken fan Konettikut befêstige troch de Britske kening George III, mei as gefolch dat der yn 1773 in nije weach kolonisten út Konettikut wei yn it omstriden gebiet arrivearre en dêr it stedsje Westmoreland stifte. De Pennamiten wegeren har lykwols by de útspraak fan it Britske regear del te lizzen, en yn desimber 1774 die de Pennamityske milysje fan Northumberland County in mislearre wraam op in delsetting fan Konettikutske kolonisten, in foarfal dat bekend kaam te stean as de Twadde Pennamityske Oarloch.

Neitiid waard it konflikt ûnderbrutsen troch de Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch, wêryn't Pennsylvania en Konettikut mei alve oare koloanjes tsjin 'e Britske oerhearsking fochten. It Kontinintaal Kongres, de foarrinner fan it Amerikaanske Kongres, bûgde him yn 1782 oer de saak, en draaide de beslissing fan George III werom. Hoewol't Pennsylvania no gelyk krigen hie, ûntstie der op 'e nij in wapene konflikt, de Tredde Pennamityske Oarloch, doe't Pennsylvania yn 1784 de kolonisten út Konettikut fan harren lân sette woe. Net allinnich namen dy kolonisten doe de wapens op tsjin 'e Pennsylvaanske steatsmilysje, mar boppedat stjoerden Konettikut en ek Fermont milysjetroepen om 'e kolonisten te helpen. Uteinlik moast Pennsylvania yn dizze saak bakseil helje, en yn 1788 erkende it Steatskongres fan Pennsylvania de eigendomsrjochten fan 'e Konettikutske kolonisten op harren lân. It konflikt waard úteinlik yn 1799 hielendal bylein en einige dermei dat de Wyomingdelling by Pennsylvania kaam te hearren en dat de Konettikutske kolonisten Pennsylvanen waarden.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.