Brittany O'Connell

(Trochferwiisd fan Voodoo Daddy F/X)

Brittany O'Connell (Los Angeles, 6 desimber 1972), is in Amerikaansk neakenmodel, stripper, pornografysk aktrise, pornoregisseur en pornoprodusinte fan mingd Iersk-Sweedsk-Russysk komôf, dy't ek wol wurke hat ûnder de skûlnammen Brittany en Brittany Morgan, en wa har namme oft ek wol misstavere wurdt as Brittany O'Connel, Britany O'Connell, Britanny O'Connell, Brittany O'Conell, Brittany O'Connall en Brittany O'Cannel.

Brittany O'Connell
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Brittany Morgan, Brittany
O'Connel, Britany O'Connell,
Britanny O'Connell, Brittany
O'Conell, Brittany O'Connall
Brittany O'Cannel, Brittany
echte namme Brittany O'Connell
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 6 desimber 1972
berteplak Los Angeles (Kalifornje)
etnisiteit Iersk
Sweedsk
Russysk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise, regisseur,
produsinte
jierren aktyf 19921997 & 20082010
offisjele webside
gjint

O'Connell waard berne yn Panorama City, in wyk fan it Kalifornyske Los Angeles, mar se groeide op yn Phoenix, yn 'e steat Arizona. As bern siet se op turnjen, en dreamde se derfan om in Olympysk keunstrydster te wurden. Se gie nei in priveeskoalle foar famkes en helle har diploma foar de middelbere skoalle op har santjinde. Neitiid wurke se as kassiêre yn in WalMart-supermerk yn Phoenix. Doe't se achttjin jier waard, sette se útein mei te dûnsjen as stripper yn in pleatslike stripklub.

Yn 1992, doe't se njoggentjin jier wie, ferfear O'Connell nei Los Angeles, dêr't se har debút yn in pornografyske film makke. Tsjin 'e tiid dat se 25 waard, hie sa al yn mear as twahûndert pornofilms spile, û.m. foar sokke foaroansteande Amerikaanske labels as Sin City, VCA Pictures, Vivid Entertainment en Elegant Angel. Teffens wurke se in protte yn Jeropa, foar it Sweedske Private-label. Ien fan 'e bekendste films dêr't O'Connell yn spile, wie Babewatch, in pornografyske parody út 1994 op 'e doedestiden populêre aksjesearje Baywatch.

Njonken har aktearwurk gie se as stripper ek op toernee by klubs yn hiele Noard-Amearika lâns, en fierders posearre se foar in grut tal neakenblêden. Boppedat spile se as stripfiguer de haadrol yn in stripboek dat se sels mei-skreaun hie (en dat foar in diel autobiografysk wie) foar it no net mear besteande merk Carnal Comics.

Yn 1997 sette O'Connell mei kollega-pornoakteur Rick O'Shea útein mei har eigen filmstudio, Voodoo Daddy F/X. Fan datselde jiers ôf aktearre se sels net mear, mar hold se har dwaande mei de produksjekant fan pornofilms. Yn 2001 ferhuze se werom nei Phoenix, begûn mei it dwaan fan webcamshows foar har eigen webside, en ûndergie in boarstfergruttingsoperaasje. Yn 2006 regissearre se boppedat sels in film. Yn 2008 makke se in comeback as pornoaktrise, oant se har yn 2010 úteinlik foargoed út 'e aktearkant fan 'e pornoyndustry weromloek. Yn totaal hat O'Connell neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) yn 319 pornofilms spile.

Prizen en nominaasjes

bewurkje seksje
Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
1995 AVN Award nominearre bêste byrol fan in aktrise (film) Affairs of the Heart
2009 XRCO Award nominearre bêste comeback n.f.t.
2001 AVN Award nominearre bêste orale sekssêne Face Full of Diesel 6
nominearre bêste byrol fan in aktrise Not Married with Children XXX
Xbiz Award nominearre bêste froulike aktearprestaasje fan it jier Not Married with Children XXX

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.