Voyager in Night is in koarte science fiction-roman fan 'e hân fan 'e Amerikaanske skriuwster C.J. Cherryh. De titel kin oerset wurde as: "Reizger yn 'e Nacht". It boek fertelt it ferhaal fan 'e trijekoppige bemanning fan it romteskip de Lindy, dy't ûntfierd wurdt troch in folle grutter bûtenierdsk romteskip. Voyager in Night wurdt, yn 'e mande mei Port Eternity en Cuckoo's Egg, gauris oantsjut as diel fan Age of Exploration, in trijetal op harsels steande romans binnen de rige fan Cherryh har Alliance-Union Universe-boeken, dy't yn in mienskiplike foarm fan 'e takomst spylje. Voyager in Night waard yn 1984 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij DAW Books. Yn 2000 waard it werútjûn yn 'e omnibusedysje Alternate Realities, yn 'e mande mei Port Eternity en Wave Without a Shore. Hoewol't it oerdúdlik in science fiction-roman is, omfiemet Voyager in Night ek eleminten fan it horrorsjenre. It boek, dat skreaun is yn it personele perspektyf, wie yn 1984 in finalist foar de Philip K. Dick Award.

Voyager in Night
algemiene gegevens
auteur C.J. Cherryh
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre science fiction
1e publikaasje 1984, New York
oarspr. útjwr. DAW Books
rige
rige Alliance-Union Universe-rige
kodearring
ISBN 0 87 99 79 208

It ferhaal fan Voyager in Night fynt plak yn it hielal fan Cherryh har Alliance-Union Universe-rige yn it jier 2356, yn 'e romte fan 'e Uny, by it nij oanleine romtestasjon Endeavor Station. De Lindy is in stokâld romteskip dat yn oare planetestelsels al lang foar skroat ferkocht wêze soe, mar dat oan 'e foargrins fan 'e kolonisaasje, by it nije Endeavor Station, noch wearde hat. De trijekoppige bemanning bestiet út Rafe Murray, syn suster Jillan en har man Paul Gaines, dy't tagelyk ek Rafe syn bêste freon is.

Rafe en Jillan binne de lêste telgen út in slachte fan keapfarders, dy't troch in ûngelok harren skip kwytrekke binne doe't se noch lyts wiene. By datselde ûngelok kamen ek harren mem en omke om, wêrnei't sy beiden as wezen efterbleaune. Se binne opgroeid yn 'e marzje fan 'e maatskippij op Fargone Station, dêr't se allegeduerigen oppasse moasten foar lju fan 'e wolwêzenssoarch, dy't harren dan wol goed fersoarge hawwe soene, mar harren tagelyk eltse kâns ûntnommen hiene om ea wer in eigen romteskip te bemachtigjen. Paul Gaines is ek in wees, hoewol't hy al in tsiener wie doe't er allinnich efterbleau. Hy groeide mei Rafe en Jillan op yn 'e havenfasiliteiten fan Fargone.

Mei it oandiel yn it romtestasjon Fargone dat Paul syn mem him neilitten hat, en mei alle jild dat Rafe en Jillan mei legale en yllegale aktiviteiten gearskraabje koene, hawwe sy trijen úteinlik de Lindy kocht en út Fargone oerbringe litten nei Endeavor. By Endeavor is harren âlde en lytse romteskip noch fan wearde, om't se dermei op plakken yn 'e asteroïdegurle komme kinne, dêr't gruttere skippen net by kinne. Se winne dêr metaalerts en markearje asteroïden dy't gaadlik binne om eksploitearre te wurden mar te grut foar de Lindy binne. Dêrmei hoopje se yn in stikmannich jierren genôch te fertsjinjen om in nijer (en minder gefaarlik) skip te keapjen.

Underwilens kringt in reuseftich bûtenierdsk romteskip de romte fan 'e Uny binnen. It is in skip dat al mear as hûnderttûzen jier ûnderweis is, en gjin oare missy hat as om te ûntdekken en te ûndersykjen. It wurdt behearske troch in wêzen dat Trishanamarandu-kepta hjit en nei himsels ferwiist as <>. It komt in minsklik romteskip op it spoar, de John Liles, dat nei Endeavor flechtet. It bûtenierdske skip folget, en as by Endeavor de minsklike skippen yn panyk alle kanten út spatte, is de Lindy te stadich om te ûntkommen. It bûtenierdske skip sleept de Lindy mei as it út it planetestelsel fan Edeavor fuortspringt.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

It bûtenierdske skip en de Lindy bedarje earne yn it ûnmjitlike tsjuster tusken de stjerren, dêr't Rafe, Jillan en Paul troch <> oan board fan syn skip nommen wurde. Se binne alle trije ferwûne rekke by de ûnferwachtse sprong troch de hyperromte, dêr't de Lindy, in binnenstelselskip, hielendal net foar boud is. As <> mei harren begjint te eksperimintearjen, beswike Paul en Jillan oan harren ferwûnings. De iennichste dy't it oerlibbet is Rafe. As dy wekker wurdt, fynt er al rillegau Paul en Jillan werom. Mei't er lykwols ek himsels tsjinkomt, ûntdekt er dat it net om wiere persoanen giet, mar om holografyske kopyen fan sjabloanen dy't <> daliks nei't er harren it oan board nommen hie, fan harren makke hat. De lichems fan 'e kopyen besteane inkeld út in ienfâldige ljochtprojeksjes, mar harren persoanlikheid is folslein bewarre bleaun.

De orizjinele Rafe neamt syn holografyske kopy Rafe Twa. Dyselde en Jillan kinne ridlik omgean mei de nije sitewaasje, mar de holografyske Paul wegeret syn eigen dea te akseptearjen en flechtet fuort nei in úthoeke fan it skip, dêr't er yn 'e hannen falt fan ien fan 'e passazjiers, </>, in rivaal fan <>. Dêrop makket <> fan it Paul-sjabloan gewoan in nije holografyske kopy oan, dy't de oaren Paul Twa neame. Om't Rafe Twa en Jillan der diskear binne om syn ynwijing yn 'e nije sitewaasje te begelieden, kin Paul Twa syn dea better akseptearje. Underwilens ferwringt </> Paul Ien en in eardere kopy fan Rafe, dy't er ek yn 'e hannen krigen hat, ta ien meunsterlik wêzen.

Rafe en syn trije holografyske freonen beseffe dat se folslein oerlevere binne oan 'e macht fan <>. Dy kin nei beleavjen de hologrammen oan- en útsette, en docht dat ek as er ien fan harren allinnich treffe wol. Op punten dy't <> as wichtich beskôget yn harren ûntwikkeling, makket er in nij sjabloan oan, sawol fan Rafe sels as fan 'e trije hologrammen. Dat is in barren dat foar it slachtoffer mank giet mei freeslike pine. Rafe en de oaren brekke har der de holle oer hoe't in libben wêzen in oar libben wêzen soks oandwaan kin, oant hja ûntdekke dat de bemanning fan it bûtenierdske skip al tsientûzenen jierren dea is, en it skip bestjoerd en geande holden wurdt troch kompjûters. <> is in holografyske kopy fan 'e oarspronklike kaptein, en de passazjiers binne ek allegear holografyske kopyen fan wêzens dy't op in selde soarte wize as de bemanning fan 'e Lindy troch <> ûntfierd en kopiëarre binne. De measten fan harren binne troch harren traumatyske ûnderfinings, mar fral troch harren holografyske ûnstjerlikens, ta de iene of oare foarm fan sljochtsinnigens brocht.

Sa ek </>, dy't in kopy fan <> sels blykt te wêzen. Mei help fan it Paul-Rafe-wêzen en ferskate passazjiers besiket </> de macht oan board fan it skip oer te nimmen fan <>. Troch de ûnberekkenberheid fan it Paul-Rafe-wêzen makket er foar it earst yn withoelang kâns om yn dy opset te slagjen. <> makket dêrop jitris in setsje kopyen fan Rafe, Paul en Jillan oan (Rafe Trije, Paul Trije en Jillan Twa), sadat dy yn elts gefal bewarre bliuwe sille, en freget dan om help tsjin syn fijân. Paul Twa, Rafe Trije en Jillan Twa geane de striid mei it Paul-Rafe-wêzen oan, en krije dêrby help út ûnferwachte hoeke fan 'e sljochtsinnige passazjier ((())), dy't Paul Twa op basis fan syn (reuseftige) uterlik de namme Wjirm jout. De libbene Rafe bliuwt mei Rafe Twa, Jillan Ien en Paul Twa efter ûnder de hoede fan <^>, de iennichste passazjier dy't de kant fan <> kiest yn it konflikt mei </>. <^> blykt trouwens ek in kopy fan <> te wêzen, en op ien nei âldste passazjier op it skip, nei <> sels.

Paul Twa, Rafe Trije en Jillan Twa foegje harrensels gear ta ien wêzen, en troch de tafoeging fan in foarm fan Jillan binne se it Paul-Rafe wêze dan oermânsk. Mar </> is fernimstiger as <> foar it ferstân hie, en wit foar te kommen dat it Paul-Rafe-wêzen ferneatige wurdt. </> nimt it Paul-Rafe-wêzen yn himsels op en sil dan mei Paul-Rafe-Jillan ôfweve, mar ear't dat barre kin, ferskynt <^> op it toaniel, dy't troch de libbene Rafe bepraat is om aktyf oan 'e striid diel te nimmen. <^> hat Rafe Twa, Jillan Ien en Paul Twa yn him opnommen, en nimt no ek Paul-Rafe-Jillan en Wjirm op. Mei-inoar binne se like sterk as </> en it Paul-Rafe-wêzen. As <> dat sjocht, brekt er syn ferdigening fan 'e sintrale kompjûter fan it skip, dêr't er him op konsintrearre hie, ôf, en jout er himsels by syn bûnsgenoaten. <> ferraant mei </> en <^>, en absorbearret syn kopyen folslein. De mei-inoar fergroeide foarmen fan Rafe, Paul en Jillan binne net te rêden en wurde útskeakele, wêrnei't <> nije holografyske kopyen fan harren oanmakket dy't net misgroeid binne. ((())) hat ûnderwilens in lyts stikje fan 'e Rafe út it Paul-Rafe-wêzen yn him opnommen, en wint dêrtroch mei de namme Wjirm ek syn sûn ferstân werom.

Neitiid biedt <> oan 'e oarspronklike Rafe oan om him yn in kapsule mei in needsynjaal ôf te setten yn it troch minsken bewenne planetestelsel fan Paradise. Rafe kiest der lykwols foar om by syn freonen te bliuwen, en smeket <> om him ek ta hologram te meitsjen. Oan 'e ein fan it boek docht it bûtenierdske skip de stjer Vega oan. Rafe, Rafe Twa, Paul en Jillan sjogge harren eagen út en begjinne wier fan 'e reis te genietsjen. Harren hâlden en dragen hat in geunstige ynfloed op 'e rest fan 'e passazjiers, wêrfan't guon harren sljochtsinnigens ôfskodzje en oaren te foarskyn komme út harren selskeazen isolemint. Rafe hopet mar dat <> him net bedragen hat, en dat er syn lichem eutanasearre hat ynstee fan it libben yn in romtekapsule by Paradise efter te litten. Dat is lykwols wat dat er nea mei wissichheid witte kinne sil. It boek einiget as earne yn 'e fiere takomst it minsklike romteskip de Hammon in oerâld lyts romteskipke ûntdekt, dat omdriuwkelet yn it tsjuster tusken de stjerren mei in trijekoppige bemanning dy't al iuwen dea is.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: