Walter Mondale
Walter Mondale (folút: Walter Frederick Mondale; Ceylon (Minnesota), 5 jannewaris 1928 - Minneapolis (Minnesota), 19 april 2021), wie in Amerikaansk politikus, jurist, diplomaat en skriuwer fan mingd Noarsk-Ingelsk-Skotsk etnysk komôf. Hy tsjinne fan 1977 oant 1981 ûnder Jimmy Carter as de 42ste fise-presidint fan 'e Feriene Steaten, en besocht by de ferkiezings fan 1984 as de kandidaat fan 'e Demokratyske Partij presidint te wurden, mar moast it dêrby ôflizze tsjin 'e sittende Republikeinske presidint Ronald Reagan. Letter wied er yn it begjin fan 'e njoggentiger jierren de Amerikaanske ambassadeur yn Japan.
Walter Mondale | ||
politikus | ||
echte namme | Walter Frederick Mondale | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
bertedatum | 5 jannewaris 1928 | |
berteplak | Ceylon (Minnesota) | |
stjerdatum | 19 april 2021 (93 jier) | |
stjerplak | Minneapolis (Minnesota) | |
etnisiteit | Ingelsk Noarsk Skotsk | |
partij | Demokratyske Partij | |
Fise-presidint fan de Feriene Steaten | ||
amtsperioade | 1977 – 1981 | |
foargonger | Nelson Rockefeller | |
opfolger | George H.W. Bush | |
Amerikaansk ambassadeur yn Japan | ||
amtsperioade | 1993 – 1996 | |
foargonger | Michael Armacost | |
opfolger | Tom Foley | |
Amerikaansk senator foar Minnesota | ||
amtsperioade | 1964 – 1976 | |
foargonger | Hubert Humphrey | |
opfolger | Wendell Anderson | |
prokureur-generaal fan Minnesota | ||
amtsperioade | 1960 – 1964 | |
foargonger | Miles W. Lord | |
opfolger | Robert W. Mattson sr. |
Libben
bewurkje seksjeJonkheid, oplieding en gesin
bewurkje seksjeMondale waard yn 1928 berne yn it plakje Ceylon, yn 'e steat Minnesota, as de soan fan Theodore Sigvaard Mondale, in metodistysk predikant, en Claribel Hope Cowan, in parttime-muzykleararesse. Syn pake en beppe oan heitekant wiene Noarske ymmigranten, en syn mem, dy't sels in Kanadeeske ymmigrante út Ontario wie, hie Ingelsk en Skotsk bloed. (De namme "Mondale" is in ferbastering fan Mundal, in delling by Fjærland, yn 'e Westnoarske gemeente Sogndal.)
Mondale genoat syn heger ûnderwiis oan it Macalester Kolleezje yn St. Paul, en oan 'e Universiteit fan Minnesota te Minneapolis en St. Paul, dêr't er yn 1951 in bachelorstitel yn politikology behelle. Mei't er net genôch jild hie om in rjochtestúdzje te bekostjen, naam er tsjinst yn it Amerikaanske Leger en tsjinne er ûnder de Koreaanske Oarloch twa jier op 'e basis Fort Knox, yn Kentucky. Op kosten fan it leger koed er doe foar abbekaat leare oan 'e Universiteit fan Minnesota, dêr't er yn 1956 ôfstudearre. Yn 1955 troude er mei Joan Adams, mei wa't er trije bern krige: Theodore A. Mondale, in foaroansteand ûndernimmer, Eleanor Mondale, in tillefyzje- en radiopresintatrise dy't yn 2011 mei 51 jier ferstoar oan in harsentumor, en William Mondale.
Iere politike karriêre
bewurkje seksjeNei't er syn rjochtestúdzje ôfrûne hie, sette Mondale syn eigen abbekatekantoar op yn Minneapolis en wurke er fan 1956 oant 1960 as abbekaat. Dêrnei sette er útein mei in politike karriêre as lid fan 'e Demokratyske Partij. Fan 1960 oant 1964 wied er de prokureur-generaal fan 'e steat Minnesota, en ein 1964 waard er oansteld as senator foar Minnesota, nei't syn steats- en partijgenoat Hubert Humphrey syn sit yn 'e Amerikaanske Senaat opjaan moatten hie om't er fise-presidint wurden wie ûnder Lyndon B. Johnson. Mondale behold dy senaatssit oant er sels yn 1976 opklom ta it amt fan fise-presidint. As senator sette Mondale him yn foar in rjochtfeardige húsfêstingspolityk, belestingherfoarming en it opheffen fan 'e rasseskieding op skoallen. Teffens wied er in útsprutsen tsjinstanner fan 'e Amerikaanske belutsenens by de Fjetnamoarloch.
Fise-presidintskip
bewurkje seksjeYn it ferkiezingsjier 1976 waard Mondale troch de Demokratyske presidintskandidaat Jimmy Carter frege om syn running mate (fise-presidintskandidaat) te wurden. Mondale stimde dêryn ta, en tegearre fersloegen se by de ferkiezings de sittende presidint Gerald Ford en dy syn running mate Bob Dole. Dêrnei wie Mondale fan 1977 oant 1981 de 42ste fise-presidint fan 'e Feriene Steaten. Yn dy hoedanichheid reizge er allegeduerigen it lân troch om it belied fan it regear-Carter oan 'e man te bringen, en ek om utens, dêr't er him ynsette foar Carter syn bûtenlânske doelen. Mondale wie de earste "aktivistyske" fise-presidint yn 'e Amerikaanske skiednis, d.w.s. in fise-presidint dy't troch syn presidint folop by it meitsjen en útfieren fan it belied belutsen waard. (Oer it algemien waard in fise-presidint foartiid troch syn presidint beskôge as ballêst wêrfan't de efterban lykwols nedich wie om 'e ferkiezings te winnen, wylst de fise-presidinten harren amt seagen as in opstapke nei it presidintskip.) Mondale wreide de rol fan 'e fise-presidint út ta adviseur en probleme-oplosser fan 'e presidint. Neitiid hawwe oare fise-presidinten har inselde rol oanmetten.
By de presidintsferkiezings fan 1980 krigen Carter en Mondale fannijs de nominaasje foar de Demokratyske Partij, mar troch in ekonomyske delgong en de gizelderskrisis op 'e Amerikaanske ambassade yn Iraan, wie de populariteit fan it regear-Carter slim yn it neigean rekke. Sadwaande waarden se ferslein troch de glêde Republikeinske presidintskandidaat Ronald Reagan en dy syn running mate George H.W. Bush.
Presidintskandidaat
bewurkje seksjeFjouwer jier letter wûn Mondale by de presidintsferkiezings fan 1984 de Demokratyske foarferkiezings, wat him ta de offisjele kandidaat fan 'e Demokratyske Partij makke. As syn running mate keas er doe kongreslid Geraldine Ferraro, de earste frou dy't ea troch ien fan 'e beide grutte partijen foar it amt fan fise-presidint nominearre wie. Tegearre fierden se kampanje mei in program dat derop rjochte wie om 'e nukleêre wapenwedrin mei de Sovjet-Uny te beëinigjen, gelikense rjochten foar froulju yn 'e Amerikaanske Grûnwet fêst te lizzen, de belestings te ferheegjen en de steatsskuld te ferminderjen. Mondale en Ferraro waarden lykwols troch de populêre Reagan en Bush ferslein mei ien fan 'e grutste marzjes yn 'e Amerikaanske skiednis; hja wisten yn it Elektoraal Kolleezje inkeld de stimmen fan Mondale syn thússteat Minnesota en it federale Distrikt Columbia te winnen.
Lettere jierren
bewurkje seksjeNei dy tepletterjende nederlaach loek Mondale him werom út 'e nasjonale polityk, en joech er him by in Minnesotaansk abbekatekantoar. Fan 1986 oant 1993 wied er dêrnjonken lid fan it Nasjonaal Demokratysk Ynstitút foar Ynternasjonale Saken, en yn dy hoedanichheid behelle er diplomatike súksessen yn Poalen en Hongarije. Under it presidintskip fan Bill Clinton wie Mondale fan 1993 oant 1996 de Amerikaanske ambassadeur yn Japan. Neitiid kearde er op 'e nij werom nei Minnesota om as abbekaat te wurkjen. Yn 2002, doe't de Demokratyske senator foar Minnesota Paul Wellstone alve dagen foar de senaatsferkiezings mei it fleantúch ferûngelokke, liet Mondale, dy't doe 74 jier wie, him beprate om him foar Wellstone yn 't plak ferkiesber te stellen (foar deselde senaatssit dy't er sels fan 1964 oant 1976 hân hie). Hy ferlear lykwols mei in smelle marzje fan syn Republikeinske tsjinstanner, Norm Coleman, de boargemaster fan St. Paul. Sûnt konsintrearre Mondale him op syn abbekaatspraktyk en syn gesinslibben, al wied er noch wol aktyf yn 'e Demokratyske Partij. Teffens skreau er ferskate politike boeken, lykas it autobiografyske The Good Fight: A Life in Liberal Politics, dat yn 2010 útkaam.
Ferstjerren
bewurkje seksjeWalter Mondale stoar in natuerlike dea yn 'e sliep op 19 april 2021 yn syn hûs yn Minneapolis. Hy waard 93 jier.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.
|