Wapen fan De Jouwer
It wapen fan De Jouwer is it doarpswapen fan it plak De Jouwer, yn de Fryske gemeente De Fryske Marren. It wapen waard yn de hjoeddeiske foarm yn 1991 registrearre.[1]
Skiednis
bewurkje seksjeIt wapen komt ûnder mear foar op in syddoar fan de Hobbe fan Baerdt Tsjerke mei as byskrift: "De Flekke Jouwer 1644".[2] In stien mei wapen is ek ynmitsele yn de eastlike muorre fan it Tolhûs (hoeke Appelwyk - Griene Dyk). It wapen bestiet út in azuerblau wapenskyld, wêrop yn reliëf in goudgiele nôtstûke oanbrocht is mei oan wjersiden trije ikels en as ûnderskrift: "In 't Tolhuys Goet Logis". Ek besteane der oare trochsniene farianten (sulver-swart of blau-goud) mei dêrop trije hjouwerieren[3]
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe offisjele beskriuwing fan it wapen is: Yn azuer in nôtskeaf fan goud, oan wjersiden beselskippe fan trije pealsgewiis setten ikels fan itselde. It skyld dekt mei in gouden kroan fan trije blêden en twa pearels. De heraldyske kleuren binne: azuer (blau) en goud (goud). It skyld wurdt dekt troch in saneamde "fleckekroan".
Symbolyk
bewurkje seksje- Nôtskeaf: byldet de nôtfjilden yn de gritenij út.
- Seis ikels: steane foar de seis tsjerkedoarpen fan de gritenij, Haskerdiken, Nijehaske, Aldehaske, Haskerhoarne, Westermar en De Jouwer. Sniksweach wie ein 16de iuw gjin tsjerkedoarp mear. De Jouwer wie wyls útgroeid ta in grutte útbuorren fan Westermar en soe de status fan tsjerkedoarp krije.
- Kroan: it wapen wurdt dutsen troch in saneamde "fleckekroan", foarbehâlden oan doarpen mei stedske skaaimerken. Sa krige de flecke De Jouwer yn 1466 merkerjocht.[1]
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|