Gieterveen
Himrik fan Gieterveen
Provinsje Drinte
Gemeente Aa en Hunze
Ynwenners (2020) 685 [1]
Koördinaten 53°1'38"N 6°50'16"E
Netnûmer 0599
Postkoade 9511
Webstee Side Giterfean

Giterfean (Gieterveen) is in doarp yn de Drintske gemeente Aa en Hunze. It doarp leit oan de noardlike kant fan de Beek, in sydrivierke fan de Hunze, yn de streek Oostermoer.

Skiednis bewurkje seksje

It doarp ûnstie tsjin it ein fan de midsiuwen as lânoanmakkersdoarp op in wâl oan de Hunze, wat westliker as it hjoeddeiske Giterfean. Lykas de namme al oanjout leit de oarsprong fan it doarp yn Giten. Ynearsten fûn it graven fan turf mar op lytse skaal plak, mar sûnt de 19e eeuw waarden der fanút it Nijdjip (Nieuwediep) kanalen en wiken groeven rjochting Giterfean, sadat it doarp ûntsletten waard en it winnen fan turf grutskaliger plakfûn. It doarp ferhûze mear nei it easten ta en it tal ynwenners naam ta, dy't fral út de Grinslânske Feankoloanjes ôfkomstich wiene. It dialekt fan Giterfean krige dêrtroch ek mear in Grinslannersk dan in Drintsk karakter.

 
Nôtmûne 'De Eendracht', Giterfean

Nei't it fean oan it begjin fan de 20e iuw foar it measte ôfgroeven wie, krige Giterfean in agrarysk karakter. De nije boeren kamen út de provinsje Grinslân. Tsjintwurdich is Giterfean in typysk forinzedoarp.

It besjen wurdich bewurkje seksje

De protestantske tsjerke is de eardere herfoarme tsjerke, dy't fan 1840 datearret en in wettersteatstsjerke is. De lytse frijsinnich-herfoarme tsjerke wurdt net mear brûkt en docht tsjinst foar gearkomsten en eksposysjes. De nôtmûne 'De Eendracht' hat oarspronklik yn Nij-Buinen stien en ferhûze yn 1877 nei Giterfean. Nei in brân krige de mûne de tsjintwurdige rûne boppebou.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: