Lavindelplanten

(Trochferwiisd fan Lavindel)

De lavindelplanten of koartwei lavindel (wittenskiplike namme: Lavandula) foarmje in skaai fan it ryk fan 'e planten (Plantae), de stamme fan 'e blêdplanten (Euphyllophyta), de klasse fan 'e blomplanten (Anthophyta), it skift fan 'e lippeblomeftigen (Lamiales), de famylje fan 'e lippeblommen (Lamiaceae) en de tûke fan 'e lavindeleftigen (Lavanduleae). Dit skaai bestiet út 39 bekende soarten bloeiende planten dy't lânseigen binne yn 'e Alde Wrâld en foarkomme yn súdlik Jeropa, op 'e Kanaryske Eilannen en de Kaapverdyske Eilannen, yn Noard- en East-Afrika, it Heine Easten en it suden fan it Yndiaaske subkontinint. (Yn Nederlân komt lavindel fan oarsprong net foar.)

lavindel
Taksonomy
ryk: planten (Plantae)
(sûnder rang): draaiplanten (Streptophyta)
ûnderryk: lânplanten (Embryophyta)
boppestamme: faskulêre planten
   (Tracheophyta)
stamme: blêdplanten (Euphyllophyta)
(sûnder rang): ranke planten (Lignophyta)
boppeklasse: siedplanten (Spermatophyta)
klasse: bedutsensieddigen
   (Angiospermae)
(sûnder rang): twasiedblêdigen
(sûnder rang): asteriden
(sûnder rang): lamiïden
klasse: bedutsensieddigen
   (Angiospermae)
skift: lippeblomeftigen (Lamiales)
famylje: lippeblommen (Lamiaceae)
ûnderfamylje: munteftigen (Nepetoideae)
tûke: lavindeleftigen (Lavanduleae)
skaai: lavindelplanten (Lavandula)
Linnaeus, 1753

In protte soarten lavindel wurde op kommersjele wize ferboud om as sierplanten yn tunen oanplante te wurden, of as krûden foar kulinêr of medisinaal gebrûk (foar lavindeloalje). Fral de Frânske Provâns stiet bekend om 'e lavindeltylt. De meast ferboude soarte fan it skaai, echte lavindel (Lavandula angustifolia), wurdt faak sûnder mear oantsjut as 'lavindel' en hat sadwaande dy namme jûn oan 'e kleur lavindel, wêrmei't in nuânse pears omskreaun wurdt dy't oerienkomt mei de kleur fan 'e blommen fan dizze soarte.

Etymology bewurkje seksje

De namme 'lavindel' komt nei alle gedachten (fia it Nederlânske lavendel) fan it Aldfrânske lavandre, dat wer tebekgiet op it Latynske lavare, dat "waskje" betsjut. Dizze namme soe ferwize nei de Romeinske gewoante om lavindelekstrakt ta te foegjen oan waskwetter, by wize fan rûkersguod. In alternative útlis is dat it wurd fuortkomt út it Latynske livere, dat "blauwich" betsjut, ferwizend nei de kleur fan 'e blommen.

 
In lavindelfjild yn 'e Vaucluse.

Uterlike skaaimerken bewurkje seksje

It lavindelskaai omfiemet sawol ienjierrige planten, oerjierrige krûden mei in koarte libbensspanne, as streweleftige oerjierrige planten. De foarm fan 'e blêden rint fan soarte ta soarte útinoar. De blommen groeie deun byinoar op pjukken dy't boppe de rest fan 'e plant útstykje, en binne blau, fiolet of lila fan kleur yn wylde soarten, mar yn kultivearre soarten soms ek dûnkerpears tsjin it swarte oan of sels gielich.

Gebrûk bewurkje seksje

De kwaliteiten fan lavindel wiene al yn 'e Aldheid bekend. By de Griken waard lavindel 'nardus' neamd, nei de Syryske stêd Naarda (mooglik it hjoeddeiske Dohuk, yn noardlik Irak). Lavindeloalje stiet sadwaande ûnder de namme 'nardusoalje' fermelden yn it Nije Testamint fan 'e Bibel. Hjoed de dei stiet benammen de Súdfrânske Provâns bekend om 'e lavindeltylt. Meastal giet it dêrby om ûnderlinge krusings fan lavindelsoarten mei in sa heech mooglik konsintraasje etearyske oaljen.

De lavindeloalje wurdt út 'e pearse blommen wûn, en wurdt as geurstof brûkt foar de produksje fan kosmetika, sjippe en parfum. Dêrnjonken wurdt it ek brûkt foar aromaterapy. Fierders kinne lavindelkerlen yn pûdsjes yn kleankasten lein wurde, mei as resultaat dat de klean dernei begjinne te rûken. Neffens guon lju stjit de rook ek motten ôf. Grou mealde lavindelblommen wurde ek wol as potpoerry ferkocht.

Fierders wurdt lavindel ek yn 'e koken brûkt. Sa binne de blommen in yngrediïnt fan 'e Provansaalske krûden. Ek kinne se, al of net drûge, brûkt wurde om alderhanne produkten mei op smaak te bringen, lykas Frânske tsiis en beskate grienten. Oare produkten op basis fan lavindel binne lavindeltee en lavindelsjerp. Sokke sjerp wurdt û.m. ferwurke yn gebak en pralines. Ek bestiet der lavindelhunich, wêrby't derfoar soarge wurdt dat de bijen dy't de hunich produsearje inkeld mei lavindelplanten yn oanrekking komme.

Op medisinaal mêd kin lavindel tapast wurde as tee-ôftreksel foar ynwindich gebrûk, en as bestândiel fan aromaterapy foar útwindich gebrûk. Lavindel hat in kalmearjende en ferlichtsjende wurking. De etearyske oalje fan lavindel kin ek brûkt wurde as ûntsmettingsmiddel.

By gebrûk as sierplant moat men lavindelplanten 30 sm útinoar plantsje. Om ferhouting tsjin te gean, wêrby't de lavindel útgroeit ta in massive strûk mei grouwe tûken, moatte lavindelplanten twaris jiers bysnoeid wurde. As men dat net docht, produsearret de plant oan 'e ûnderkant gjin blommen mear. De earste snoei moat útfierd wurde yn 'e twadde helte fan maart; dêrby kin de plant oant 15 sm boppe de grûn ferwidere wurde. Neitiid sille dan fluch wer nije twigen útgroeie dêr't wer blommen oan komme. Yn augustus oant oktober moat men in twadde kear oan it snoeien, wêrby't inkeld de blommen ôfsnien wurde. Om dy tiid fan it jier is fierdere besnoeiïng taboe om't de lavindelplant dan de winter net oerlibje sil.

 
Bijen by in lavindelfjild yn 'e Provâns.

Soarten bewurkje seksje

  • Lavandula angustifolia (echte lavindel)
  • Lavandula antineae
  • Lavandula aristibracteata
  • Lavandula bipinnata
  • Lavandula bramwellii
  • Lavandula buchii
  • Lavandula canariensis (Kanaryske lavindel)
  • Lavandula citriodora
  • Lavandula coronopifolia
  • Lavandula dentata (tosklavindel)
  • Lavandula lanata
  • Lavandula latifolia (breedblêdige lavindel)
  • Lavandula mairei
  • Lavandula maroccana (Marokkaanske lavindel)
  • Lavandula multifida
  • Lavandula minutolii
  • Lavandula pedunculata
  • Lavandula pinnata
  • Lavandula pubescens
  • Lavandula rejdalii
  • Lavandula rotundifolia
  • Lavandula saharica (Saharalavindel)
  • Lavandula stoechas (tûflavindel)
  • Lavandula subnuda
  • Lavandula tenuisecta
  • Lavandula viridis (griene lavindel)

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.