Willem Hendrik Scheltes van Heemstra
Baron Willem Hendrik Scheltes van Heemstra (Oentsjerk, 18 oktober 1779 - Ljouwert 30 desimber 1826) wie in militêr en politikus.
Wykte yn 1795 út mei syn heit, dy't ek fûl oranjegesind wie. Hy die mei oan de Ingelsk-Russyske ynfal fan 1799. Werom yn Fryslân yn 1809 en yn 1813 waard hy maire fan Aldwâld en letter grytman fan Kollumerlân.
Yn desimber 1813 rjochte Willem Hindrik in frijwillich korps op (sjoch Johannes Galenus fan Sytzama). Yn 1814 wie er as ofsier belutsen by de striid om Coevorden en Delfsyl. Hy waard lid fan Provinsjale Steaten yn 1818 en lid fan de Twadde Keamer yn 1822.
Houlik en bern
bewurkje seksjeVan Heemstra troude yn 1803 mei Johanna Balthazarina fan Idsinga (1783-1850), dochter fan Balthasar Daniel fan Idsinga (1745-1818) en Margaretha Theodora Collot d'Escury (1751-1807). It pear krige seis bern:
- Schelto van Heemstra (1805-1805), jong stoarn.
- Schelto van Heemstra (1807-1864), grytman fan East-Dongeradiel en minister-presidint fan Nederlân tusken 1860 en 1862. Hy boaske oan Henriette Hillegonda de Waal en troude letter nochris mei Matthea Maria Anna Jacoba Story van Blokland.
- Balthasar Theodorus van Heemstra (1809-1878), abbekaat en ûntfanger. Hy troude mei Anna Catharina Louisa Hillegonda van Cammingha. Hy wie ek eigener fan de Skierstins.
- Frans Julius Johan fan Heemstra (1811-1878), lêste grytman fan Raarderhim en lid fan de Twadde Keamer. Hy wie troud mei Henriette Philippine Jacoba van Pallandt.
- Simeon Petrus van Heemstra (1815-1896), abbekaat. Hy troude mei Sophia Adriana Johanna Fabricius.
- Wiskje van Heemstra (1825-1863), troude mei Albert Lourens Cornelis Fabricius en troude fannijs mei Evert Joost Lewe van Aduard.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|